Martha's Vineyard
Martha's Vineyard | ||
De Gay Head-kliffen en de fjoertoer fan Aquinnah. | ||
emblemen | ||
polityk | ||
soarte gebiet | eilân | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Massachusetts | |
county | Dukes County | |
haadplak | Egartown | |
grutste plak | Egartown | |
sifers | ||
ynwennertal | 20.500 (2020) | |
oerflak | 250 km² | |
befolkingstichtens | 82,4 / km² | |
kustline | 200 km | |
heechste punt | Peaked Hill (94,8 m) | |
oar | ||
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
koördinaten | 14°24′ N, 70°37′ W | |
kolonisearre | 1642 | |
offisjele webside | ||
mvy.com | ||
kaart | ||
De lizzing fan Martha's Vineyard (read) yn Massachusetts. |
Martha's Vineyard (útspr.: [ˈmaɹθəz ˈvɪɲəɹd], likernôch: "mar-zus win-jurd") is in Amerikaansk eilân yn 'e Atlantyske Oseaan, dat ek wol koartwei "the Vineyard" neamd wurdt. De namme betsjut letterlik "Martha har Wyngerd". Martha's Vineyard heart bestjoerlik ta de Amerikaanske steat Massachusetts. It leit foar de súdeastkust fan dy steat, rjocht besuden it skiereilân Cape Cod. It omfettet ek it 'eilân' Chappaquiddick, dat eins in skiereilân fan Martha's Vineyard is. It eilân waard bewenne troch de Yndiaanske Wampanôk (Wampanoag) foar't de Ingelsen it yn 1642 kolonisearren. Yn 'e njoggentjinde iuw spile Martha's Vineyard in wichtige rol yn 'e walfiskfeart. Yn dyselde snuorje hie it eilân troch in relatyf folle foarkommende erflike foarm fan dôvens in maatskippij dy't hast hielendal twatalich wie, mei njonken it Ingelsk ek it MVSL, in pleatslik ûntwikkele foarm fan dôvegebeartetaal. Yn 'e iere tweintichste iuw wie Martha's Vineyard it lêste ûntwyk fan 'e heidehin (Tympanuchus cupido cupido) foar't dy fûgel útstoar. Tsjintwurdich hat it eilân de namme in fakânsjeoarde foar de superriken út Boston en New York te wêzen. De permaninte befolking bestiet út krapoan 21.000 minsken, mar simmerdeis, as alle fakânsjehuzen bewenne wurde, waakst it ynwennertal oan ta mear as 200.000 minsken.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is net alhiel dúdlik wêr't it toponym "Martha's Vineyard" weikomt, dat letterlik oerset "Martha har Wyngerd" betsjut. Men giet der lykwols fan út dat eilân ferneamd is nei de skoanmem of de dochter fan 'e Ingelske seefarder Bartholomew Gosnold, dy't allebeide fan Martha hieten. Gosnold wie yn 1602 de lieder fan 'e ierste dokumintearre Jeropeeske ekspedysje nei Cape Cod. De namme "Martha's Vineyard" waard oarspronklik jûn oan in lytser eilantsje besuden it hjoeddeistige Martha's Vineyard, mar meitiid gie de namme oer op it gruttere eilân. "Martha's Vineyard" is de op sân nei âldste Ingelsktalige plaknamme yn 'e Feriene Steaten dy't noch altyd yn gebrûk is.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Martha's Vineyard leit yn 'e Atlantyske Oseaan foar de súdeastkust fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts, likernôch 5 km besuden Woods Hole, it súdlikste plak op it skiereilân Cape Cod. De seestrjitte dy't it eilân fan in fêstelân skiedt, is de Vinyard Sound. Likernôch 20 km nei it eastsúdeastlik fan Martha's Vineyard, oarekant it Muskegetkanaal, leit Nantucket, it oare grutte eilân fan Massachusetts. Martha's Vineyard mjit sa'n 34 km fan east nei west en 17 km op it breedste punt fan noard nei súd. It hat in oerflak fan 250 km² en in kustline mei in lingte fan by de 200 km om. Martha's Vineyard is it op twa nei grutste eilân oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten, nei Long Island yn New York en Mount Desert yn Maine. It heechste punt op Martha's Vineyard is Peaked Hill, mei in hichte fan krapoan 95 m. Oan 'e eastkant leit Chappaquiddick tsjin Martha's Vineyard oan. Dat wurdt faak beskôge as in eilân op himsels, mar it is eins in skiereilân fan Martha's Vineyard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prekolumbiaansk Tiidrek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Martha's Vineyard waard yn it Prekolumbiaanske Tiidrek bewenne troch de Wampanôk (Wampanoag), in Algonkwynsk folk fan Yndianen dat, yn 'e mande mei in stikmannich oanbuorjende etnyske groepen, de Massatsjûset-taal spriek. Martha's Vineyard hiet yn dy taal Noepe (dat "Lân tusken de Streamings" betsjutte soe) of Capawock. De befolkinggrutte op it eilân lei yn 'e tiid fan it earste kontakt mei de Jeropeänen om 'e 3.000 minsken hinne. Tsjin 1764 wiene dêr noch 313 lju fan oer. Ta in folslein útstjerren fan 'e Yndiaanske befolkingsgroep op Martha's Vineyard kaam it lykwols nea.
Koloniale perioade
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kolonisaasje fan it eilân begûn doe't de kolonist Thomas Mayhew út Watertown yn Massachusetts Martha's Vineyard, Nantucket en de Elizabetheilannen oankocht fan twa oare kolonisten út Nij-Ingelân. Mayhew ûnderhold freonskiplike relaasjes mei de Wampanôk op Martha's Vineyard, foar in diel om't er harren lânrjochten respektearre. Syn soan, dy't ek Thomas Mayhew hiet, stifte yn 1642 de earste Jeropeeske delsetting op it eilân, Great Harbor (no Edgartown).
Mayhew jr. krige in relaasje mei de lânseigen squaw Hiacoomes, wat úteinlings resultearre yn 'e bekearing ta it kristendom fan Hiacoomes en har hiele famylje. Under de saneamde Oarloch fan Kening Filips (1675-1676), doe't de Wampanôk en oare stammen op it fêstelân fan Massachusetts tsjin 'e Ingelske oerhearsking yn opstân kamen, namen de Wampanôk fan Martha's Vineyard net oan 'e striid diel. Likemin waarden se troch de blanke kolonisten op it eilân ûntwapene, wat oanjout hoe grut it fertrouwen tusken de beide groepen doe wie.
Thomas Mayhew jr. ferdronk yn 1657 doe't syn skip by in reis nei Ingelân fergie. Neitiid waard de hearskippij oer Martha's Vineyard wer oernommen troch Thomas Mayhew sr. Yn 1665 waarden de lânerijen fan 'e famylje Mayhew beflapt yn in jefte oan 'e hartoch fan York, de lettere kening Jakobus II fan Ingelân. Yn 1671 waard in oerienkomst sletten dy't taliet dat Mayhew syn posysje behold ek al waard syn gebiet ûnder it rjochtsfoech fan 'e Koloanje New York pleatst. Yn 1682 waard Thomas Mayhew opfolge troch syn pakesizzer Matthew Mayhew.
Yn 1683 waard Dukes County (New York) oprjochte, in distrikt dêr't Martha's Vineyard diel fan útmakke. Yn 1684 besocht de Koloanje Rhode Island om him Martha's Vineyard mei geweld ta te eigenjen, troch in wapene milysje te stjoeren. Dy kearde de boaten lykwols om sûnder in foet op it eilân set te hawwen, doe't se opwachte waarden troch wapene eilanners. It is ûndúdlik hoe't it plan fan 'e Rhode Islanders útlekte, mar it hat der wol fan dat in keapman dy't hinne en wer reizge tusken Massachusetts en Rhode Island lucht fan 'e ynvaazje krige en de autoriteiten yn syn thúskoloanje warskôge. Yn 1691 waard Dukes County troch New York weromjûn oan 'e Koloanje fan 'e Massachusettsbaai, wêrnei't it opdield waard yn Dukes County (Massachusetts), mei Martha's Vineyard, en Nantucket County.
Op Martha's Vineyard folgen de Yndiaanske bern ûnderwiis oan skoallen dy't oprjochte wiene troch Thomas Mayhew jr. Ien fan 'e ûnderwizers dy't dêr lesjoech, wie Peter Folger, de pake fan 'e ferneamde Amerikaanske politikus en útfiner Benjamin Franklin. De geletterdheid fan 'e Yndianen fan it eilân wie sa heech, dat alle earste Yndiaanske studinten oan 'e Universiteit fan Harvard dêrwei kamen, ûnder wa Joel Hiacoomes, de soan fan Peter Mayhew jr. en Hiacoomes, en Caleb Cheeshahteaumauk, de soan fan 'e sachem fan Home's Hole.
Walfiskfeart en toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as it buoreilân Nantucket spile Martha's Vineyard yn 'e njoggentjinde iuw in wichtige rol yn 'e walfiskfeart. Skippen fan it eilân sylden de wrâld yn 't rûn op jacht nei walfisken om harren oalje, dat brûkt waard as branje foar oaljelampen. Doe't der yn Pennsylvania ierdoalje ûntdutsen waard, in folle ienfâldiger te winnen en dêrom goedkeapere brânstof, late dat tsjin 1870 ta in hast folsleine ynstoarting fan 'e walfiskfeart op Martha's Vineyard.
Twa jier letter, yn 1872 kaam de Old Colony Railroad ree, dy't fan Boston nei Woods Hole oan 'e súdpunt fan it skiereilân Cape Cod rûn. Dêrwei wie it mar in lyts eintsje farren nei Martha's Vineyard. Dat betsjutte it begjin fan it toerisme op it eilân, dêr't al rillegau fakânsjewenten en hiele fakânsjemienskippen ferriisden. Hoewol't de pleatslike ekonomy in rare knau krige fan 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, gie de groei fan 'e toeristyske sektor oer it gehiel nommen stadich troch. Meitiid krige Martha's Vineyard de reputaasje fan in resorteilân foar de superriken.
Erflike dôvens en MVSL
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei trije iuwen fan in ûngewoan heech nivo fan erflike dôvens ûntjoech Martha's Vineyard him tsjin 'e njoggentjinde iuw ta in mienskip dêr't alle leden gebeartetaal brûkten. De dôvens op it eilân kin net trasearre wurde nei ien oarspronklike kolonist. Saakkundigen binne lykwols fan tinken dat it syn oarsprong hie yn lju dy't út it Weald kamen, in krite op 'e grins fan 'e Súdingelske greefskippen Kent en Sussex. Trochdat in resessyf gen op it eilân sirkulearre troch endogame (besletten) houlikspatroanen, waard oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw op Martha's Vineyard 1 op 'e 155 minsken (oftewol 0,7% fan 'e befolking) dôf berne, wylst dat sifer op it fêstelân fan 'e Feriene Steaten op 1 op 'e 5.728 lei, oftewol 0,02% fan 'e befolking.
Op Martha's Vineyard ûntjoech him troch de iuwen hinne in lânseigen foarm fan gebeartetaal dy't de Gebeartetaal fan Martha's Vineyard hiet, of yn it Ingelsk Martha's Vineyard Sign Language (MVSL). Dy ferskilde sterk fan, en wie net ûnderling fersteanber mei de Amerikaanske Gebeartetaal (ASL) fan it fêstelân. MVSL waard brûkt troch alle bewenners fan it eilân, dôven sawol as hearrenden, sadat der gjin taalkleau bestie. Op Martha's Vineyard diene dôven sadwaande folslein mei yn 'e maatskippij, sawol wat wurk as frije tiid oanbelange, en fertsjinnen se yn trochsneed in boppemodaal ynkommen. Manlju en froulju waarden likernôch yn gelikense mjitte troch de oandwaning troffen, mar hoewol't op it fêstelân mar 20% fan 'e dôven mei net-dôve minsken troude (en de rest mei oare dôven of ûntroud bleau), lei dat persintaazje op Martha's Vineyard op 65%.
Yn 'e tweintichste iuw, lykwols, doe't it toerisme de wichtichste pylder fan 'e pleatslike ekonomy waard, rekke it mei de sitewaasje fan 'e dôven op it eilân yn it neigean. De nije banen yn 'e toeristyske sektor en de rekreaasje, dy't de omgong mei lju fan bûten de mienskip fereasken, wiene folle minder dôvensfreonlik as wurk yn 'e lânbou, de fiskerij en sels de walfiskfeart west hie. Fan gefolgen waard Martha's Vineyard, mei troch migraasje fan bûten en houliken mei lju fan it fêstelân, almar mear in mienskip dy't om ferbale taal hinne staljûn wie. De lêste dôve persoan dy't MVSL as memmetaal hie, Katie West, ferstoar yn 1952. Mar sels yn 'e 1980-er jierren, doe't taalkundigen foar it earst belangstelling krigen foar en ûndersyk diene nei MVSL, koene guon âldere eilânbewenners de taal noch brûke.
Tweintichste iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Martha's Vineyard wie ek it lêste bolwurk fan 'e heidehin (Tympanuchus cupido cupido), de eastlike ûndersoarte fan 'e prêrjehin (Tympanuchus cupido). Dy kaam oarspronklik by de Amerikaanske noardeastkust lâns foar fan Firginia oant Nij-Hampshire, mar stoar troch oerbejaging op syn lêst tsjin 1870 op it fêstelân út. Nettsjinsteande dat der tige war dien waard om 'e fûgel te rêden mei de kennis en mooglikheden fan 'e lette njoggentjinde en iere tweintichste iuw, wiene der yn 1927 noch mar trettjin eksimplaren oer. Yn desimber 1928 wie der noch mar ien, in einling dy't troch de eilânbewenners "Booming Ben" neamd waard, nei de lûden dy't er makke by syn ienlike baltsrituelen. Mei syn dea op of koart nei 11 maart 1932 stoar de heidehin út.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Martha's Vineyard troch it Amerikaanske Leger, de Amerikaanske Marine en de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften brûkt foar oefenings, û.m. troch amfibyske operaasjes út te fieren op 'e strannen en mei trainingsbombardeminten op sekuer ôfsette oefenterreinen.
Op 18 july 1969 fûn op Chappaquiddick, it eastlikste diel fan Martha's Vineyard, it saneamde Chappaquiddickynsidint plak, wêrby't senator Ted Kennedy mei syn auto by de Dike Bridge delrekke en op 'e kop yn 'e Poucha Pond bedarre. Syn kampanjemeiwurkster Mary Jo Kopechne kaam dêrby troch ferdrinking om it libben, hoewol't Kennedy nei eigen sizzen alle war dien hie om har út it autowrak te befrijen. It ferkearsûngemak kaam yn in kwea deiljocht te stean troch it hâlden en dragen fan Kennedy, dy't yn it foarste plak net mei syn auto oer de brêge mocht (dy't inkeld bedoeld wie foar fuotgongers, fytsers en by need foar ambulânses en auto's fan plysje en brânwacht). Boppedat liet er de auto mei it lyk fan Kopechne der noch yn efter en sette rinnende nei hûs om op bêd te gean, sûnder it ûngelok te melden. Pas de oare moarns ljochte Kennedy de autoriteiten yn, mar doe koe net mear fêststeld wurde oft er mei mei drank op efter it stjoer sitten hie. Hy krige úteinlik twa moanne finzenisstraf mei betingst oplein foar it ferlitten fan it plak fan in ûngemak.
Yn 1974 foarme Martha's Vineyard de wichtichste lokaasje foar de opnamen fan 'e ferneamde horrorfilm Jaws, fan regisseur Steven Spielberg, oer in minskeslinende wite haai dy't it foarsjoen hat op 'e bewenners en toeristen fan it (fiktive) fakânsje-eilân Amity. De wettersênes waarden foar kust op iepen see filme, wylst de lânsênes foar it meastepart opnommen waarden yn it doarp Menemsha. Ferskate minder wichtige byrollen yn 'e film en hast alle figuranten waarden spile troch bewenners fan Martha's Vineyard. Yn lettere jierren waarden ek sênes út 'e ferfolchfilms Jaws 2 en Jaws: The Revenge op Martha's Vineyard opnommen.
Yn 1977, doe't Martha's Vineyard syn garandearre sit kwytrekke yn it Massachusetts General Court (it legerhûs fan it Steatskongres fan Massachusetts), ûntstie der op it eilân in beweging dy't pleite foar ôfskieding fan Massachusetts. Party eilânbewenners woene fan Martha's Vineyard in selsstannige Amerikaanske steat meitsje, wylst oaren foarstanner wiene fan oansluting by in al besteande steat. Wat dat lêste oanbelange beane sawol Vermont (dat hielendal gjin kustline hat) as Hawaï (dat sawat oan 'e oare kant fan 'e wrâld leit) har oan om Martha's Vineyard op te nimmen en better te behanneljen as Massachusetts die. De flagge dy't foar de ôfskiedingsbeweging ûntwurpen waard, in wite seefûgel op in oranje sinneskiif op in ljochtblau fjild, is ek tsjintwurdich noch gauris op Martha's Vineyard te sjen. Hoewol't de saak gâns omtinken yn 'e Amerikaanske media krige, blieken der by einbeslút praktyske beswieren te wêzen tsjin ôfskieding fan Massachusetts, en gie it spul net troch.
Op 16 july 1999 stoarte yn see deunby Martha's Vineyard in privee-fleantúch del dat fan New York ûnderweis wie nei it eilân. Oan board wiene piloat John F. Kennedy jr. (de soan fan 'e fermoarde Amerikaanske presidint John F. Kennedy), dy syn frou Carolyn Bessette en har suster Lauren Bessette. Alle ynsittenden kamen by it ûngemak om.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bestjoerlik foarmet Martha's Vineyard it grutste diel fan Dukes County fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Dy county omfettet fierders de Elizabetheilannen en Noman's Land. De Elizabetheilannen binne in eilannekeatling dy't likernôch 5 km noardwestlik fan Martha's Vineyard fan 'e súdeastpunt fan Cape Cod ôf de see yn rikt. It ûnbewenne Noman's Land is in lyts eilantsje dat likernôch 5 km súdwestlik fan Martha's Vineyard ienlik yn 'e Atlantyske Oseaan leit.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ekonomy fan Martha's Vineyard stipet hast útslutend op it toerisme, hoewol't der ek noch wat fiskerij en lânbou bedreaun wurdt (û.m. druvetylt foar it meitsjen fan wyn). It eilân hat de reputaasje krigen in resort foar de superriken te wêzen, dy't it har net oan tiid dogge om 'e fearboat te nimmen út Woods Hole, Falmouth, New Bedford, Hyannis of Quonset Point, mar ynstee mei it fleantúch komme út Boston, New York, Washington, D.C., Philadelphia, Newark of Charlotte, en lânje op it Fleanfjild Martha's Vineyard (MVY).
Guon foarbylden fan lju dy't fakânsjehuzen op it eilân hawwe of hiene, binne de Kennedy's, politisy Bill en Hillary Clinton en Barack Obama, sjongster Carly Simon, akteurs Dan Aykroyd, James Belushi, Ted Danson, Bill Murray, Meg Ryan en Mary Steenburgen, presintators Walter Cronkite en David Letterman, en regisseur Spike Lee. Jackie Kennedy Onassis hie oant har ferstjerren yn 1994 in twadde hûs yn it doarp Aquinnah. De komyk en akteur John Belushi, dy't yn 1982 yn Los Angeles oan in oerdoazis drugs ferstoar, leit op it eilân begroeven, hoewol't syn stoflik omskot úteinlik, fanwegen alle tarin fan fans, út syn offisjele grêf ferwidere en deunby op in geheim plak werbegroeven waard.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens út 2020 bedroech dat jiers de fêste befolking fan Martha's Vineyard, dy't it hiele jier rûn op it eilân bleau, 20.530 minsken. De befolkingstichtens lei dêrmei op 82,4 persoanen de km². Yn it simmerseizoen wint de befolking fan it eilân lykwols oan ta mear as 200.000 minsken troch de tafloed fan toeristen. Dêrnjonken binne der ek nochris 25.000 deitoeristen dy't komme en geane mei de fearboaten. De measte eilânbewenners binne blanken, mar der bestiet noch altyd in oansjenlike populaasje Wampanôk-Yndianen op Martha's Vineyard, dy't benammen konsintrearre is yn it doarp Aquinnah.
Neffens in ûndersyk fan 'e Martha's Vineyard Commission lizze de kosten foar libbensûnderhâld op Martha's Vineyard 60% heger as it nasjonaal gemiddelde fan 'e Feriene Steaten, wylst it trochsneed ynkommen mar 71% is fan it gemiddelde ynkommen yn Massachusetts. De huzeprizen lizze sels 96% heger as it nasjonaal gemiddelde en 54% heger as it gemiddelde fan Massachusetts. Fan alle 14.621 wenten op it eilân wiene op it stuit fan it ûndersyk 56% fakânsjehuzen dy't inkeld simmerdeis bewenne waarden.
De befolking fan Martha's Vineyard is ferdield oer seis bestjoerlike distrikten dy't de juridyske status fan in town hawwe (yn dit gefal min ofte mear gemeenten). It grutste plak op it eilân is Edgartown, it haadplak fan 'e town mei deselde namme dy't behalven in diel fan it eigentlike Martha's Vineyard ek hiel Chappaquiddick omfettet. De oare towns binne: Aquinnah (foarhinne bekend as Gay Head); Chilmark (dêr't û.m. it fiskerdoarp Menesha ûnder falt), Oak Bluffs (dat fan 1880 oant 1907 Cottage City hiet), Tisbury en West Tisbury. Edgartown, Oak Bluffs en Tisbury binne "wiet" (alkohol tastien), Aquinnah en West Tisbury binne "fochtich" (bier en wyn tastien mar sterke drank net), en Chilmark is "drûch" (alle foarmen fan alkohol ferbean).
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It klimaat fan Martha's Vineyard hat skaaimerken fan in lânklimaat, in seeklimaat en in subtropysk klimaat. It stiet sterk ûnder ynfloed fan 'e omlizzende Atlantyske Oseaan, dy't de temperatuer op it eilân yn it simmerhealjier wat omleech hellet en yn it winterhealjier wat opheget. Dy moderearjende ynfloed is lykwols oan 'e eastkust fan Noard-Amearika lang sa sterk net as op ferlykbere breedtegraden oan 'e westkust fan it kontinint of oan 'e westkust fan Jeropa.
De simmers op Martha's Vineyard binne myld en waarm, en de winters kâld. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,9 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,5 °C. Rekôrtemperatueren wiene 37,2 °C op 27 augustus 1948 en –13,9 °C op 26 desimber 1980. Martha's Vineyard kriget jiers trochinoar 1.212 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 64 sm snie.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|