Springe nei ynhâld

Carcharocles

Ut Wikipedy
Carcharocles
Close-upbyld fan it gebit fan 'e megalodon.
Close-upbyld fan it gebit fan 'e megalodon.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken
   (Chondrichthyes)
ûnderklasse: haaien en roggen
   (Elasmobranchii)
tuskenklasse: echte haaien en roggen
   (Euselachii)
difyzje: moderne haaien en roggen
   (Neoselachii)
ûnderdifyzje: haaien (Selachii)
boppeskift: helmhaaien (Galeomorphi)
skift: makrielhaaien (Lamniformes)
famylje: gruttoskhaaien (Otodontidae)
skaai: Carcharocles
Jordan, 1923

Carcharocles is in fossyl skaai fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii), it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) en de famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae). De haaien fan dit skaai libben fan it Let-Eoseen oant it Let-Plioseen, rûchwei yn it tiidrek fan 35 miljoen oant 2,6 miljoen jier lyn.

Undersyk út 2016 nei it nij ûntdutsen skaai Megalolamna út 'e famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae) liket derop te wizen dat de soarten út it skaai Carcharocles eins in lette ûntjouwing fan it skaai Otodus fertsjintwurdigje en dat de beide skaaien dus synonym binne. As dat sa is (wat noch net fêststiet), soe it betsjutte dat Carcharocles in ûnderskaai fan Otodus is, en dat de soarten út dit skaai omneamd wurde moatte nei Otodus.

De bekendste soarte fan Carcharocles is de reuseftige megalodon (Carcharocles megalodon). De pleatsing fan dy soarte yn Carcharocles is lykwols net alhiel wis; guon taksonomyske autoriteiten pleatse de soarte yn in oar skaai fan 'e gruttoskhaaien.

Carcharocles wurdt karakterisearre troch robúste tosken mei kartele snijflakken. De soarten hiene trochinoar in folwoeksen lichemslingte fan 13 m, mar de megalodon koe teminsten 18 m lang wurde en miskien wol langer. Alle soarten fan Carcharlocles libben yn waarme seeën. De tosken fan dizze soarten wurde gauris weromfûn yn ôfsettings dy't ryk binne oan fossilen fan seesûchdieren dy't mooglik de wichtichste proaien fan dizze haaien wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.