Springe nei ynhâld

Poalgrûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
poalgrûniikhoarntsje

In poalgrûniikhoarntsje makket in poddestoel lytsman.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai langsturtgrûniikhoarntsjes
   (Urocitellus)
soarte
Urocitellus parryii
Richardson, 1825
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It poalgrûniikhoarntsje (wittenskiplike namme: Urocitellus parryii), ek wol it Arktysk grûniikhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e langsturtgrûniikhoarntsjes (Urocitellus). It is in deidier dat lânseigen is yn Alaska, it hege noardwesten fan Kanada en it uterste noardeasten fan Sibearje. It poalgrûniikhoarntsje is in omnivoare bewenner fan 'e toendra, dy't libbet yn ûndjippe hoalen op plakken dêr't de permafrost de oanlis fan sokke wenten talit. Fan augustus oant april is er yn wintersliep. Yn it Inûktitût, de taal fan 'e Inûyt, wurdt it poalgrûniikhoarntsje in ᓯᒃᓯᒃ (siksik) neamd, in klankneibearing nei it lûd dat er makket. Yn Alaska, benammen op 'e Aleoeten, sprekt men fan 'e parka squirrel ("parka-iikhoarntsje"), nei alle gedachten om't de pels fan it bist sa gaadlik is foar it meitsjen fan 'e tradisjonele parka-jassen fan 'e lânseigen befolking. De IUCN klassifisearret it poalgrûniikhoarntsje as net bedrige.

It poalgrûniikhoarntsje komt foar yn it noardwesten fan Kanada op frijwol it hiele fêstelân fan it territoarium Nûnavût. Yn it oanbuorjende territoarium fan 'e Noardwestlike Territoaria beslacht it ferspriedingsgebiet fan dit bist it noarden, easten en súdeasten, en westlik dêrfan, yn 'e Yukon, it trêde Kanadeeske territoarium, omfettet it it noarden en suden (mar net it middelste part). It poalgrûniikhoarntsje libbet ek yn 'e noardlike Rocky Mountains fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia.

Yn 'e oangrinzgjende Amerikaanske steat Alaska is it poalgrûniikhoarntsje lânseigen yn 'e Noarderbedelte tusken de kust fan 'e Beaufortsee yn it noarden en it Brooksberchtme yn it suden, en teffens op it Sewardskiereilân oan 'e westkust. Der bestiet in isolearre populaasje yn it eastlike Binnenlân fan Alaska. Oan 'e súdkust wreidet it ferspriedingsgebiet him út fan Súdlik Sintraal-Alaska oer in brede bân nei it Alaskaskiereilân yn it súdwesten ta. It poalgrûniikhoarntsje is oanwêzich op 'e Kodiakeilannen en de Shumagineilannen yn 'e Golf fan Alaska. It komt ek foar op 'e eastlike Aleoeten, dy't yn it ferlingde fan it Alaskaskiereilân lizze, en teffens op it eilân St. Lawrence yn 'e noardlike Beringsee.

Twa poalgrûniikhoarntsjes op 'e Kanadeeske toendra, by Kugluktuk yn Nûnavût.

Yn it Russyske Fiere Easten fan Sibearje komt it poalgrûniikhoarntsje foar op it Tsjûkotkaskiereilân en de oangrinzgjende dielen fan it noardeastlike fêstelân. Ek it grutte Kamtsjatkaskiereilân heart yn syn gehiel ta ta it ferspriedingsgebiet fan dit bist. De súdwestgrins fan it areaal fan it poalgrûniikhoarntsje leit yn Sibearje yn it Tsjerskiberchtme en it Kolymaberchtme benoarden de kust fan 'e See fan Ochotsk en de Baai fan Sjelichov. Fierder noardlik folget de westgrins fan 'e oaniensletten fersprieding rûchwei it streamgebiet fan 'e rivier de Kolyma oant dy útmûnet yn 'e Eastsibearyske See (in rânesee fan 'e Noardlike Iissee). Noch fierder westlik libje op it grûngebiet fan 'e Russyske dielrepublyk Sacha, eastlik fan it streamgebiet fan 'e Lena, noch in trijetal isolearre populaasjes yn it noardlike Tsjerskiberchte en it Berchtme fan Verchojansk.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It poalgrûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 21,6–24,7 sm, mei in sturtlingte fan 11,6–24,8 sm en in gewicht fan 750 g. Dêrby moat lykwols oantekene dat de mantsjes oer it algemien nommen sa'n 100 g swierder binne as de wyfkes. Boppedat makket dit bist drastyske, seizoensbûne skommelings yn gewicht troch: oan it begjin fan 'e winter is er folle swierder en oan 'e ein fan 'e winter is er folle lichter.

De pels fan it poalgrûniikhoarntsje is bêzje mei brún fan kleur. Op 'e rêch is er spikkelbûnt mei wite plakken troch it brún en bêzje hinne. De snút is frij plat, de earkes lyts, en de eagen hawwe in wite râne rûnom. De sturt is ek bêzje mei brún, mar dûnkerder as it lichem. De simmerpels hat fierders reade en/of giele plakken op 'e wangen en de siden, dy't hjerstmis by it ferhierjen ferdwine. Yn 'e winterpels binne deselde plakken faak wat griiseftich fan kleur.

Poalgrûniikhoarntsjes binne bewenners fan 'e Arktyske toendra. Se komme foar yn habitats as berchskeanten, rivierdellings en oan 'e iggen fan beken, rivieren en marren. Se jouwe de foarkar oan sângrûn mei in adekwate ôfwettering. Yn it súdlikste diel fan it ferspriedingsgebiet bewennet it poalgrûniikhoarntsje drûge toendra en iepen gerslân en berchgreiden.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It poalgrûniikhoarntsje is in deidier, dat ta beskûl ûndjippe hoalen yn 'e toendra graaft op plakken dêr't de permafrost dat talit. Sa'n hoale wurdt beklaaid mei koarstmoas, blêden en hier fan 'e muskusokse (Ovibos moschatus). De hiele simmer fret it poalgrûniikhoarntsje him fol, earst om op krêften te kommen fan 'e foargeande winter en dêrnei om in fetfoarrie oan te lizzen foar de kommende winter. Tsjin 'e ein fan 'e simmer begjint er ek in itensfoarrie oan te lizzen yn syn hoale, sadat er by 't maityd, as er út wintersliep komt, wat te fretten hat oant der nije fegetaasje groeit.

In 20.000 jier âlde mummy fan in poalgrûniikhoarntsje dat ûnder de wintersliep deagien is.

It poalgrûniikhoarntsje is ien fan mar in hantsjefol soarten bisten út 'e Arktis dy't in wintersliep hâlde, yn 'e mande mei guon soarten marmotten en de lytse brune flearmûs (Myotis lucifugus). De lingte fan 'e wintersliep ferskilt by poalgrûniikhoarntsjes nei geslacht: de wyfkes geane begjin augustus al út 'e wei en komme pas ein april wer foar 't ljocht, wylst mantsjes fan ein septimber oant begjin april út 'e tiid binne. Yn 'e wintersliep kin de lichemstemperatuer fan 'e bisten omleech gean fan 37 °C oant wol –3 °C. It hert kloppet dan noch mar ienris yn 'e minút. It is noch altyd net alhiel dúdlik wêrom't it bloed fan poalgrûniikhoarntsjes ûnder sokke omstannichheden net befriest, sadat de bistkes it bestjerre. De bêste útlis dy't biologen betinke kinnen hawwe, is dat poalgrûniikhoarntsjes it fermogen hawwe om kristallisaasjekearnen, dy't nedich binne om iiskristallen te foarmjen, út harren bloed wei te suverjen. (Dat systeem wurdt op 't heden bestudearre yn 'e hope dat it helpe kin om in bettere preservearring te berikken foar minsklike organen dy't bedoeld binne foar transplantaasje.)

Poalgrûniikhoarntsjes libje net yn koloanjes, mar hawwe wol ûnderling kontakt. Se kommunisearje op sawol fokale as fysike manear. As se inoar tsjinkomme, drukke se de noazen tsjininoar oan of meitsje se op in oare wize lichaamlik kontakt. Poalgrûniikhoarntsjes warskôgje inoar foar bedrigings yn 'e foarm fan rôfdieren mei in tsik-tsik-lûd. Minsken hearre dy alaarmrop faak (om't sy ek as rôfdieren beskôge wurde), mei as gefolch dat it poalgrûniikhoarntsje yn it Inûktitût, de taal fan 'e Inûyt, oantsjut wurdt as ᓯᒃᓯᒃ (siksik). Undersyk hat útwiisd dat de bistkes ûnderskie meitsje tusken lânrôfdieren (troch de rop djippe kielklanken te jaan) en rôffûgels (troch der in mear fluitsjend lûd oan te jaan).

De peartiid falt by poalgrûniikhoarntsjes tusken mids april en mids maaie, ôfhinklik fan 'e breedtegraad dêr't se op libje (yn it suden wat earder, yn it noarden wat letter). Mantsjes befjochtsje inoar yn dy snuorje op agressive wize om it rjocht en pearje mei wyfkes. Smeten jongen hawwe faak mear as ien heit. De draachtiid duorret by it poalgrûniikhoarntsje 25 dagen, wêrnei't 5–10 keale jonge te wrâld komme dy't by de berte sa'n 10 g weagje. Dy wurde nei 6 wiken ôfwûn en groeie geandewei de fierdere simmer fluch om op 'e tiid ree te wêzen foar de oankommende wintersliep.

Poalgrûniikhoarntsjes binne omnivoaren. Wat planten oangiet, libje se benammen fan gerzen, siggen, rusken, beien, plantewoartels, planteknoppen, wylgekatsjes en sieden. Dêrnjonken frette se ek poddestuollen. Teffens steane der ynsekten op it menu, en soms beplúzje se sels ies fan deade mûseftigen, wrotmûseftigen, Amerikaanske hazzen of rindieren. Kannibalisme komt ek foar, mei't folwoeksen eksimplaren soms healwoeksen poalgrûniikhoarntsjes frette.

In poalgrûniikhoarntsje yn it Maritym Nasjonaal Faunareservaat fan Alaska.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natuerlike fijannen fan it poalgrûniikhoarntsje binne de poalfoks (Urocyon cinereoargenteus), de gewoane foks (Vulpes vulpes), de warch (Gulo gulo), de Kanadeeske lynks (Lynx canadensis), de prêrjewolf (Canis latrans), de brune bear (Ursus arctos) en ferskate soarten martereftigen en earnen.

It poalgrûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't dit bistke yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Der binne 10 (stân fan saken yn 2024) erkende ûndersoarten fan it poalgrûniikhoarntsje (Urocitellus parryii):

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.