Springe nei ynhâld

List fan grutste gemeenten yn Nederlân

Ut Wikipedy
Lokaasje fan de 32 gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners

De list fan grutste gemeenten yn Nederlân befettet de Nederlânske gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners. Op 1 jannewaris 2024 wiene der 32 gemeenten mei mear as 100.000 ynwenners.

De gemeenten lizze ferspraat oer it hiele lân hinne. De provinsje Súd-Hollân hat mei acht de measte. Noard-Hollân folget mei fiif. Noard-Brabân en Gelderlân hawwe beide fjouwer, Oerisel hat der trije, Limboarch en Utert hawwe der beide twa, en Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân hawwe der allegear ien. Seelân is de iennige provinsje mei gjint.

Nederlân hat yn tsjinstelling ta in soad Jeropeeske lannen gjin gemeente mei mea as ien miljoen ynwenners. Amsterdam komt al tichteby. Tradisjoneel wurdt der fan de fjouwer grutte stêden yn 'e Rânestêd yn it westen fan Nederlân, sprutsen. Trije dêrfan, Amsterdam, Rotterdam en De Haach hawwe allegear mear as 500.000 ynwenners. Utert folget mei goed 360.000.

De midgroep bestiet út fjirtjin gemeenten fan 150.000 oant 250.000 ynwenners. Fjouwer dêrfan, Eindhoven, Grins, Tilburch en Almeare hawwe mear as 200.000 ynwenners. Eindhoven en Tilburch hearre ta de Brabânske Stêderige. It waaksen fan Almeare komt benammen troch migraasje fan lju út Amsterdam wei.[1]
Gemeenten lykas Grins, Apeldoarn, Arnhim, Nimwegen en Ynskedee lizze yn it Noard- en East-Nederlân. Arnhim en Nimwegen foarmje de Stedsregio Arnhim-Nimwegen, dy't mei-inoar sa'n lytse 750.000 ynwenners hat. Apeldoarn, Dimter en Sutfen oparbeidzje mei-inoar en binne feriene yn 'e Stêdetrijehoeke, dy't mei-inoar goed 447.000 ynwenners hawwe.
Mei útsûndering fan Almeare, Apeldoarn, Arnhim, Nimwegen en Ynskedee woeksen dy stêden benammen troch it anneksearjen fan buorgemeenten, lykas Eindhoven yn 1920, Tilburch yn 1997 en Grins yn 2019.

De lêste groep, mei in ynwennertal fan 100.000 oant 150.000 woeks yn de ôfrûne desenniums likegoed ta fjirtjin gemeenten. Ljouwert passearre de grins fan 100.000 yn 2014 doe't de gemeente in part fan de doe ophefte gemeente Boarnsterhim dêrby krige. De lêste gemeente dy't de 100.000 passearre wie de gemeente Dimter yn 2018. [2]

De ynwennertallen binne de sifers fan it CBS op peildatum 1 jannewaris 2026.

Nº Namme Provinsje Ynwenners
1 Amsterdam Noard-Hollân 941.890
2 Rotterdam Súd-Hollân 673.985
3 De Haach Súd-Hollân 569.268
4 Utert Utert 377.802
5 Eindhoven Noard-Brabân 249.486
6 Grins Grinslân 243.902
7 Almeare Flevolân 232.781
8 Tilburch Noard-Brabân 230.604
9 Breda Noard-Brabân 190.194
10 Nimwegen Gelderlân 189.812
11 Arnhim Gelderlân 171.917
12 Apeldoarn Gelderlân 169.231
13 Haarlim Noard-Hollân 169.000
14 Haarlimmermar Noard-Hollân 167.037
15 Saanstêd Noard-Hollân 165.222
16 Amersfoart Utert 163.773
17 Ynskedee Oerisel 162.746
18 De Bosk Noard-Brabân 162.327
19 Swol Oerisel 134.139
20 Zoetermeer Súd-Hollân 130.924
21 Leien Súd-Hollân 130.748
22 Ljouwert Fryslân 130.142
23 Maastricht Limburch 126.009
24 Ede Gelderlân 125.387
25 Doardt Súd-Hollân 123.035
26 Westlân Súd-Hollân 119.078
27 Alfen oan de Ryn Súd-Hollân 117.360
28 Alkmar Noard-Hollân 113.149
29 Emmen Drinte 109.905
30 Delft Súd-Hollân 109.835
31 Dimter Oerisel 105.097
32 Fenlo Limburch 104.192

De Ryksoerheid hat in Gruttestêdebelied dêr't 44 gemeenten yn gearwurkje. It sette útein as de G4, de fjouwer grutste gemeenten, dochs waard stadichoan útwreide mei ta de 44 grutste gemeenten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Almere blijft populairste bestemming van Amsterdammers. NUL 20 d.d. (29 novimber 2006). Argivearre op 8 febrewaris 2023.
  2. ↑ Bolink, J., Daar is hij dan: de langverwachte 100.000ste inwoner van Deventer. destentor.nl (26 septimber 2018). Argivearre op 8 febrewaris 2023. Oproppen op 30 septimber 201830 septimber 2018.