Mikadofazant
mikadofazant | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
hoanne hin | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Syrmaticus mikado | ||||||||||||
Ogilvie-Grant, 1906 | ||||||||||||
IUCN-status: gefoelich
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mikadofazant (wittenskiplike namme: Syrmaticus mikado) is in fûgel út it skift fan 'e hineftigen (Galliformes), de famylje fan 'e fazanteftigen (Phasianidae) en it skaai fan 'e langsturtfazanten (Syrmaticus). Dit bist komt inkeld foar op Taiwan, dêr't it in stânfûgel is. De namme fan 'e fûgel ferwiist nei de mikado, in oantsjutting foar de keizer fan Japan. Lykas oare fazanten lit de omnivoare mikadofazant in protte seksuele dimorfy sjen. Hoewol't Taiwan gjin offisjele fûgel hat, wurdt de mikadofazant soms as de offisjeuze fûgel beskôge, yn 'e mande mei de swinhoefazant (Lophura swinhoii) en de Taiwankitta (Urocissa caerula). De IUCN klassifisearret de mikadofazant as gefoelich.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mikadofazant waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1906, doe't biolooch William Robert Ogilvie-Grant in eksimplaar fan dizze fûgel tastjoerd krige fan 'e sammelder Walter Goodfellow. Dyselde hie it op Taiwan, doe bekend as Formoasa, kocht fan ien fan syn dragers, dy't in Taiwaneeske Aboriginal wie. Ogilvie-Grant besleat de nije fûgelsoarte de soartspesifike namme mikado te jaan, in ferwizing nei de aadlike titel mikado, in (almeast om utens brûkte) oantsjutting foar de keizer fan Japan (yn it Japansk wurdt ynstee de titel tennō brûkt). Taiwan wie ntl. fan 1895 oant 1945 in koloanje fan Japan.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferspriedingsgebiet fan 'e mikadofazant is beheind ta it berchlân fan Taiwan, it Chungyangberchtme, dat it eilân (tichter by de eastkust as by de westkust) yn 'e lingterjochting midstwa spjalt.
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hoanne fan 'e mikadofazant berikt trochinoar in totale lichemslingte fan 88 sm. Dêrfan bestiet 49–53 sm bestiet út 'e oerlange sturt, dy't eins net funksjoneel is, útsein om yndruk te meitsjen by de balts. De wjukspanne mjit by de hoannen 210–230 sm, en it gewicht bedraacht 840 g oant 1,2 kg. De hin is in stik lytser, mei in lichemslingte fan 53 sm, wêrfan't de folle koartere sturt 17–221/2 sm útmakket. De wjukspanne is by hinnen 187–215 sm, en it gewicht berint trochinoar 1 kg.
Krekt as by oare soarten fazanten binne de geslachten by de mikadofazant muoiteleas útinoar te hâlden troch de oerdúdlike seksuele dimorfy. It fearrekleed fan 'e hoanne is foar it meastepart swart mei dêroerhinne in út 'en blauwens skinende glâns, sadat it gehiel wol indigo liket. Op 'e wjukken en de sturt rinne yn 'e breedterjochting smelle wite bannen. Om 'e eagen hinne sit in keal lel dat fel read kleure is. De snaffel is gielich mei swartich fan kleur, wylst de poaten dûnkergriis binne.
De hin is foar it meastepart spikkelbûnt brún, mei in ljochtbrune grûnkleur dêr't benammen op 'e rêch dûnkerbrune en op 'e bealch fral wite plakken trochhinne sitte. De sturt hat oerdwerse bannen yn ljochtbrún, kastanjebrún en dûnkerbrún. Om 'e eagen hinne hat de hin, krekt as de hoanne, in keal lel, mar dat is lytser en folle minder fel kleure.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It biotoop fan 'e mikadofazant wurdt foarme troch berchwâlden besteande út ferskate soarten nullebeammen mei in tichte ûndergroei fan strewellen en bamboe. Ideäliter moat sok terrein ôfwiksele wurde mei iepen plakken of berchgreiden begroeid mei gerzen. Mikadofazanten libje op in hichte fan 1.600 oant 3.300 m boppe seenivo.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mikadofazanten libje solitêr of yn pearkes, en binne krepuskulêr: se komme it leafst by moarnsdage of yn 'e jûnsskimer op 'e lapen. Yn it wâld ferskûlje se har middenmank de ûndergroei en sykje se fretten op 'e wâldflier, sadat se min gewaar te wurden binne. Mar as it reind hat, sadat der dize hinget dy't harren beskûl biedt, komme se gauris foar it ljocht om op iepen plakken of greiden te foerazjearjen. Hoewol't se oer it algemien tige wach binne, duldzje se de oanwêzigens fan minsken faak, benammen op plakken dêr't se troch minsken fuorre wurde. Yn sokke gefallen kinne se fan hiel tichteby waarnommen wurde. De optimale tiid dêrfoar is moarns tusken 5 en 6 oere en jûns tusken 6 en 7 oere.
As se fersteurd wurde, sykje mikadofazanten stadich en hoeden in skûlplak yn 'e omjaande fegetaasje, ynstee fan dat se yn panyk fuortfladderje. Mikadofazanten hâlde nei't it skynt net fan fleanen, en inkeld by hege need dogge se dat koarte eintsjes, en dan noch inkeld berchôf.
De hoanne ûnderhâldt in territorium mei in diameter fan 200–400 m. Beide geslachten bringe ûnder it foerazjearjen sêfte, klokkende lûden fuort. Wannear't se om in hin of in territoarium fjochtsje, uterje de hoannen in lûder kê-kê-kê. By de balts flappe sawol de hoannen as de hinnen mei de wjukken, mar inkeld de hoannen fiere in sydlings drafke op wêrby't alle fearren opset binne en de sturt yn 'e waaier stiet.
De peartiid falt foar de mikadofazant fan maart oant juny. Nei de pearing hat de hoanne fierders neat mear mei de fuortplanting út te stean. De hin leit op in beskut plak yn in holle beam of tusken rotsen in nêst oan, dat bestiet út in dobke yn 'e grûn beklaaid mei drûch gers, fallen blêden, prikjeguod en fearren. It lechsel bestiet út 3–8 krêmkleurige aaien, dy't útkomme nei in briedtiid fan 26–28 dagen. De piken binne nêstflechters, dy't binnen inkele oeren nei't se út it aai kommen binne, it nêst al ferlitte. Se wurde net fuorre troch de hin, mar ynstee mei op sleeptou nommen nei plakken dêr't se harsels fuorje kinne ûnder tafersjoch fan 'e mem. Mei in healjier binne de piken folslein ûnôfhinklik en geane se by de mem wei.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mikadofazant is in omnivoar. Hoewol't it grutste part fan syn dieet bestiet út plantaardich guod, lykas blêden, sieden en fruchten, fret er ek lyts wringeleas dierte, lykas ynsekten, wjirms en slakken.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mikadofazant hat de IUCN-status fan "gefoelich", mei't de wylde populaasje net grut is. Bejaging en, slimmer noch, oerbejaging wie yn it ferline foar dizze fûgel in grut probleem, mar tsjintwurdich net mear om't de Taiwaneeske oerheid de fûgel in beskerme status jûn hat. Dêrtroch is de wylde populaasje tusken 1986 en 2020 ferdûbele fan 5.000 nei 10.000 eksimplaren.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mikadofazant is in monotypyske soarte, wat sizze wol dat der gjin ûndersoarten binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|