Springe nei ynhâld

Alfen oan de Ryn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Alfen oan de Ryn (gemeente))
Alfen oan de Ryn

Alphen aan den Rijn

flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
boargemaster Liesbeth Spies CDA
sifers en geografy
haadplak Alfen oan de Ryn
grutste plak Alfen oan de Ryn
ynwennertal 110.986 (1 jannewaris 2019)
befolkingstichtens 879 / km²
oerflak 132,50 km²
● wêrfan lân 126,23 km²
● wêrfan wetter 6,27 km²
tal stêden 1
tal doarpen 7
ferkearsieren N11, N207
skiednis
oprjochte 2014
oar
netnûmer 0172, 079
postkoade 2400 - 2409
2445 (Aarlanderveen)
2471 (Zwammerdam)
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.alphenaandenrijn.nl
Topografyske gemeentekaart fan Alfen de Ryn

Alfen oan de Ryn (Nederlânsk en offisjeel: Alphen aan den Rijn) is in stêd en gemeente yn Súd-Hollân, en leit oan de Alde Ryn tusken Leien, Gouda en Bodegraven en Ter Aar. Bûten de stêd Alfen oan de Ryn sels telt de gemeente ek noch de doarpen Aarlanderveen, Benthuizen, Boskoop, Hazerswoude-Dorp, Hazerswoude-Rijndijk, Koudekerk aan den Rijn en Zwammerdam en de buortskip Groenendijk.

Alfen oan de Ryn leit by de gearfoeging fan it lytse rivierke de Aar en de Alde Ryn, dy't fan Utert ôf nei Leien streamt. Alfen wurdt oan de eastkant begrinzge troch de Gouwe en it Aarkanaal, en yn it westen troch de Heimanswjittering. Alfen wurdt trochsnien troch de Alde Ryn. Der binne fiif brêgen oer de Alde Ryn, dêrfan binne der twa allinnich foar fuotgongers. It oerflak fan de gemeente Alfen oan de Ryn is 132,50 km², wêrfan 6,27 km² wetter. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 hie de gemeente in ynwennertal fan 110.986 en de stêd Alfen oan de Ryn sels hie 72.875 ynwenners (boarne: CBS). Yn oktober 2001 is Alfen oan de Ryn ta Grienste stêd fan Nederlân útroppen. Yn septimber 2002 waard Alfen oan de Ryn sels útroppen as de Grienste Stêd fan Jeropa. Oan de Rynhaven leit in grut yndustryterrein. Dêr stiet ek de 135 meter hege KPN toer, dy't út alle kanten fan Alfen oan de Ryn wei te sjen is. Dy toer wie de earste dy't troch Nozema foar de trochjefte fan digitale etertelefyzje brûkt waard.

Offisjeel hat Alfen oan de Ryn de folgjende wiken, dat ek de postkoadegebieten binne: Oudshoorn (2401), Ridderveld (2402), Zegersloot (2403), Hoorn (2404), Hoge Zijde (2405), Lage Zijde (2406), Steekterpolder (2407), Kerk en Zanen (2408) en Rietveld (2409). De doarpen Aarlanderveen (2445) Benthuizen (2732), Boskoop (2771), Hazerswoude-Dorp (2852), Hazerswoude-Rijndijk (2851), Koudekerk aan den Rijn (2850) en Zwammerdam (2471).

De wiken binne wer ûnderferparte yn buerten, dêr't guon fan allinnich yn de folksmûle bestean, bygelyks:

  • It Griene doarp is ûntstien troch de oarspronklike griene kleur fan it skilderwurk op de wenten en troch de relaasje mei it "Reade Doarp' dat der njonken leit. Dêr't no it Griene Doarp leit stie earder in stienfabryk. De nammen fan de strjitten komme fan dy fabryk, bygelyks Pannenwerk en Kleiwerf.
  • Yn it Reade doarp wennen de wurknimmers fan it eardere stienfabryk. De namme is ûntstien troch de reade kleur fan de dakpannen op de huzen.

Alfen oan de Ryn hat in stasjon oan it spoar fan Utert nei Leien. Fan Alfen oan de Ryn út kin ek mei de lichttrein nei Gouda reizge wurde; earder wie dit in gewoane treinferbining. Yn it ferline wie der ek in spoarwei fan Uithoorn oer Nieuwkoop en Ter Aar nei Alfen, mar dy is opheft.

Fan Leien út, mei in oansluting oan de A4, is Alfen mei de auto te berikken oer rykswei N11, dy't trochlutsen is oant Bodegraven en dêr oansluting jout op de gongwei nei Utert. Op de hichte fan Alfen is in akwadukt oanlein yn de Gouwe dêr't rykswei 11 ûndertroch giet. Ut noardlike rjochting is Alfen te berikken oer de provinsjale wei N207 rjochting Haarlimmermarpolder. Dy drokke dyk rint njonken de Gouwe troch nei Gouda.

It gebiet by Alfen oan de Ryn waard 2.000 jier lyn al bewenne. Yn de Romeinske tiid wie de Alde Ryn de haadstream fan de Ryn. De rivier sette by oerstreamings sân en klaai ôf, wêrtroch't in lânskip fan ouwerwâlen en kommen ûntstie. Yn Alfen is dit noch altyd werom te kennen yn de nammejouwing fan de stedsdielen "Hege kant" en "Lege kant", oan de lofter- respektivelik rjochterouwer fan de rivier.

Op it stee dêr't no it sintrum fan Alfen oan de Ryn leit, stie yn Romeinske tiden it castellum Albanianae. De Romeinen bouden doe ek de earste brêge oer de Alde Ryn. Sûnt it regear fan de Romeinske keizer Claudius (41 - 54 nei Kr.) wienen der al soldaten fan it Romeinske leger legere. De noardlike grins fan it Romeinske Ryk lei nammentlik by de hjoeddeiske Alde Ryn lâns, en dêr waarden dan ek troch de Romeinen ferskate fersterke legerplakken boud. Sa binne yn it tichteby lizzende doarp Zwammerdam rêsten fan in Romeinsk castellum fûn, krektas rêsten fan 6 Romeinske platboaiems. Al yn de Romeinske tiid ûntwikkele him hannel en yndustry, wêrtroch't Alfen oan de Ryn stadichoan útgroeide ta in wichtich hannelssintrum yn de omkriten. Germaanske oanfallen makken dêr yn 240 nei Kr. in ein oan.

Nei in soad lijen en problemen mei oerstreamingen, benammen yn Utert en Leien, waard de Alde Ryn yn 1122 by Wijk by Duurstede ôfdamme. De ôftakking dy't earst as "Lek" begûn, waard de haadstream fan de rivier. Sûnt dy tiid oerstreamde de Alde Ryn it lân net mear. Yn en nei de Midsiuwen wie Alfen in ambachtshearlikheid ûnder de namme Alfen en Rietveld.

Yn de 17e iuw kaam Alfen fierder ta bloei. It wie doe in pleisterplak foar postriders en hannelsferkear oer lân en wetter. Op dielen by de Alde Ryn lâns is no noch it jaachpaad te sjen, dêr't de trekskûten lutsen waarden. De hjoeddeiske gemeente Alfen oan de Ryn is foarme yn 1918. Doe waarden de lytsere gemeenten Alfen, Aarlanderveen en Oudshoorn gearfoege. Yn 1964 waard de gemeente útwreide mei Zwammerdam.

Op 1 jannewaris 2014 waarden de gemeenten Alfen oan de Ryn, Boskoop en Rijnwoude gearfoege ta in nije gemeente ûnder de namme Alfen oan de Ryn.

It wapen fan Alfen oan de Ryn is takend op 8 maaie 1918 en bestiet út in swarte achtpuntige stjer op in wyt wapenskyld. Boppe-op it skyld stiet in gouden kroan. It skyld wurdt fêsthâlden troch twa gouden liuwen. It wapen wie oarspronklik fan de famylje fan Alfen, in staach fan de famylje Fan Kralingen. In Dirk fan Cralingen (berne foar 1189) hie besittings yn de buert fan Alfen en neamde him letter Fan Alfen.

Hefbrêge

De opfallende hefbrêge by de Gouweslûs oer de Gouwe waard ein tritiger jierren fan de 20e iuw boud. De Gouwe waard ferbrede om de skipfeartferbining tusken Amsterdam en Rotterdam te ferbetterjen. Soartgelikense brêgen waarden yn Boskoop en Waddinxveen boud. Yn de Twadde Wrâldkriich binne der springladings by de brêge setten om dizze yn gefal fan need op te blazen, wat net nedich blykte. Mar troch bliksemynslach is ien fan de ladingen dochs ûntploft. Yn de Santiger jierren fan de 20e iuw is de brêge troch in frachtwein op 'en nij bot skansearre. Op 'e hichte fan de hefbrêge foar it autoferkear, leit dêr in draaibrêge foar de trein.

Alfen oan de Ryn hie foar de Twadde Wrâldkriich in lytse Joadske mienskip. Yn 1930 wennen der yn Alfen en omkriten 55 joaden. Fierwei de measte joaden binne yn oktober 1942 deportearre en dêrnei fermoarde, mar in pear oerlibben de oarloch om ûnder te dûken. Oan it Raoul Wallenbergplein stiet it joadsk monumint mei alle nammen fan de omkommen joaden. De joadske gemeente fan Alfen is yn 1947 opheft en by dy fan Leien foege. It joadske begraafplak is yn 1964 romme, de stoflike omskotten waarden oerbrocht nei it joadske begraafplak yn Katwyk. De synagoge waard oernommen troch de Remonstrantske Tsjerke. Yn 1980 waard ûnder de tsjerkeflier in kiste mei ûnder oaren in chanoekia fûn, in kandler dy't by in Joadsk feest brûkt wurdt. Dy kandler waard ynset fan muoisume ûnderhandelingen tusken de Kommisje Joadsk Erfgoed en de Remonstrantske gemeente. De gemeente woe de kandler in har tsjerke sette. De chanoekia bedarre úteinlik yn 1991 yn it Yad Vashem-museum yn Jeruzalem.

Nei 1950 begûn de stêd hiel sterk te groeien. Der waarden grutte útwreidings oan de noardside fan de stêd boud, dy't oarspronklik mei ôfgrizen as "dy flats" besjoen waarden troch âlde Alfenaren. Sûnt de jierren 1990 waard ek in grutte wenwyk besuden it spoar boud, Tsjerke en Sanen. Alfen ûntwikkele him as in forinzestêd, mar binnen de grinzen kaam ek hieltyd mear wurkgelegenheid.

Ein jierren tachtich fan e 20e iuw kaam Alfen yn it lanlike nijs. Op it jiskelân yn de Coupépolder bliek in soad fergif stoarten te wêzen. Op de Coupépolder waard in golfbaan oanlein. Der moasten in soad maatregels troffen wurde om te foarkommen dat de gifstoffen yn it grûnwetter terjochte kamen.

De namme Alfen is wierskynlik ôfkomstich fan de namme fan it Romeinske castellum Albanianae, dat "delsetting oan it wite wetter" betsjut.

De televysje toer fan Alfen oan de Ryn
  • Oudshoornse Tsjerke: In herfoarme tsjerke oan de ouwer fan de Alde Ryn, stiften yn 1665 troch Knilles de Flaming .
  • Remonstrantske tsjerke: Dat wie earder in synagoge.
  • Nôtmole de Iendracht: De 11 meter brede stellingmole is fan 1752 en wie oarspronklik boud oan de noardein fan de rivier de Gouwe. De mole is yn 1898 oerpleatst nei Alfen oan de Ryn om in oare mole te ferfangen. De mole is oant 1955 kommersjeel brûkt, en is alle sneonen iepen foar publyk.
  • Eartiidsk Riedshûs: Yn it gebou oan it Boargemaster Visserpark sit no de muzykskoalle. Oan itselde park leit de filla Sonnehoeck út 1920, dat in gemeentlik monumint is.
  • Stedhûs: Yn jannewaris 2003 waard in nij stedhûs iepene, in revolusjonêr ûntwerp, nei de trends fan dy tiid mei in soad iepenheid en glês.
  • Katolike Sint-Bonifatiustsjerke: Neogoatyske tsjerke út 1884 nei ûntwerp fan Evert Margry.
  • Grêfkapel famylje De Smeth: Yn dy grêfkapel waarden in soad leden fan de aadlike famylje De Smeth bysetten yn de 18e en 19e iuw. Dizze stiet efter de Advintstsjerke.
  • Advintstsjerke: Dat wie de earste Bonifatiustsjerke, mar by de Byldestoarm ferwoaste en wer opboud as protestantske tsjerke. De tsjerke is boud nei in ûntwerp fan arsjitekt W. Ch. Kuijper jr yn de jierren 1920 – 1922. De tsjerke ferriisde op it plak fan de âlde doarpstsjerke dy't op 7 april 1916 ôfbaarnde. Yn 1962 waard yn de 40 meter hege toer in beiaard fan 45 klokken hongen; de liedklokken fan de tsjerke weagje resp. 1162 en 864 kilo. It oargel is in unyk Steinmeyer-oargel dat yn 1982 restaurearre en útwreide is.
  • Fûgelpark Avifauna: in grut fûgelpark mei in soad grien en fivers, in restaurant, en in grutte boarterstún, eigendom fan it Van der Valk konsern, tsjintwurdich Stifting Fûgelpark Avifauna. It park is oprjochte op 17 maaie 1950.
  • Archeon: In temapark oer it libben ferline fan Nederlân. Mei replika's fan 43 gebouwen út de prehistoarje, út de Romeinske tiid en út de Midsiuwen. It park bestiet sûnt 1994.
  • Rekreaasjepark Zegersloot: Fyts- en kuiergebiet mei bernebuorkerij, en mei in grutte plasse dy't ûntstien is troch sânwinning, de Zegerplas. Yn en om de Zegerplasse hinne wurde ferskate wettersporten beoefene, lykas wynsurfen, wetterskyen en sportdûken.
  • Griene Hert: Alfen oan de Ryn leit middenyn it Griene Hert. Der binne in oantal lange-ôfstânspaden yn de omkriten útset, lykas by de mole-fjouwergong lâns rjochting Nieuwkoop.
  • It Kastiel: Pop- en Kultuerpoadium oan de Konsertwei yn Alfen oan de Ryn.
  • 20 fan Alfen: Ferkearsfrije 20 kilometerloop. Dy is alle jierren op de twadde snein fan maart. De earste 20 fan Alfen waard yn 1952 organisearre. Sûnt 1987 hat de 20 fan Alfen de status fan ynternasjonale weiwedstryd.
  • Jiermerk: Elke tredde woansdei yn septimber. Tradisjoneel in regionale jiermerk foar lokale produkten, is dy merk letter útgroeid ta ien fan de grutste jiermerken fan Nederlân,
  • Gondelfeart: De jûn foar de Jiermerk is de Alfenske gondelfeart.
  • Oldtimerdei: Begjin septimber wurde yn de winkelstrjitten fan Alfen Oldtimers tentoansteld.
  • Taptoe Alfen: Op de sneontejûn foar de jiermerk dogge in oantal muzykkorpsen harren sjo op it Thorbeckeplein. De earste Taptoe wie yn 1989.
  • De twa oeren fan Alfen: Op keninginnedei wurdt alle jierren De twa oeren fan Alfen hâlden, ien fan de klassikers yn de nasjonale wynsurfkampioenskippen. By dy twa oeren duorjende race giet it der om wa't de measte rûntsjes fart op in op de Zegerplas útlein sirkwy.
  • LAURA: Fytsfjouwerdaachske yn de earste wike fan july. Yn 2007 waard de 60ste Alfenske Fytsfjouwerdaachske hâlden.

Ferneamde Alfenaren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
· · Berjocht bewurkje