Kees Jansma

Ut Wikipedy
Kees Jansma

Cornelis Johannes (Kees) Jansma (Amsterdam, 26 juny 1947) is in Nederlânsk sportpresintator, produsint en earder parsesjef fan it Nederlânsk alvetal.

Jansma presintearret op dit stuit útstjoerings fan FOX Sports, lykas De Tafel van Kees en Natafelen met Kees. Nei't er jierren foar de NOS wurke hie, makke hy de oerstap nei Canal+, wat letter Sport1 wurde soe. Tegearre mei Wil Moerer wie Jansma boppedat telefyzjeprodusint. Yn 'e simmer fan 2011 waard er presintator fan Eredivisie Live en sûnt it fuotbalseizoen 2013-2014 presintearret er foar FOX Sports.

Fan 2004 oant en mei 2014 wie Jansma parsesjef fan it Nederlânsk fuotbalalvetal. Op 13 july 2014, nei't Oranje tredde waard op 'e WK yn Brazylje, stoppe er mei dat wurk.