Springe nei ynhâld

Gruttoskhaaien

Ut Wikipedy
Gruttoskhaaien
Tosken fan 'e Otodus obliquus.
Tosken fan 'e Otodus obliquus.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken
   (Chondrichthyes)
ûnderklasse: haaien en roggen
   (Elasmobranchii)
tuskenklasse: echte haaien en roggen
   (Euselachii)
difyzje: moderne haaien en roggen
   (Neoselachii)
ûnderdifyzje: haaien (Selachii)
boppeskift: helmhaaien (Galeomorphi)
skift: makrielhaaien (Lamniformes)
famylje: gruttoskhaaien (Otodontidae)
Gluckman, 1964

De gruttoskhaaien (wittenskiplike namme: Otodontidae) foarmje in fossile famylje fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii), it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi) en it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes).

Gruttoskhaaien bestiene fan it iere Kryt oant it Plioseen, wat rûchwei delkomt op 'e perioade fan 110 miljoen oant 2,6 miljoen jier lyn. De famylje bestie út teminsten acht skaaien, wylst de pleatsing yn dizze famylje fan in njoggende skaai ûnwis is. De bekendste skaaien binne Carcharoclus en Otodus. Guon soarten gruttoskhaaien wiene reuseftige grut, lykas de megalodon (Carcharocles megalodon), dy't in lingte berikke koe fan teminsten 18 m.

Undersyk út 2016 nei it nij ûntdutsen skaai Megalolamna liket derop te wizen dat de soarten út it skaai Carcharocles eins in lette ûntjouwing fan Otodus fertsjintwurdigje en dat de beide skaaien dus synonym binne.

De tafoeging fan it skaai Palaeocarcharodon wurdt bekreaud, mei't dat ek wol yn 'e famylje Cretoxyrhinidae pleatst wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.