Springe nei ynhâld

Police Academy 2: Their First Assignment

Ut Wikipedy
Police Academy 2:
Their First Assignment
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Jerry Paris
produsint Paul Maslansky
Leonard Croll
senario Barry W. Blaustein
David Sheffield
kamerarezjy James Crabe
muzyk Robert Folk
filmstudio The Ladd Company
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Steve Guttenberg
Art Metrano
Howard Hesseman
byrollen Peter Van Norden
David Graf
Bubba Smith
Michael Winslow
Marion Ramsey
Bruce Mahler
Colleen Camp
George Gaynes
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 maart 1985
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 87 minuten
budget en resultaten
budget $7,5 miljoen
opbringst $115,0 miljoen
filmsearje
filmsearje Police Academy
● foarich diel Police Academy
● folgjend diel Police Academy 3: Back in
   Training

Police Academy 2: Their First Assignment is in Amerikaanske komeedzjefilm út 1985 ûnder rezjy fan Jerry Paris, mei yn 'e haadrollen Steve Guttenburg, Art Metrano en Howard Hesseman. De titel betsjut "Plysjeskoalle 2: Harren Earste Opdracht". De film is it twadde diel fan 'e Police Academy-filmsearje, en folget as sadanich op Police Academy, út 1984. It ferhaal giet oer in groep eksintrike plysjes dy't krekt fan 'e plysjeskoalle komme as se yn 'e minste buert fan 'e stêd oan it wurk set wurde. Police Academy 2: Their First Assignment is it iennichste diel fan 'e Police Academy-rige wêryn't Leslie Easterbrook (yn 'e rol fan 'e boarstige brigadier Debbie Callahan) ûntbrekt. De film krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel út deselde searje, Police Academy 3: Back in Training, kaam út yn 1986.

Kommissaris Henry J. Hurst reizget ôf nei it plysjeburo fan it 16e Distrikt, dêr't er haadynspekteur Pete Lassard de mantel út feecht om't syn distrikt it minste prestearret fan 'e hiele stêd. Dat komt fierhinne om't de buert teheistere wurdt troch in binde dy't 'The Scullions' hjit en oanfierd wurdt troch de yrritante en ynfantile Zed McGlunk. Lassard leit tsjin 'e beskrobbing troch Hurst yn dat er fanwegen besunigings dy't dyselde Hurst trochfierd hat, oer fierstente min mankrêft beskikt. De kommissaris jout him noch ien kâns: Lassard mei seis nije plysjes oannimme, mar as it dan mei de buert binnen in moanne net oanmerklik opbettere is, fljocht er derút. Ear't Hurst it plysjeburo ferlit, wurdt er oansprutsen troch ynspekteur Ernie Mauser, de ambisjeuze ûnderbefelhawwer fan Lassard. De kommissaris ûnthjit him dat er Lassard syn funksje oernimme mei as it Lassard net slagget om syn distrikt op oarder te krijen. Mauser nimt dat oan foar in útnûging om Lassard syn krewearjen te sabotearjen, sadat er promoasje meitsje kin. Hy belûkt de ûnnoazele brigadier Carl Proctor by plannen.

Underwilens skillet haadynspekteur Lassard syn broer Eric op, dy't kommandant is fan 'e pleatslike plysjeskoalle. Hy freget him om syn seis bêste, krekt ôfstudearre plysjes te stjoeren. Sa komme de grapmakker Carey Mahoney, de elts lûd imitearjende Larvell Jones, de troch fjoerwapens obsedearre Eugene Tackleberry, de reuseftige Moses Hightower, de knoffelige Douglas Fackler en de flústerjende Laverne Hooks yn it 16e Distrikt te wurkjen. Om jonge enerzjy mei âlde kennis te kombinearjen wurde Mahoney, Fackler, Jones en Tackleberry oan plysjes keppele dy't dêr al langer wurkje. Fackler moat gearwurkje mei de âlde plysje Dooley, dy't al like ûnoplettend is as hysels. Mahoney kriget de grouwe Vinnie Schtulman as partner, dy't net wit wat hygiêne is. En Tackleberry wurdt motorplysje, en moat op en út mei de froulike motorplysje Kathleen Kirkland, dy't al likefolle fan fjoerwapens hâldt as hysels en op wa't er al rillegau smoarfereale rekket. Hightower moat geandefoets op patrûlje, wylst de lytse Hooks, dy't fuort al botst mei Mauser, op it plysjeburo as in feredele tillefoniste ynset wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Mei knoffelige help fan Proctor besiket Mauser allegeduerigen om 'e aksjes fan 'e nije plysjes te ûndermynjen, wêrby't er yn it bysûnder Mahoney as doelwyt útkiest, mei't er in grouwéligen hekel hat oan grapmakkers. Los fan Mauser syn sabotaazje meitsje de nijynkommelingen yn 't earstoan lykwols ek net folle klear. As Mahoney en Schtulman op patrûlje tsjûge binne fan in oerfal fan 'e lampewinkel fan 'e skrikfallige pleatslike ûndernimmer Sweetchuck, wachtsje se sa lang mei yngripen dat de oerfallers al troch de efterdoar ûntkommen binne. As se de winkel binnenfalle, reitsje se by fersin yn in sjitpartij mei Fackler behelle, dy't der troch de efterdoar yn kommen is. Tackleberry en Kirkland komme op it lûd fan 'e skotten ôf en sjitte mei in mitrailleur de hiele winkel oan grôt, wat ta in kostepost fan tsientûzenen dollars foar de plysje liedt. Mauser wol alle belutsenen fuortendaliks op non-aktyf stelle, mar Mahoney, dy't Lassard mei wurden wol oer kin, bepraat de haadynspekteur om harren in nije kâns te jaan.

Mauser, dy't as wachtkommandant op it plysjeburo de taken ferdielt, nimt wraak op Mahoney troch him en Schtulman yn in tunnel te stasjonearjen, dêr't se suver stikke fan alle útlaatgassen, wylst se oan 'e ein fan 'e dei oerdutsen mei ruot op it plysjeburo weromkeare. Mauser fynt dat hilarysk, mar as er ûnder de dûs giet, ferfangt Mahoney syn shampoo troch de yndustriële lym dêr't Tackleberry in skuorke yn syn motorplysjehelm mei reparearret. Dêrtroch limet Mauser sûnder euvelmoed syn hannen oan syn hier fêst. Se moatte losknipt wurde troch Proctor, wêrnei't Mauser in skoft mei in prúk op omrint.

As haadynspekteur Lassard guon fan 'e leden fan Zed syn binde yn in sydstrjitte gewaar wurdt, giet er der op eigen manneboet efter oan, mar it blykt in mûklaach te wêzen. Hy wurdt oermastere en keart oerdutsen mei graffity werom op it plysjeburo. Dy persoanlike fernedering oertsjûget him derfan dat "alle mooglike middels" ynset wurde moatte om The Scullions oan te pakken. As ûndernimmer Sweetchuck op 'e strjitte troch bindeleden oanholden wurdt, mar ûntkomt troch de Blue Oyster Bar, in homobar, yn te flechtsjen, kringe de bindeleden dêr ek binnen. Se krije it lykwols oan 'e stôk mei de poatige, yn lear klaaide homo's dêre en der brekt algemiene slaanderij út. Hightower giet deryn en komt neitiid mei bewusteleaze bindeleden nei bûten ta, dy't troch Mahoney en Schtulman ôffierd wurde nei it plysjeburo. Dy foarútgong wurdt lykwols weromdraaid as Mauser fêststelt dat der by de arrestaasje oerdiedich geweld brûkt is en dat de bindeleden dêrom wer frijlitten wurde moatte. Op dat punt kriget Mahoney foar it ferstân wêr't Mauser mei dwaande is. Oan 'e grouwe ferpleechster dy't op it buro delkommen is foar it dwaan fan in rektale fisitaasje fertelt er dêrom dat Mauser dejinge is dy't dy proseduere ûndergean moat.

Underwilens freget Tackleberry, nei't er advys ynwûn hat by Mahoney, Kirkland mei op in ôfspraakje. As er har oan 'e ein fan 'e jûn wer thúsbringt, nûget se him deryn, wêrnei't se tegearre op bêd bedarje nei't se in grut tal ferburgen fjoerwapens byinoar ûnder de klean wei helle hawwe. Underwilens sit haadynspekteur Lassard mei de hannen yn it hier en wit net mear wat er moat. Neat dat er besiket, helpt om 'e oarder yn syn buert werom te bringen en as gefolch fan it ûnbekwaam optreden fan 'e plysje is ek de bân mei de gewoane buertbewenners yn 'e knipe kommen. As se inoar treffe yn in Japansk restaurant riedt syn broer Eric him oan om merke te organisearjen foar de buert, om 'e goede wil fan 'e pleatslike befolking op dy manear werom te winnen. Dat liket Pete Lassard in skoander idee ta, mar de merke wurdt bedoarn as Zed en syn binde de boel yn 'e bulten jeie. De deis dêrnei ferliest Lassard syn baan en kriget Mauser promoasje ta haadynspekteur. Syn earste die yn dy nije funksje is om Mahoney op non-aktyf te stellen, en as Schtulman him solidêr ferklearret mei syn partner, treft him itselde lot.

Neitiid betinke Mahoney, Schtulman en Lassard mei syn trijen in lêste wanhoopsplan om mei The Scullions ôf te weven. Om't foar de plysje ûndúdlik is wa't de lieder fan 'e binde is of wêr't de bindeleden har beskûl hâlde, ynfiltrearret Mahoney de binde by in undercoveroperaasje yn 'e momkape fan 'Jughead', in earder lid fan in binde dy't 'The Archies' hjit. Hy ûndekt dat it haadkertier fan 'e binde it beareferbliuw is yn 'e leechsteande âlde dieretún. By gebrek oan better is Mahoney lykwols fan in goedkeap mikrofoantsje foarsjoen dat Schtulman yn in boartersguodwinkel kocht hat. Dat hat it neidiel dat it a) fiersten te grut is en b) net goed funksjonearret. De bindeleden krije dan ek al rillegau foar it ferstân dat er in plysjeman is. Hy wurdt troch Zed yn gizeling nommen en Lassard ropt alle plysjes op om harren te help te kommen. As Hooks dat berjocht oer de plysjeradio trochjaan wol, sil Proctor har tsjinhâlde, mar Hooks slacht him del en docht dan har eigen sin.

By de dieretún besiket Mauser it near op 'e operaasje te lizzen, mar as Lassard him negearret, beslút er ynstee de lieding oer te nimmen. De knoffelige Fackler stompt him lykwols krekt op it ferkearde stuit oan, sadat er troch in fentilaasjekanaal it beareferbliuw yn trûdelet en middenmank de bindeleden ûnderstboppest oan in tou komt te hingjen. Under lieding fan Lassard falle Schtulman, Hightower, Jones, Tackleberry, Kirkland en Hooks it beareferbliuw binne en pakke de bindeleden op. Zed besiket mei Mahoney as gizelder te ûntkommen, mar Lassard keart him op en Mahoney triuwt him by in trep del, wêrnei't er ûnderoan opwachte wurdt troch Hooks, dy't him arrestearret. Nei dy slagge aksje kriget Lassard syn âlde post as haadynspekteur fan it 16e Distrikt werom, wylst Mauser, by wize fan bestraffing foar it feit dat er de ynfal yn it beareferbliuw suver bedoar, yn rang weromset wurdt nei ynspekteur.

De film einiget mei de brulloft fan Tackleberry en Kirkland, dy't tusken in hage fan harren freonen en kollega's troch rinne om dan op houliksreis ôf te setten yn in monstertruck.

Steve Guttenberg yn 2013.
Howard Hesseman yn 2014.
Bubba Smith yn 2009.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
plysje Carey Mahoney Steve Guttenberg
ynspekteur Ernie Mauser Art Metrano
haadynspekteur Pete Lassard Howard Hesseman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
plysje Vinnie Schtulman Peter Van Norden
plysje Eugene Tackleberry David Graf
plysje Moses Hightower Bubba Smith
plysje Larvell Jones Michael Winslow
plysje Laverne Hooks Marion Ramsey
plysje Douglas Fackler Bruce Mahler
brigadier Kathleen Kirkland Colleen Camp
kommandant Eric Lassard George Gaynes
Zed McGlunk Bobcat Goldthwait
Carl Sweetchuck Tim Kazurinsky
brigadier Carl Proctor Lance Kinsey
plysje Dooley Ed Herlihy
kommissaris Henry J. Hurst George R. Robertson
Mojo Christopher Jackson
Flacko Church Ortiz
Chloe Julie Brown
heit Kirkland Arthur Batanides
mem Kirkland Jackie Joseph
Bud Kirkland Andrew Paris
de boargemaster Jennifer Darling
mem yn auto Lucy Lee Flippin
Brian Jason Hervey
grouwe ferpleechster Diana Bellamy
skoaier Rich Hall

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Police Academy 2: Their First Assignment waard regissearre troch Jerry Paris. Dyselde ferfong in pear wiken nei it begjin fan 'e opnamen de oarspronklike regisseur, Hugh Wilson, doe't dy ûnoerkombere mieningsferskillen krigen hie mei filmprodusint Paul Maslansky. Paris wurke nei in senario fan Barry W. Blaustein en David Sheffield. As produsinten wiene Maslansky en Leonard Croll by it projekt belutsen foar de filmstudio The Ladd Company. Foar de film wie in budget beskikber fan $7,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan James Crabe, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Robert Folk. De opnamen fûnen plak yn Los Angeles, dêr't de âlde Griffith Park Zoo ynset waard as dekôr foar de ynfal yn it haadkertier fan The Scullions.

De distribúsje fan Police Academy 2: Their First Assignment waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 29 maart 1985 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.

Fan 'e filmkritisy krige Police Academy 2: Their First Assignment oer it algemien negative resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat de film in sterk ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 31%, basearre op 16 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Police Academy 2: Their First Assignment in goedkarringspersintaazje fan 39%, basearre op 8 resinsjes.

Police Academy 2: Their First Assignment brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $55,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $59,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $115,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7,5 miljoen betsjut dat in winst fan $107,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nei ôflûken dêrfan bleau der yn totaal in skjinne winst fan $20,5 miljoen oer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Police Academy (filmsearje)
Police Academy (1984) • Police Academy 2: Their First Assignment (1985) • Police Academy 3: Back in Training (1986) • Police Academy 4: Citizens on Patrol (1987) • Police Academy 5: Assignment Miami Beach (1988) • Police Academy 6: City under Siege (1989) • Police Academy: Mission to Moscow (1994)