Kolymaberchtme
Kolymaberchtme | ||
berchtme | ||
geografy | ||
diel fan | Eastsibearysk Berchlân | |
regio | Russyske Fiere Easten | |
lân | Ruslân | |
provinsje | Magadan | |
sifers | ||
oerflak | ±550.000 km² | |
lingte | 1.300 km | |
breedte | 500 km | |
heechste punt | Gora Nevskaja | |
hichte | 1.828 m | |
geology | ||
yndieling | middelberchtme | |
âldens | 600–145 miljoen jr | |
stiensoarte | granyt, gneis, laaistien, siltstien en sânstien | |
kaart | ||
De lizzing fan it Kolymaberchtme yn eastlik Sibearje. |
It Kolymaberchtme (Russysk: Колымское Нагорье, Kolymskoje Nagorje) is in berchtme yn it noardeasten fan Sibearje, benoarden de See fan Ochotsk. It leit foar it meastepart binnen de grinzen fan 'e provinsje Magadan. It Kolymaberchtme, dat ferneamd is nei de rivier de Kolyma, foarmet de wetterskieding tusken de See fan Ochotsk, dy't in rânesee fan 'e Stille Oseaan is, en it ôfwetteringsgebiet fan 'e Kolyma, dy't útmûnet yn 'e Noardlike Iissee.
Geology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kolymaberchtme is in âld ôfsliten berchtme. De âldste parten datearje út it geologysk tiidrek fan it Proterosoïkum (2.500–541 miljoen jier lyn) en lettere dielen waarden foarme yn it Perm (289–252 miljoen jier lyn), it Trias (252–201 miljoen jier lyn) en it Sjuera (201–145 miljoen jier lyn). It stiente fan it berchtme is opmakke út granyt, gneis, laaistien, siltstien en sânstien.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing en dielberchtmen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kolymaberchtme leit yn it noardeasten fan Sibearje yn it Russyske Fiere Easten, foar it meastepart binnen de grinzen fan 'e provinsje Magadan. It is in ûnderdiel fan it folle gruttere Eastsibearysk Berchlân. It Kolymaberchtme rint by de noardeastlike kust fan 'e See fan Ochotsk lâns en fral ek by de noardkust fan 'e Golf fan Sjelichov lâns, dy't diel útmakket fan 'e See fan Ochotsk. Dielberchtmen dy't ta it Kolymaberchtme rekkene wurde, binne: it Kilganmassyf, it Kedonberchtme, it Koerjinberchtme, it Konginberchtme, it Korkodonberchtme, it Majmandzjinberchtme, it Molkatyberchchtme, it Molongdinberchtme, de Oesj-Oerektsjen, it Omsûktsjanberchtme en it Olojberchtme.
Grutte en hichte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Kolymaberchtme hat yn totaal in lingte fan likernôch 1.300 km fan noardeast nei súdwest en mjit op it breedste punt sa'n 500 km fan noardwest nei súdeast. It berchme beslacht in oerflak fan nei skatting sa'n 550.000 km². Foar it meastepart bestiet it Kolymaberchtme út middelberchtme mei in hichte fan 1.000 oant 1.200 m boppe seenivo, mar oeral yn it berchtme komme wol bergen foar mei in hichte fan 1.500 oant 1.800 m. It heechste punt, de Gora Nevskaja, hat in hichte fan 1.828 m. It lânskip fan it Kolymaberchtme bestiet foar twatrêdepart út toendra. Yn 'e dellings tusken de berchrêgen yn groeie nullewâlden fan Sibearyske dwerchdinnen.
Begrinzgings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it westen grinzget it Kolymaberchtme oan it Heechlân fan 'e Opper-Kolyma, dat der soms troch betizing fan 'e nammen ta rekkene wurdt, mar dat eins in ûnderdiel is fan it oanswettende Tsjerskiberchtme. Yn it noardwesten giet it Kolymaberchtme oer yn it Jûkagiereplato, yn it noarden wurdt it begrinzge troch it Anjûjberchtme en yn it noardeasten buorret it oan it Anadyrplato. Yn it easten wurdt it beswetten troch de relatyf smelle Sejmtsjano-Bûjûndinskojflakte, suver in delling eins, oan 'e oare kant wêrfan't it Korjakeberchtme yn it noarden fan it Kamtsjatkaskiereilân opriist. Yn it súdeasten en suden rint it Kolymaberchtme fia lumige rotsmassiven frij steil ôf nei de kusten fan 'e Baai fan Sjelichov en de See fan Ochotsk.
Rivieren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste rivier dy't yn it Kolymaberchtme ûntspringt is de Omolon, in sydrivier fan 'e Kolyma, dy't noardoan streamt en mei de Kolyma gearfloeit yn it leechlân oan 'e Noardsibearyske kust benoarden it Jûkagiereplato. De Kolyma sels ûntspringt net yn it Kolymaberchtme, mar yn it Heechlân fan 'e Opper-Kolyma, dat ta it oangrinzgjende Tsjerskiberchtme heart. Lykwols is de Kolyma wol de grutste rivier dy't troch it Kolymaberchtme hinne streamt. Oare rjochtersydrivieren fan 'e Kolyma dy't yn it Kolymaberchtme ûntspringe, binne de Baktsjaptsja, de Bûjûnda, de Balygytsjan, de Sûgoj en de Korkodon. De Oloj en de Kedon binne de wichtichste sydstreamen fan 'e Omolon. De Bûlûn is de wichtichste sydrivier fan 'e Korkodon. Rivieren dy't by de súdkant fan it Kolymaberchtme delstreame nei de See fan Ochotsk binne folle koarter en lytser. De wichtichsten binne de Ola, de Jama, de Gizjiga, de Paren en de Penzjina.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|