St. Lawrence (eilân)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
St. Lawrence
De lokaasje fan St. Lawrence (read) yn Alaska.
De lokaasje fan St. Lawrence (read) yn Alaska.
sifers
soarte gebiet eilân
ynwennertal 1.352 (2010)
oerflak 4.640,1 km²
befolkingstichtens 0,3 / km²
polityk
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Alaska.svg Alaska
borough Gjin Flagge (Bekend).PNG Unorganized Borough
haadplak gjint
grutste plak Gambell / Savoonga
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid UTC –9
koördinaten 63°21′44″ N 170°16′02″ W

St. Lawrence (útspr.: [se:nt 'lɔ:ɹəns], likernôch: "seent -runs"; Ingelsk: St. Lawrence Island; Middensibearysk Jûpik: Sivuqaq; Russysk: Остров Святого Лаврентия, Ostrov Svjatogo Lavrentija) is in fulkanysk eilân yn 'e Amerikaanske steat Alaska, dat westlik fan it fêstelân yn 'e Beringsee leit, in eintsje besuden de Beringstrjitte. It eilân leit tichter by Aazje as by Noard-Amearika: de noardein fan St. Lawrence leit op 58 km ôfstân fan it fêstelân fan it Tsjûkotka-skiereilân, dat ta de Russyske Federaasje heart. Geologen binne fan tinken dat St. Lawrence ien fan 'e lêste boppe see útstekkende dielen is fan 'e Beringlânbrêge, dy't yn it Pleistoseen Aazje en Noard-Amearika mei-inoar ferbûn. It is it op fiif nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten en it op 112 nei grutste eilân fan 'e wrâld. De oarspronklike bewenners fan St. Lawrence binne de Middensibearyske Jûpik, in Eskimofolk.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Lawrence leit yn 'e Beringsee, westlik fan it fêstelân fan Alaska en in eintsje súdlik fan 'e Beringstrjitte. De ôfstân nei it Seward-skiereilân, it neiste punt oan 'e westkust fan Alaska, bedraacht sa'n 185 km. Dat is folle fierder as de ôfstân nei it Tsjûkotka-skiereilân yn eastlik Sibearje, dat ûnderdiel útmakket fan Ruslân; dy ôfstân is mar 58 km. St. Lawrence hat in oerflak fan 4.640,1 km², en is dêrmei it op fiif nei grutste eilân fan 'e Feriene Steaten. It mjit sa'n 140 km fan east nei west en sa'n 35 km fan noard nei súd. It heechste punt is de heuvel Atuk Mountain, mei in hichte fan 630 m boppe seenivo.

Op St. Lawrence lizze twa doarpen: Gambell, by de noardwestkaap, en Savoonga, oan 'e noardkust yn 'e midden fan it eilân. It lân fan St. Lawrence bestiet út rotseftich terrein en toendra. Op it eilân komme gjin beammen foar, en de iennichste houtige plant is de poalwylch, dy't net heger wurdt as 30 sm. Der libbet lykwols in oerfloed oan seefûgels en seesûchdieren, fanwegen de ynfloed fan 'e Anadyrstream, in seestreaming dy't kâld, fiedingryk wetter oanfierd dêr't in protte fisk op ôfkomt.

In lânkaart fan St. Lawrence.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste minsken dy't har op St. Lawrence nei wenjen setten, arrivearren 2.000 oant 2.500 jier lyn. Dy ierste bewenners waarden karakterisearre trochdat se harren gebrûkfoarwerpen fersierden yn 'e Okvik-styl, dy't soömorfysk en ferfine is, yn in (soms rouwe) graveartechnyk, mei in gruttere fariaasje as dat de Aldbering- en Punukstilen sjen litte. By argeologyske opgravings troch wittenskippers fan 'e Universiteit fan Alaska Fairbanks (UAF) op 'e Punukeilannen, fuort beëasten St. Lawrence, en te Kukulik, by Savoonga, en op 'e heuvelskeanten boppe Gambell, binne Okvik-artefakten opdobbe. De Okvik-bewenning fan St. Lawrence duorre oant omtrint 1300 (n.Kr.), en bestie mooglik njonken de de Aldbering-beskaving yn 'e rest fan 'e krite fan 'e Beringsee.

Prehistoaryske en iere histoaryske bewenning fan St. Lawrence wie net permanint, en waard ôfwiksele troch perioaden dat it eilân ferlitten wie. Besetting, ferlitting en werkolonisaasje waarden bepaald troch de beskikberens fan iten yn 'e foarm fan fisk en seesûchdieren en troch feroarings yn waarpatroanen. Hongersneed kaam geregeldwei foar, sa't blykt út 'e oanwêzigens fan harrislinen en glazuerhypoplasy yn 'e opgroeven minsklike skeletten út dy tiid. Reizen nei it fêstelân fan sawol Sibearje as Alaska wie by kalm waar hiel gewoan, en St. Lawrence waard sadwaande faak brûkt as jachtkamp.

St. Lawrence waard foar it earst besocht troch Jeropeänen doe't de Deenske ûntdekkingsreizger yn Russyske tsjinst Vitus Bering it eilân yn 1728 oandie ûnder syn earste ekspedysje nei eastlik Sibearje. Dat besyk foel op 10 augustus, de hjeldei fan 'e hillige Laurinsius, en sadwaande it eilân dêrnei ferneamd. It oan lân gean fan Bering op St. Lawrence wurdt no beskôge as it earste besyk fan in Jeropeaan oan Alaska ea. It eilân hearde neitiid sa'n oardel iuw ta Russysk-Amearika.

In satellytfoto fan St. Lawrence.

Tsjin 'e tiid dat Alaska yn 1867 (troch de Oankeap fan Alaska) yn Amerikaanske hannen oergie, libben der likernôch 4.000 Jûpik (Yup’ik) op St. Lawrence, dy't ferdield wiene oer ferskate doarpen. Hja jagen op walrussen en walfisken en diene oan fiskerij. Troch de slimme hongersneed op St. Lawrence, yn 'e jierren 1878-1880, kaam in part fan 'e befolking om fan 'e honger, wylst oaren it eilân ûntflechten. Doe't St. Lawrence yn 1880 besocht waard troch fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid, troffen dy fan 'e oerbleaune 1.500 bewenners 1.000 dea oan troch ferhongering. Ferslaggen út dy tiid leine de skuld by keaplju dy't de Jûpik alkohol oansmaard hiene, mei as gefolch dat de lju fersake hiene om itensfoarrieden oan te lizzen foar de winter, sa't se normaal diene. Moderne histoarisy tinke dat it faaks mear oan in ûngeunstige feroaring yn 'e waarpratroanen lei.

Yn 1900 waarden op St. Lawrence rindieren yntrodusearre om te besykjen en fiterje de ekonomy wat oan. Tsjin 1917 wiene de rindierkeppels oanwoeksen ta 10.000 bisten, mar sûnt is it oantal sterk belune. Nettsjinsteande dat soarget de rindierhoederij oant hjoed de dei ta foar in boarne fan fleis om yn krappe tiden op werom te fallen. Presidint Theodore Roosevelt rjochte yn 1903 op it eilân in reservaat foar de rindieren op. Dat wie goed bedoeld, mar smiet letter ûnfoarsjoene wetlike swierrichheden op foar de eilânbewenners doe't dy nei 1971 besochten om ûnder kêst 19 fan 'e Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) de rjochten op 'e grûn en op 'e ûndergrûnske dylchstoffen fan St. Lawrence te bemachtigjen. Se moasten doe sjen te bewizen dat it reservaat oprjochte wie om 'e lânseigen befolking te ûnderstypjen ynstee fan 'e rindieren te beskermjen.

Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne in diel fan 'e bewenners fan St. Lawrence yn 'e Territoriale Garde fan Alaska (ATG). Nei't dy yn 1947 opheft wie, joegen in protte eilanners har by de Nasjonale Garde fan Alaska, om it eilân te beskermjen, dat doe troch syn lokaasje oan it front fan 'e Kâlde Oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny lei.

Op 22 juny 1955 fûn der yn 'e loft boppe de Beringsee in sjitynsidint plak tusken in P2V Neptune fan 'e Amerikaanske Marine en twa strieljagers fan 'e Sovjet-Uny. Neffens de Amerikaanske lêzing waard it Amerikaanske tastel sûnder reden troch de Russen oanfallen en loste de Neptune sels gjin skotten; neffens de Sovjet-lêzing wie it Amerikaanske tastel it loftrom fan 'e Sovjet-Uny binnenkrongen en waard der fan twa kanten sketten. Yn elts gefal stoarte de Neptune, dy't in bemanning fan alve koppen hie, del op 'e noardwestlike útein fan St. Lawrence, deunby it doarp Gambell. De bemanning, wêrfan't trije ferwûne wiene troch it sjitten en fjouwer troch it delstoarten, waard rêden troch de doarpsbewenners.

It eardere Loftmachtstasjon Northeast Cape op St. Lawrence.

Yn 1952 waard it Loftmachtstasjon Northeast Cape op 'e noardeastlike punt fan St. Lawrence oanlein. Dat wie in radar- en ôflústerstasjon fan 'e Amerikaanske Loftmacht, dat oant 1972 yn gebrûk bliuwe soe. Yn 'e midden fan 'e 1970-er jierren die bliken dat de Jûpik-húshâldings dy't deunby it stasjon wennen, in gruttere kâns op kanker hiene, mooglik troch bleatstelling oan PCB. Neffens de Alaskaanske oerheid hawwe de sûnensswierrichheden fan 'e lju lykwols neat mei it loftmachtstasjon te krijen. Yn 2003 waard it stasjon ôfbrutsen en opromme, in operaasje dy't $10,5 miljoen koste.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Lawrence heart ta de Unorganized Borough. De Unorganized Borough beslacht in grut diel fan 'e steat Alaska, dat net by in distrikt (borough) yndield is en dêrom streekrjocht troch it steatsregear bestjoerd wurdt.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wennen der doe op St. Lawrence 1.352 minsken. Dat wie in stiging fan 4,6% yn ferhâlding mei 2000, doe't de befolking noch 1.292 minsken omfieme. De befolkingstichtens bedroech yn 2010 op St. Lawrence 0,3 persoanen de km².

Frijwol alle bewenners binne Middensibearyske Jûpik, in etnyske groep dy't ta it bredere ferbân fan 'e Jûpik (Yup’ik) heart, dat ien fan 'e Eskimofolken is. St. Lawrence is it iennichste diel fan Noard-Amearika dêr't Middensibearyske Jûpik wenje, mei't de rest fan it folk oan 'e eastkust fan Sibearje libbet, tusken de Naukaanske Jûpik yn it noarden en de Sirenik-Jûpik yn it suden (dêrfandinne de namme "Middensibearysk", dy't dúdlik net ferwiist nei de midden fan Sibearje). De Jûpik fan St. Lawrence besteane fan fiskerij, jacht en rindierhoederij. Se steane bekend om harren feardichheid op it mêd fan it fykjen fan walrusivoar en walfiskbonken.

De bewenners fan St. Lawrence binne frij gelikens oer de beide doarpen Gambell en Savoonga ferdield. It measte lân op it eilân is troch de Alaska Native Claims Settlement Act fan 1971 yn besit kommen fan it Lânseigen Doarp Gambell en it Lânseigen Doarp Savoonga, dat federaal erkende stamme-organisaasjes binne.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Lawrence hat in poalklimaat, dat wat myld holden wurdt troch de ynfloed fan 'e omlizzende Beringsee. De simmers binne tige koel, mei yn july yn trochsneed in temperatuer oerdeis fan 10 °C. De winters binne bar kâld mei yn jannewaris in trochsneed temperatuer oerdeis fan –11 °C.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.