Springe nei ynhâld

Molkfabryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Molkfabriken)
Molkfabryk Huis ter Noord (Aldwâld) yn de 30-er jierren fan de 20e iuw.
Molkfabryk Freia, Nederlânsk iepenloftmuseum
Tsiisparsen yn "Freia"

Yn in molkfabryk of, mei in wat bredere beneaming, in suvelfabryk, wurdt molke fan de buorkerij ferarbeide ta suvel. In molkfabryk wurdt ek wol bûterfabryk neamd.

It molkfabryk makket ûnder oaren:

Oant likernôch 1880 ta makken de boeren sels harren bûter en tsiis op de buorkerij. Fanôf dy tiid ûntstienen de earste suvelfabriken, oprjochte troch partikuliere ûndernimmers. De boeren brochten dêr doe har molke hinne. Dat wie makliker en sa hiene de boeren sels minder wurk wylst hja likefolle jild as earder barden. Mar ûnder ynfloed fan Deenske konkurrinsje yn dy tiid, sakken de suvelprizen op de wrâldmerk en fertsjinnen de boeren hyltyd minder. De winsten dy’t noch makke waarden, bleauwen foar it grutste part by de partikuliere eigener fan it fabryk en de boeren krigen hyltyd minder ynkomsten. Dat noaske de boeren net; sy hienen it jild hurd nedich om te oerlibjen en dus ûntstienen der ein 1800 oeral plannen om as boeren sels de molke koöperatyf te ferwurkjen.

De Fryske suvelyndustry is begjin 20e iuw bot feroare troch meganisaasje, spesjalisaasje en skaalfergrutting. In protte molkfabriken binne oprjochte as koperaasjes, mei it doel foar de boeren de ôfset te fergrutsjen en de konkurrintsje fan Denemarken mei syn massale produksje fan bûter yn fabriken in slach ta te slaan. De earste fabryk fan Nederlân "Freia" (Goadin fan de maityd yn Deensk) set út ein yn 1878 yn Feanwâlden. Yn 1906 hat Fryslân al 130 suvelfabrieken. It tal koöperative fabriken dy't hast 90% fan de yn Fryslân oanfierde molke ferwurken sakke tusken 1954 en 1974 fan 77 nei 33, wylst ek de partikuliere sektor in soad fabriken fan de hân die of slute. Hjirtroch ferlearen in soad doarpen "it fabryk" dat jierrenlang it doarpsbyld bepaaalde en foar wurkgelegenheid soarge. Lang net altyd kaam der in oare aktiviteit yn de fabryksgebouwen dy't dan ek faak plat gienen. Sa bygelyks yn Aldegea-Wymbrits (KNM), Surhústerfean ( NV Feriene Suvelfabriken) en Normandia-Snits. Yn Wiuwert kaam in houtfabryk, yn Burdaard plestykyndustry yn Warkum in pottefabryk, wylst yn ûnder oare Bartlehiem, Nijegea en Nijesyl troch groeiend ferlet fan de wettersport it kompleks oan de yndustry oanpast waard. De partikuliere suvelyndustry ("de spekulaasje") moast ek fearren litte. It âldste molkfabryk yn Fryslân Molkfabryk Freia yn Feanwâlden gie yn 1970 ticht. Om syn âlde ynstallaasjes waard it oerbrocht nei it Iepenloftmuseum yn Arnhim. Normandia yn Snits, foarkommend yn Theun de Vries syn romansyklus Styfmem Ierde gie yn 1968 ticht. De Lijempf (letter Wessanen) hâlde allinnich de fêstiging yn Ljouwert, dy yn Dokkum, Warkum, Berltsum, Sleat en Wolvegea waarden yn 1955 ferkocht oan de "Condens". Dy yn Stynsgea sluet yn 1967 en dy yn Drachten gie yn 1970 oer nei de DOMO en gie koart dêrnei ticht. De fabriken fan de NV Feriene Suvelfabriken yn Eastermar en Surhústerfean ± 1965. De KNM-fêstigingen yn Boalsert, Nijegea en Aldegea binne opheft. Dy yn Snits oan de Boalserterwei en Easterlittens gienen earst noch oer nei Nestlé mar gienen letter dochs ek ticht. Ek de Hollandiafabriken yn Boalsert, Skarsterbrêge en it eardere Lankhorstfabryk yn Oasingahuzen by Heech gienen oer nei de Nestlé. Ek om de doelmjittigens te ferbetterjen binne in soad molkfabriken yn de twadde helte fan de 20e iuw fusearre, wat laat hat ta it ûntstean fan grutte suvelbedriuwen. Ein 2008 wienen der yn Nederlân noch twa suvelkoöperaasjes: Friesland Foods en Campina Melkunie. Dy binne 30 desimber 2008 fusearje ta FrieslandCampina.

Der binne ek noch in pear partikuliere molkfabriken sa as de Cono, DOC Kaas en Leerdammer.

De Dokkumer Wâlden, Ikkerwâld

Oantal molkfabriken yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1912 1955 1960 1970 1980 1995 2007
125 95 88 47 28 15 8

Sletten fabriken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sletten molkfabriken yn Fryslân (ûnfolslein):

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]