Megalodon
megalodon | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Artistike ympresje. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Carcharocles megalodon | ||||||||||||
Agassiz, 1843 | ||||||||||||
De megalodon (wittenskiplike namme: Carcharocles megalodon of mooglik Carcharodon megalodon) is in útstoarne haai út it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae) en wierskynlik it skaai Carcharocles. Dizze soarte libbe fan it Mid-Mioseen oant it Let-Plioseen, rûchwei fan 15,9 miljoen oant 2,6 miljoen jier lyn. De namme 'megalodon' betsjut letterlik "gruttosk" of "machtige tosk", fan it Grykske μέγας, megas ("grut" of "machtich") en ὀδoύς, odoús ("tosk"; wêrfan't de stam fan oarsprong odont- is, sa't noch te sjen is yn 'e twadde namfal ὀδόντος, odóntos). De megalodon wurdt beskôge as ien fan 'e grutste en sterkste rôfdieren út 'e skiednis fan 'e wringedieren, mei in folwoeksen lingte fan teminsten 18 m. Fossilen binne op gâns plakken fûn en tsjutte in algemiene fersprieding yn waarme seeën oan.
Untdekking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reuseftige trijehoekige fossile tosken dy't gauris oantroffen waarden yn rotsformaasjes, waarden oarspronklik oansjoen foar de ferstienne tongen (glossopetrae) fan draken en slangen. Yn 1667 wie de Deenske natoerûndersiker Nicolaus Steno de earste dy't de dingen weromkoe as haaietosken. Hy beskreau syn konklúzjes yn in boek dat as titel hie "De Kop fan 'e Haai Untleed". De Switserske biolooch Louis Agassiz joech de megalodon yn 1843 yn syn wurk Recherches sur les Poissons Fossiles ("Undersyk nei Fossile Fisken") foar it earst in wittenskiplike namme: Carcharodon megalodon.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei krapoan twa iuwen fan ûndersyk is it debat oer de taksonomyske yndieling fan 'e megalodon noch altyd net útiten. Der besteane datoangeande twa teoryen. Oarspronklik waard de megalodon yndield by it skaai Carcharodon (de minskehaaien) dat ta de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) heart. De reden dy't dêrfoar oanfierd wurdt, is dat de tosken fan 'e megalodon kwa foarm en struktuer de measte likenis fertoane (hoewol't se fansels folle grutter binne) mei de tosken fan 'e wite haai (Carcharodon carcharias). Tsjintwurdich hinget noch altyd in oansjenlik diel fan 'e saakkundigen dy teory oan. De megalodon soe op dy manear de (âldere) sustersoarte fan 'e moderne wite haai wêze, mei't de beide soarten fan in mienskiplike foarâldersoarte ôfstamje soene, de Palaeocarcharodon orientalis.
In protte oare saakkundigen sjogge de oerienkomsten op it mêd fan gebit tusken de beide soarten lykwols as it gefolch fan parallelle evolúsje: de ûntwikkeling fan net nau besibbe bistesoarten ta in oerienkomstige lichemsfoarm dy't it gefolch is fan ynfloeden fan bûtenôf. Dizze kloft wittenskippers wol dêrom dat de megalodon pleatst wurdt yn it skaai Carcharocles fan 'e famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae), dat yn 1923 troch David Starr Jordan foarslein waard om 'e fossile haai Carcharocles auriculatus yn ûnder te bringen. Dyselde soe mei de megalodon ôfstamje fan in eardere reuseftige haai, de Otodus obliquus, dy't libbe yn it Paleoseen en it Eoseen. Neffens de Carcharocles-teory soe Otodus obliquus evoluëarre wêze ta Otodus aksuaticus, dy't him ûntjoech ta Carcharocles auriculatus, en dêrnei ta Carcharocles angustidens en doe ta Charcharocles chubutensis en úteinlik ta de megalodon.
Dizze twadde teory hat de measte oanhing en yn 'e measte taksonomyen wurdt de megalodon dêrom by Carcharocles ûnderbrocht. Dat komt om't de wite haai nauwer besibbe liket te wêzen oan 'e prehistoaryske breedtoskfinmakrielhaai (Isurus hastalis) as oan 'e megalodon. Om't dy ta it skaai fan 'e finmakrielhaaien (Isurus) heart, dat krekt as Carcharodon yn 'e famylje fan 'e makrielhaaien pleatst wurdt, moat de megalodon dus wol ta in oare famylje behearre, sa riddenearje de foarstanners fan 'e Carcharocles-teory. As Carcharocles trouwens wier út Otodus fuortkaam, binne de nammen eins synonym en moatte de Carcharocles-soarten omneamd wurde ta Otodus. Dêr wurdt no ûndersyk nei dien.
Fossilen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de megalodon, krekt as alle haaien, in skelet hie dat bestie út kreakbien ynstee fan bien, is der gjin folslein fossyl weromfûn en sil dat nei alle gedachten ek nea barre. (Want kreakbien fergiet maklik en fossilisearret net of amper.) Sadwaande binne fral tosken weromfûn. De tosken fan 'e megalodon, frijwol it iennichste dat fan dizze soarte bewarre bleaun is, binne trijehoekich fan foarm, mei in robúste struktuer, fine kartelrânen en in sichtber V-foarmige toskhals. Se binne faak tige grut en kinne mear 18 sm mjitte yn diagonale hichte (dus by de toskrâne lâns fan toskhals oant punt). It binne de grutste tosken fan alle bekende haaiesoarten.
Njonken tosken binne der ek inkele fossilisearre wringebonkjes fan 'e megalodon weromfûn. It opmerklikst is datoangeande in foar in diel bewarre bleaune rêchbonke fan ien inkeld eksimplaar, dat yn 1926 by Antwerpen opdold waard troch M. Leriche. Dy fynst bestiet út 150 wringemiddens, dy't fan 5,5 sm oant 15,5 sm útinoar rinne. In oare foar in part bewarre bleaune rêchbonke fan in megalodon waard yn 1983 yn Denemark opdold troch Bendix-Almgeen. Dat eksimplaar bestiet út 20 wringemiddens, dy't yn grutte útinoar rinne fan 10 sm oant 23 sm.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fossilen fan 'e megalodon binne oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat oantroffen. Sa binne se bekend út Noard-Amearika (Floarida, Jamaika, Kuba, Maryland, Panama, Porto Riko en Sint-Finsint en de Grenadinen), Súd-Amearika (Perû), Jeropa (Belgje, Denemark en Malta), Afrika (de Kanaryske Eilannen), Aazje (Yndia en Japan) en Oseaanje (Austraalje en Nij-Seelân). De tosken fan it bist binne ek fan 'e seeboaiem omheech brocht op plakken dy't fier fan alle kontininten ôf lizze, lykas yn 'e Marianentrôch yn 'e Stille Oseaan.
Datearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik waard tocht dat de âldste fossilen fan 'e megalodon datearren út it Let-Oligoseen, fan likernôch 28 miljoen jier lyn. Tsjintwurdich hâlde de measte saakkundigen it derop dat de soarte him ûntjoech yn it Mid-Mioseen, sa'n 15,9 miljoen jier lyn. Hoewol't megalodonfossilen fierhinne ôfwêzich binne yn ôfsettings fan nei de oergong ta it Tertiêr, binne se wol weromfûn út ôfsettings dy't datearje út it dêrop folgjende Pleistoseen. It tinken is dat de megalodon útstoarn is tsjin 'e ein fan it Plioseen, wierskynlik omtrint 2,6 mijoen jier lyn. Tosken dy't út lettere geologyske tiidrekken komme soene, wurde no sjoen as saneamde "werbewurke fossilen" (oftewol opsetlike ferfalskings).
Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De megalodon wurdt beskôge as ien fan 'e grutste en krêftichste rôfdieren út 'e skiednis fan 'e wrâld. Saakkundigen geane derfan út dat er de lichemsfoarm hie fan in gnobsk (kompakt) boude wite haai, mar dan folle grutter. Om't der fan it lichem fan it bist sels gjin fossilen bewarre bleaun binne, moat de lingte fan 'e megalodon ekstrapolearre wurde oan 'e hân fan 'e grutte fan 'e tosken yn ferhâlding ta dy fan 'e tosken fan 'e wite haai. De earste dy't dat besocht te dwaan wie Bashford Dean yn 1909, dy't tocht dat de megalodon krapoan 30 m lang west hawwe moast.
Bettere kennis fan it gebit fan haaien en akkuratere werjeften fan spierstruktueren soarge derfoar dat dy lingte letter nei ûnderen ta bysteld waard. Yn 'e 1990-er jierren wiene marine biologen as Patrick J. Schembri en Staphon Papson noch fan betinken dat de megalodon in maksimale lingte berikke koe fan 24 oant 25 m. M.D. Gottfried et al. sloegen lykwols foar dat 20,3 m de absolute maksimumlingte wêze moast. Tsjin 'e ein fan 'e 2000-er jierren ûntstie der in konsensus ûnder saakkundigen dat de megalodon in lingte hie fan yn elts gefal mear as 16 m. C. Pimiento en C.F. Clements ornearren yn 2014 dat de maksimale lingte wierskynlik om 'e 18 m hinne lein hawwe moat.
Op it mêd fan it lichemsgewicht ûntwikkelen Gottfried-en-dy in metoade om 'e lichemsmassa fan 'e wite haai fêst te stellen oan 'e hân fan 'e grutte fan syn tosken. Troch dyselde metoade ta te passen op 'e tosken fan 'e megalodon koene se ta in wierskynlik gewicht foar dy soarte komme. Neffens harren model soe in megalodon fan 15,9 m lang 48 ton woegen hawwe; in megalodon fan 17 m lang 59 ton; en in megalodon fan 20,3 m lang 103 ton.
Biotoop
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut 'e fynplakken fan 'e fossilen fan 'e megalodon kin ôflaat wurde dat de soarte in frijwol algemiene fersprieding yn tropyske, subtropyske en tuskenbeiden klimaatsônes hie. Mei't de seeën yn 'e geologyske perioaden wêryn't de megalodon libbe, waarmer wiene as no, wie de soarte frijwol wrâldwiid oanwêzich. De megalodon koe him maklik genôch oanpasse om in breed ferskaat oan habitats te bewenjen, wêrûnder de djipsee, ûndjippere kustwetters en sels lagunes, hoewol't de grutste, folwoeksen eksimplaren nei alle gedachten oer it algemien djipper wetter opsocht hawwe sille om't se har dêr frijer yn bewege koene.
Fretten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wittenskippers binne fan betinken dat de megalodon mooglik it meast formidabele rôfdier wie dat ea op 'e Ierde foarkommen hat. Syn mânske grutte, fermogen om mei faasje te swimmen, krêftige kaken en fjoerskerpe tosken makken it bist ta in superrôfdier dat amper noch te ferbetterjen wie. It liket dêrom fêst te stean dat er in grutte ynfloed hân hawwe moat op 'e evolúsje fan syn proaidieren. Fossile fynsten wize derop dat megalodons jagen op dolfinen en walfisken, wêrûnder potfisken, Grienlânske walfisken en finfisken.
Dêrnjonken soene se ek seerôfdieren (seeliuwen en seehûnen) fretten hawwe, grutte fiskesoarten, brúnfisken, seekij en seeskylpodden. Ut 'e fynplakken fan fossilen docht bliken dat oare grutte rôfhaaiesoarten, lykas de wite haai, de kriten mijden dêr't in protte megalodons foarkamen. Dat wiist derop dat megalodons ek op oare haaiesoarten jagen. Krekt as in protte hjoeddeistige haaiesoarten hong de meglodon nei alle gedachten ek oer nei kannibalisme.
De megalodon libbe tagelyk mei reuseftige rôftoskwalfisken dy't besibbe wiene oan 'e hjoeddeistige potfisk, en dy't mei de megalodon konkurrearren om proaidieren. It liket der sterk op dat dy rôftoskwalfisken evoluëarren ta in soarte dy't yn groepen libbe en jage fanwegen it gefaar dat ien fan harren allinne rûn yn in konfrontaasje mei in megalodon.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De reden fan it útstjerren fan 'e megalodon wurdt noch ûndersocht. Saakkundigen hawwe ferskate mooglike oarsaken op 't aljemint brocht. Sa soe it útstjerren kommen wêze kinne troch it ôfkuoljen fan 'e oseänen dy't yn gong sette nei it Mioseensk Klimaktysk Optimum, likernôch 15 oant 17 miljoen jier lyn. In bykommende faktor soe yn dat ferbân it sakjen fan it seenivo west hawwe kinne, dat feroarsake waard troch it ûntstean fan 'e poaliiskapen, dêr't in protte seewetter yn fêstlein waard. It ûntstean fan 'e poalkapen soarge wer foar it foarkommen fan iistiden, dy't de oseänen noch fierder ôfkuolje lieten. De megalodon, dy't in dúdlike foarkar foar waarmere seeën hie, soe hiel goed min oer dy feroarings kinnen hawwe kinne.
In oare mooglike oarsaak foar it útstjerren fan 'e megalodon soe wêze kinne dat der te min grutte proaidieren kamen om sa'n reuseftich rôfdier te fieden. Baleinwalfisken berikten nammentlik harren grutste diversiteit yn it Mioseen, doe't der mear as tweintich ferskillende skaaien fan sokke bisten wiene (en tsjintwurdich noch mar seis). Tsjin 'e ein fan it Mioseen wiene in protte soarten baleinwalfisken útstoarn rekke, en it leit yn 'e reden dat de oerlibjende soarten, dy't har better oanpasse koene, krekt de fluchste swimmers wiene, dy't har mar dreech ferskalkje lieten. Doe't de seeën begûnen ôf te kuoljen, kamen alle walfiskesoarten dy't har oanpasten oan 'e kâlde poalseeën boppedat bûten berik fan 'e megalodon te libjen.
In trêde mooglike reden foar it feit dat de megalodon it ôflei, soe wêze kinne dat de grutte rôfhaai te meitsjen krige mei nije konkurrinsje dêr't er net tsjin op koe. Men tinkt dan benammen oan grutte rôfdolfinen fan it skaai fan 'e swurdwalfisken (Orcinus), dy't yn it Plioseen foar it earst ta ûntwikkeling kamen. (Hjoed de dei hat dat skaai noch mar ien libbene soarte, de orka). De measte hjoeddeistige wittenskippers hâlde it op in kombinaasje fan 'e neamde faktoaren.
Yn 'e popkultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De megalodon is, omreden fan syn reuseftige grutte en ferskuorrende krêft, in populêr ûnderwerp foar moderne fiksje oer seemeunsters. De measten fan sokke wurken wolle hawwe dat der yn 'e ûnbidige djipten fan 'e djipsee teminsten noch in reliktpopulaasje fan 'e megalodon oerbleaun is, wêrfan't ien of mear eksimplaren op 'e iene of oare wize it wetteroerflak witte te berikken, itsij troch yngripen fan 'e minske, itsij troch natuerlike foarfallen. De iersten fan sokke foarmen fan fiksje geane werom op 'e ûntdekking fan in megalodontosk troch leden fan 'e bemanning fan 'e HMS Challenger yn 1872, wêrfan't guon lju oannimme dat dy net âlder is as 10.000 jier. Foarbylden fan it foarkommen fan 'e megalodon yn 'e hjoeddeistige popkultuer binne de roman Meg: A Novel of Deep Terror fan Steve Alten út 1997 en de dêrop basearre horrorfilm The Meg fan regisseur Jon Turteltaub út 2018.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Fiskesoarte
- Gruttoskhaai
- Makrielhaai
- Haai
- Bist útstoarn yn it Plioseen
- Fossyl yn Austraalje
- Fossyl yn Belgje
- Fossyl yn Denemark
- Fossyl yn de Feriene Steaten
- Fossyl yn Yndia
- Fossyl yn Jamaika
- Fossyl yn Japan
- Fossyl yn de Kanaryske Eilannen
- Fossyl yn Kuba
- Fossyl yn Malta
- Fossyl yn Nij-Seelân
- Fossyl yn Panama
- Fossyl yn Perû
- Fossyl yn Porto Riko
- Fossyl yn Sint-Finsint en de Grenadinen