Springe nei ynhâld

Kiuw

Ut Wikipedy
De kiuwen fan in (slachte) tonyn, fan efteren sjoen.

In kiuw, foarhinne stavere as kieu, is ien fan in pear gelikense organen om mei te sykheljen, dy't foarkomme by in protte bisten dy't yn it wetter libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de kop oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste soerstof oan wetter te ûntlûken en der koalstofdiokside oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar longen by lândieren. Kiuwen binne it bekendst fan fisken, mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate ynsekten, guon lidpoatigen (krabben, kreeften, garnalen) en de larvale stadia fan amfibyen. De kiuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de hearemytkreeft (Pagurus bernhardus), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it drûge mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.

In kikkertfiskje fan 'e kjimsalamander, mei útwindige kiuwen.

Kiuwen lizze efter de saneamde kiuwspjalten en wurde min ofte mear droegen troch de kiuwbôgen. Dat binne heakfoarmige struktueren fan bonke (by bienfiskeftigen en amfibyen) of fan kreakbien (by kreakbienfisken) dy't yn 'e wand tusken de kiuwspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kiuwbôgen de earste kaken fan libbene organismen ûntwikkele. Eltse kiuwbôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapele kiuwplaatsjes, en elts kiuwplaatsje draacht wer in grut tal sekundêre kiuwplaatsjes. Wetter dat út 'e kiuwholte wei troch de kiuwspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kiuwplaatsjes leine kanaaltsjes. De mikroskopyske struktuer fan 'e kiuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.

Oan 'e binnenkant fan 'e kiuwen sitte de kiuwseven, dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kiuwen foar soargje dat de kiuw net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kiuwseven wurkje dus likernôch itselde as de noashierkes by bisten mei longen. By planktonitende fisken is de kiuwseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia de bek wetter yn, dat se troch de kiuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kiuwseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, de walfiskhaai (Rhincodon typus), is sa'n planktonfretter.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.