Springe nei ynhâld

Archeon

Ut Wikipedy
Binnenplak fan it Romeinske badhûs
Gladiatorgefjocht
Archeotolk yn de apteek fan 'Gravendam'

It Archeon is in earder temapark en fan 2015 ôf iepenloftmuseum yn it suden fan Alfen oan de Ryn dat him rjochtet op de Nederlânske skiednis.

It park is yn trije haaddielen ferdield: de prehistoarje, de Romeinske tiid en de Midsiuwen. Yn dy dielen steane gebouwen dy't ofwol letterlik nei in archeologysk model ofwol yn de styl fan it bepaalde tiidrek boud binne. Wurknimmers yn it park (archeotolken neamd), klaaid neffens de moade fan it betreffende tiidrek, spylje typyske wurksumheden foar harren tiidrek nei, lykas weve, lân bewurkje en potten bakke en ljochtsje de besikers dêroer foar.

Ek wurde der ferskate tema-eveneminten as toaniel- en gladiatoaregefjochten organisearre mei Libbene Skiednis. Foar skoallen is yn edukatyf programma. Ek kinne der it hiele jier troch feesten jûn wurde.

It Archeon waard yn 1994 iepene. It lei doe op in tige grut terrein en hie in ambisjeuze opset. Doe't it troch in oantal redens yn 1996 fallyt drige te gean, waard in diel fan de grûn en it haadgebou (dat yn 1992 op de Wrâldtentoanstelling as Nederlânsk paviljoen tsjinne hie) ferkocht. It park waard nettsjinsteande dat yn 1996 dochs fallyt ferklearre, mar wist in trochstart te meitsjen mei in nije direksje. Troch it ferkeapjen fan de grûn oan de gemeente Alphen aan den Rijn leit it Archeon no middenyn in de wenwyk Burggooi.

It Archeon biedt ek edukative programma's oan. Foar basisskoallelearlingen hat it museum in pakket ûntwikkele dat oanslút by in pear yn it skiednisûnderwiis in soad brûkte lesmetoaden. Yn de moannen dat it park ticht is, komme archeotolken nei skoallen.

Foarbylden samling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Namme Ofbyld Lokaasje Perioade Ekstra ynformaasje
Kano fan Pesse Pesse 8040 - 7510 foar Kristus âldste beamstamkano fan de wrâld (rekonstruksjie)
Skippen fan Zwammerdam Zwammerdam 50 f. Kr - 250 nei Kr. Frachtskippen, kano's (orizjinelen en rekonstruksjes)
Skilden en helmen Romeinske legers Europa 50 f. Kr - 450 nei Kr. argeologyske rekonstruksjes
Filla fan Rijswijk Rijswijk 3e iuw nei Kristus ta Romeinske filla ferboude pleats
Archeologiehuis Zuid-Holland[1]
Wytsingeboat Gokstad faering Oslo sa'n 880 nei Kr. argeologyske rekonstruksje
Minderbruorrekleaster Dordrecht 1350 Kleastergong, koken, ytseal, sliepseal (rekonstruearre)
Minderbruorren mûntsen 1350 Archeotolken, sjongende muontsen, muzyk en klean wittenskiplik rekonstruearre
Midsiuwsk keapmanshûs mei eksploitant Midsiuwen Winkelpân, stoffen, boargerklaaing (archeologyske rekonstruksjes)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De geschiedenis van Villa Rijswijk. Archeologiehuis Zuid-Holland. argyfearre op 28 july 2021.