Springe nei ynhâld

Oerlis:St. Lawrence (eilân)

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

seent lô-runs?

[boarne bewurkje]

Wêrom hjit de man gjin "seent lâ-runs"? Ik sjoch sa gau net wêr't de keppeling nei Laurentius fan Rome stiet, mar ik soe net witte wêrom der in "o" yn sein wurde moat. Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 16 nov 2022, 15.34 (CET)[beäntwurdzje]

Dat makket dochs hielendal neat út? It is gewoan om 'e útspraak oan te jaan foar lju dy't it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet net lêze kinne, en â en ô wurde persiis itselde útsprutsen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 nov 2022, 23.03 (CET)[beäntwurdzje]
Foar lju dy't it Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet net lêze kinne makket it dochs krekt AL út. Dan wolle wy dy dochs net troch dy lûdferoaring hinne stjoere om te sjen at hja út harsels útfine dat it der net wier oars troch wurdt. Mysha (oerlis)
Mar der is hielendal gjin lûdferoaring. It is deselde klank. As minsken dat net witte, wol ik net leauwe dat se sa'n artikel op 'e Wikipedy überhaupt lêze kinne. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 nov 2022, 23.31 (CET)[beäntwurdzje]
Krekt mar dat sjocht de lêzer, dy't gjin YFA kin, net. Alteast, net oant er betinkt dat dat "Lawrence" yn it Ingelsk mei in "a" skreaun wurdt, mar dat it hjir like goed/min mei in "o" skreaun wurde koe, wat dan wer sein wurdt as "a". Is it dan net better en gean foarby oan dat paad by Dokkum om en haw it net oer "o"? Mysha (oerlis) Mysha (oerlis) 18 nov 2022, 11.25 (CET)[beäntwurdzje]
Ik krij sa stadichoan it gefoel dat wy byinoar lâns prate. It YFA is dit stikje: [se:nt 'lɔ:ɹəns]. Dat kin net oars skreaun wurde om't de lettertekens fan it YFA fêst steane. Dit stikje: "seent lô-runs", is gewoan de klank fan 'e namme útskreaun yn Fryske letters mei deselde fonetyske wearde as de Ingelske útspraak. It hiele punt oan fonetysk útskreaune wurden is dat dy dan net mear ferkeard útsprutsen wurde kinne. De ô en de â binne deselde klank yn it Frysk, dus de útspraak is itselde. Stavering hat hjir neat mei te krijen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 nov 2022, 18.20 (CET)[beäntwurdzje]