Seward-skiereilân
Seward-skiereilân | ||
It Seward-skiereilân (read) yn Alaska. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | skiereilân | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
borough | Unorganized Borough Northwest Arctic Borough | |
haadplak | gjint | |
grutste plak | Nome | |
sifers | ||
ynwennertal | 6.429 (2005) | |
oerflak | 25.500 km² | |
befolkingstichtens | 0,3 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –9 | |
simmertiid | UTC –8 |
It Seward-skiereilân (Ingelsk: Seward Peninsula) is in grut skiereilân oan 'e westlike kust fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It moat net betize wurde mei de stêd Seward, dy't oan 'e súdkust fan Alaska op it Kenai-skiereilân leit. Beide binne ferneamd nei William H. Seward, de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken, dy't yn 1867 de Oankeap fan Alaska fan Ruslân beävensearre. It Seward-skiereilân is in restant fan 'e Beringlânbrêge, dy't Noard-Amearika yn it Pleistoseen mei Aazje ferbûn. It skiereilân is hjoed de dei tinbefolke en heart ta it wengebiet fan 'e Injûpiat, ien fan 'e Eskimofolken.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Seward-skiereilân is in skiereilân oan 'e westlik kust fan Alaska, krekt ûnder de poalsirkel, dat likernôch 320 km útstiket yn 'e see. Rjocht bewesten it skiereilân leit de Beringstrjitte, dy't de skieding foarmet tusken de Beringsee yn it suden, dy't ta de Stille Oseaan rekkene wurdt, en de Tsjûktsjensee yn it noarden, dy't in ûnderdiel is fan 'e Noardlike Iissee. Midden yn 'e Beringstrjitte lizze de Diomedeseilannen. Oare kant de seestrjitte leit it Sibearyske Tsjûkotka-skiereilân, dat ûnderdiel útmakket fan Ruslân. De westlikste punt fan it Seward-skiereilân, Kaap Prince of Wales, leit mar 82 km ôf fan Kaap Dezjnjov, de uterste eastpunt fan it Tsjûkotka-skiereilân. De see-earm fan 'e Tsjûktsjensee oan 'e noardkant fan it Seward-skiereilân is de Kotzebue Sound. Oan 'e oan 'e súdkant wurdt it skiereilân begrinzge troch de Norton Sound, in grutte baai fan 'e Beringsee. It Seward-skiereilân hat in oerflak fan rûchwei 25.500 km². It mjit 330 km fan east nei west en 145 oant 225 km fan noard nei súd.
It noardwestlik diel fan it Seward-skiereilân bestiet fierhinne út flakke, sompige toendra mei permafrost. De rest fan it gebiet is bercheftich, fral de súdlike helte, dêr't it Kigluaik-berchtme (foarhinne bekend as it Sawtooth-berchtme), it Bendeleben-berchtme, it Darby-berchtme en it York-berchtme oprize. It heechste punt fan it skiereilân is de top fan 'e Mount Osborn, op in hichte fan 1.437 m, yn it Kigluaik-berchtme. Alle berchtmen binne fulkanysk, mei't it Seward-skiereilân diel útmakket fan 'e fulkanyske Ring fan Fjoer om 'e Stille Oseaan hinne. In oar opmerklik lânskipselemint is de Lost Jim Lava Flow, in lavafjild dat 1.000 oant 2.000 jier lyn foarme wêze moat en in oerflak fan 228 km² beslacht. It Seward-skiereilân is fierders besprinzge mei waarmwetterboarnen.
De grutste rivieren op it skiereilân binne de Koyuk, Kuzitrin, Niukluk, Kiwalik, Buckland en Fiskrivier. Der is in basis fan 'e Amerikaanske Kustwacht te Port Clarence, en de Amerikaanske Loftmacht ûnderhâldt in radarstasjon dat bekendstiet as de Tin City 11 km besuden it doarp Wales, dat op Kaap Prince of Wales leit. In grut diel fan it noarden fan it Seward-skiereilân foarmet it Nasjonaal Wyldreservaat De Beringlânbrêge, dat ûnder behear stiet fan 'e National Park Service.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Men ornearret dat it Seward-skiereilân in restant is fan 'e Beringlânbrêge, dy't yn 'e iistiid fan it Pleistoseen, doe't it seenivo folle leger wie om't in protte oerflaktewetter yn reuseftige gletsjers fêstsiet, in lânferbining foarme tusken Noard-Amearika en Aazje. It Russyske Tsjûkotka-skiereilân, oan 'e oare kant fan 'e Beringstrjitte, en it grutte eilân St. Lawrence, súdlik fan 'e Beringstrjitte, binne oare restanten fan 'e Beringlânbrêge. Dy lânbrêge makke yn 'e prehistoarje de migraasje fan minsken (de Yndianen en letter de Eskimo's), mar ek fan plante- en bistesoarten fan Aazje nei Noard-Amearika mooglik.
Nei't de earste Russyske ekspedysje ûnder lieding fan 'e Deenske ûntdekkingsreizger Vitus Bering yn 1728 Alaska ûntdutsen hie, kaam it Seward-skiereilân ta Russysk-Amearika te hearren. Yn 1867 waard it troch de Oankeap fan Alaska ûnderdiel fan 'e Feriene Steaten. It Seward-skiereilân waard neitiid ferneamd nei de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken dy't de oankeap bewurkmastere: William H. Seward. Under de Kâlde Oarloch lei it Seward-skiereilân oan 'e frontliny trochdat de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny yn 'e Beringstrjitte oaninoar grinzgen.
Yn 'e tweintichste iuw wie de rindierhoederij yn Alaska konsintrearre op it Seward-skiereilân sûnt yn 1892 de earste domestisearre rindieren ymportearre waarden út eastlik Sibearje. Men miende dat men de keppels domestisearre rindieren en de migrearjende lânseigen wylde rindieren (of kariboes) fan Alaska útinoar hâlde koe fanwegen de geografy fan it Seward-skiereilân. Dat gie mear as hûndert jier goed, mar yn 1997 joegen de domestisearre keppels har by de Westlike Arktyske Kariboekeppel, doe't dy op syn simmertrek troch it skiereilân kaam, en ferdwûnen om nea wer weromsjoen te wurden.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It noardeasten fan it Seward-skiereilân heart ta de Northwest Arctic Borough, in borough (distrikt) fan 'e steat Alaska. It grutste part fan it skiereilân heart lykwols ta it Folkstellingsgebiet Nome fan 'e Unorganized Borough. De Unorganized Borough is grut diel fan 'e steat dat net by in distrikt yndield is en dêrom streekrjocht troch it steatsregear bestjoerd wurdt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens in rûzing fan 'e oerheid fan Alaska op basis fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000, hie it Seward-skiereilân yn 2005 6.429 ynwenners. Dêrfan wennen mear as 3.500 yn 'e stêd Nome, oan 'e súdwestkust. Yn grutte it twadde plak wie Shishmaref, oan 'e noardwestkust. De befolkingstichtens fan it hiele skiereilân bedraacht likernôch 0,3 persoanen de km².
Oare plakken op it Seward-skiereilân, mei minder as 500 ynwenners, binne yn folchoarder fan ôfrinnende grutte: Buckland, Koyuk, Brevig Mission, Elim, Teller, White Mountain, Wales, Golovin en Deering. Fierders binne der noch de mynbouplakken Candle, Council, Haycock, Solomon en Taylor, mar hoewol't dy noch wol besocht wurde troch lju út oanbuorjende mienskippen, hawwe se gjin permaninte bewenners mear.
De bewenners fan it Seward-skiereilân binne foar fierwei it meastepart etnyske Injûpiat (Iñupiat, ek Inupiaq neamd). Dy hearre ta de folkekloft fan 'e Eskimo's en binne de westlikste groep Inûyt (Inuit). Súdlik en westlik fan harren, yn súdwestlik en súdlik Alaska en yn eastlik Sibearje wenje de Jûpik (Yup’ik), in oar Eskimofolk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|