Hjerringhaaien

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hjerringhaaien
In koartfinmakrielhaai (Isurus oxyrinchus).
In koartfinmakrielhaai (Isurus oxyrinchus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken
   (Chondrichthyes)
ûnderklasse: haaien en roggen
   (Elasmobranchii)
tuskenklasse: echte haaien en roggen
   (Euselachii)
difyzje: moderne haaien en roggen
   (Neoselachii)
ûnderdifyzje: haaien (Selachii)
boppeskift: helmhaaien (Galeomorphi)
skift: makrielhaaien (Lamniformes)
famylje: hjerringhaaien (Lamnidae)
J.P. Müller en Henle, 1838

De hjerringhaaien (wittenskiplike namme: Lamnidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii), de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha), it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi) en it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes). Dit is in taksonomyske groep dy't fiif libbene en in grut tal fossile soarten grutte haaien omfettet, wêrûnder de bekendste fan allegear, de wite haai.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wittenskiplike namme fan dizze famylje is ôflaat fan it Grykske wurd lamna, dat letterlik "rôffisk" betsjut. Dat wurd wie sels wer ôflaat fan 'lamia' de namme foar in mytysk wêzen út 'e folkloare, dat heal frou, heal slange wie.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjerringhaaien binne grutte rôffisken wêrfan't de grutste soarte, de wite haai, in lingte fan mooglik 7 m berikke kin. Se ûnderskiede har fan oare makrielhaaien troch in puntige snút, in spoelfoarmich liif en grutte kiuwiepenings. De foarste rêchfin is grut, heech en stiif, en krommet oan 'e foarkant nei efteren ta. De efterste rêchfin en de earsfin binne tige lyts. Fierders hawwe se grutte tosken en in saneamde sturtkyl (in langwerpige, fersterkjende útstulping oan 'e sydkant fan it tinste part fan 'e sturt). De fyfde (en lêste) kiuwspjalt stiet foàr de boarstfin. Hjerringhaaien binne nettsjinsteande harren grutte dochs kompakt boude bisten, dy't soms mear as twa kear safolle weagje kinne as haaien út oare famyljes dy't like grut binne. De measte soarten hjerringhaaien hearre ta de fluchst swimmende fisken dy't der binne; inkeld de wite haai is trager fanwegen syn grutte omfang.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.