Mary Carey (pornografysk aktrise)

Ut Wikipedy
Mary Carey (pornografysk aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Marey Carey, Mary Cary
echte namme Mary Ellen Cook
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 juny 1980
berteplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Ingelsk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf 20022012
offisjele webside
www.marycarey.com

Mary Carey, echte namme: Mary Ellen Cook (Cleveland (Ohio), 15 juny 1980), is in Amerikaansk neakenmodel en stripper en rêstend pornografysk aktrise en pornoregisseur fan mingd blank-Yndiaansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt ek wol misstavere as Mary Cary of Marey Carey. Se kaam ynternasjonaal yn it nijs doe't se har yn 2003 kandidaat stelde foar it gûverneurskip fan Kalifornje. Letter naam se diel oan it realitytillefyzjeprogramme Celebrity Rehab. Neffens har offisjele opjefte is Carey 1.75 m, mei in gewicht fan 59 kg en kupmaat 36DD, wêrfoar't se in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien hat.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carey waard yn 1980 berne yn Cleveland, yn 'e steat Ohio. Sawol har heit as har mem, by wa't skizofreny fêststeld waard, hiene slimme psychologyske swierrichheden, en sadwaande waard Carey doe't se trije moannen âld wie út 'e hûs pleatst en ûnder fâdij har pake en beppe oan memmekant steld. Nei't har âlden skieden wiene, loek ek har mem by harren yn. Yn 1987, doe't Carey sân jier wie, ferfear de famylje nei Floarida, en it jiers dêrop waard se wetlik adoptearre troch har pake en beppe.

Yn Floarida gie Carey troch mei de dûnslessen dy't se yn Cleveland al folge hie, en op skoalle hearde se ta de bêsten fan har klasse. Mei tolve jier makke se har dûnsdebút yn in opfiering fan De Nutekreaker by it Miami City Ballet. Neitiid liet se har ynskriuwe op in prestizjeuze balletskoalle, en oan 'e ein fan 'e middelbere skoalle waarden har troch ferskate dûnsopliedings stúdzjebeurzen oanbean. Mar om dyselde tiid hinne, yn 1996, waard by har pake longkanker fêststeld, in krupsje dêr't de man binnen in pear moannen tiid oan beswiek. Har beppe wie oanhelle mei de sykte fan Parkinson, dy't yn dyselde snuorje almar slimmer waard. Boppedat begûn Carey har te ûntjaan fan in spjochtich fanke ta in foluptueuze, boarstige jonge frou, wat har karriêre as ballerina yn 'e wei stie. Har learaars retten har oan om op dieet te gean en in boarstferlytsing te nimmen, mar dêr fielde Carey neat foar, dat ynstee joech se it ballet deroan en waard se lid fan it cheerleaderstiim fan 'e Steatsuniversiteit fan Floarida, dêr't se studearre.

Mary Carey yn 2009.

Underwilens boazen de sûnensswierrichheden fan har beppe almar oan, mei as gefolch dat de finansjele sitewaasje fan it gesin meitiid prekêr waard. Om 'e sikehûsrekkens betelje te kinnen, gie Carey op 'e sneup nei in baantsje dat goed betelle, en sadwaande besleat se om neaken te posearjen foar in ynternetsite. Fia-fia bemachtige se doe in baan as stripper, en yn 'e stripklub seach se dat de saneamde feature dancers, de dûnseressen dy't it measte jild fertsjinnen, yn 'e regel bekendheid wûn hiene as pornoaktrise. Op oanrieden fan lju dy't bekend wiene yn 'e Amerikaanske pornoyndustry reizge Carey doe nei Los Angeles, dêr't se by ferskate pornostudio's oan 'e bak besocht te kommen en úteinlik in baan by Playboy TV wist te bemachtigjen.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002, doe't se 22 jier wie, makke Carey har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se úteinlik yn likernôch 110 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler Video, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Red Light District, VCA Pictures en Adam & Eve. Ek hat se wol yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas Jill Kelly Productions, Taylor Wane Productions en Platinum X Pictures, en fierders hat se ek ferskate kearen wurke foar studio's dy't har talizze op 'e produksje fan films fan it grutte-boarstesjenre, lykas Big Top Video en The Score Group. Yn 2004 wie hja boppedat ek aktyf as regisseur. Carey hat troch de jierren hinne twa AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) wûn, en ek hat se noch seis kear foar ien nominearre west. Yn 2013 waard se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame.

Krekt foar't yn 2003 de Kalifornyske gûverneur Gray Davis ôfset waard, hie Carey in kontrakt tekene mei de lytse studio Kick Ass Pictures. As in publisiteitsstunt waard doe besletten dat Carey harsels kandidaat stelle soe foar de gûverneursferkiezings. Dat wie in snoade set, want Carey har ynnimmende persoanlikheid, har selsspot en har gefoel foar humor oangeande pornoyndustry en polityk makken har op slach in publyksleafling. Har ferkiezingsprogramma omfieme punten as de legalisearring fan it homohoulik, de ynfiering in belesting op boarstymplantaten en in ôflûkpost foar lapdances, en de oprjochting fan in porn for pistols-programma, wêrby't men fjoerwapens by de plysje ynruilje koe foar pornografy. Hoewol't de measte polityk analisten har en har kampanje weisetten as ûnsinnich, skonken de media rûnom oandacht oan har en wist se úteinlik 11.174 stimmen te lûken (0,2%), wêrmei't se twa fan 'e "serieuze" kandidaten fersloech, mar ferlear fan akteur Arnold Schwarzenegger.

Mary Carey.

As útfloeisel fan har dielname oan 'e gûverneursferkiezings waarden Carey en har baas, Mark Kulkis fan Kick Ass Pictures, op 14 juny 2005 mei alle oare kandidaten útnûge foar in diner yn it Wite Hûs mei presidint George W. Bush. Yn 2006 stelde se har op 'e nij ferkiesber, diskear foar de post fan fise-gûverneur fan Kalifornje. Carey moast har lykwols foartidich weromlûke doe't har mem ophold har medisinen yn te nimmen, fan in gebou fan fjouwer ferdjippings ôfsprong en dêrby swier ferwûne rekke.

Carey hold yn 2008 op mei it meitsjen fan hurde pornografy, mar gie der oant 2012 mei troch om yn sêft-pornografyske films te spyljen. Fierders bringt hja in assortimint seksboartersguod út by produsint Doc Johnson. Fanôf 2008 die se mei oan it realitytillefyzjeprogramma Celebrity Rehab with Dr. Drew, wêryn't it wol en wee fan in stikmannich bekende Amerikanen yn 'e ôfkickklinyk fan dokter Drew Pinsky folge waard. Carey besocht dêr fan har drankferslaving ôf te kommen, mar dat wie in drege striid. Boppedat wie se ferslingere rekke oan medisinen. Yn 2009 brocht se in pornofilm út ûnder de titel Celebrity Pornhab with Dr. Screw, dat in parody wie op Celebrity Rehab. Yn 2010 wurke Carey mei oan 'e dokumintêre After Porn Ends, oer it libben nei ôfrin fan in karriêre as pornoaktrise. Yn 2011 waard yn Celebrity Rehab Revisited bekendmakke dat Carey tsjin dy tiid sûnder medisinen koe en allinnich út en troch noch wat sjampanje dronk.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carey waard yn 2005 arrestearre yn Lakeview, yn 'e steat Washington, doe't by in undercover-plysje-operaasje fêststeld wie dat se dêre op it poadium yn in stripklub harsels op in seksuële wize befield hie. It die bliken dat der in pleatslike feroardering wie dy't soks ferbea. Carey besleat in skikking te treffen en krige in straf oplein fan 19 moannen finzenisstraf ûnder betingst (dy't se útsitte moatte soe as se binnen ien jier nochris sa'n freeslike skanddie útheefde). Carey hat twaris troud west. Har earste houlik rûn yn 2004 út op in skieding. Op 12 july 2009 wertroude se mei in Mario Monge, in elektrisiên.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2004 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
wûn bêste marketingkampanje (yndividueel projekt) (foar de Mary Carey Campaign) n.f.t.
FOXE Award wûn vixen fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn mainstream-pornomediafavorite n.f.t.
2006 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
wûn bêste marketingkampanje (yndividueel projekt) (foar Mary Carey's Dinner with President Bush) n.f.t.
2007 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
nominearre kontraktstjer fan it jier (foar Legend Video) n.f.t.
Xbiz Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2008 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2009 AVN Award nominearre Jenna Jameson crossover-stjer fan it jier n.f.t.
Xbiz Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.