Doc Johnson

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Doc Johnson
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor seksboartersguod
haadkertier Los Angeles (Kalifornje)
oprjochte 1976
oprjochter Reuben Sturman
finansjeel
wurknimmers >500
offisjele webside
www.docjohnson.com

Doc Johnson is in Amerikaansk bedriuw dat fêstige is yn 'e Losanzjelynske wyk North Hollywood. It spesjalisearret him yn it ûntwerpen en produsearjen fan seksboartersguod.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doc Johnson waard yn 1976 oprjochte troch Reuben Sturman, mei Ron Braverman as bedriuwslieder. Hjoed de dei wurdt dit bedriuw rund troch Braverman en syn soan Chad. It leit him ta op it ûntwerpen en produsearjen fan eigen seksboartersguod, lykas fibrators, dildo's en lateks ôfjitsels fan 'e geslachtsdielen fan ferneamde pornoakteurs en -aktrises, wêrûnder Jenna Jameson, Mary Carey, Vicky Vette en James Deen.

Yn 2012 hie Doc Johnson mear as 500 wurknimmers yn tsjinst, en wie it de grutste seksboartersguodprodusint fan 'e Feriene Steaten. De wichtichste konkurrinten binne Pipedream Products, California Exotics en Topco Sales. Doc Johnson lit de distribúsje fan syn produkten yn 'e Feriene Steaten oer oan bedriuwen as Adam & Eve en Amazon. Yn Nederlân wurde se oan 'e man brocht yn seksshops as Christine le Duc.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.