Leviticus
Leviticus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | ויקרא ("Vayikra") | |
auteur | anonym | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 586 – 538 f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Alde Testamint | |
● foarich diel | Exodus | |
● folgjend diel | Numeri | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Leviticus | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Leviticus (in Latynske namme dy't ûntliend is oan it Grykske Λευιτικός, Leuitikos, dat "Oangeande de Leviten" betsjut), yn it oarspronklike Hebriuwsk: ויקרא, Vayikra ("En Hy Rôp"), is it trêde boek yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach falt it ûnder de Torah (de "Leare" of "Wet"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel falt it ûnder de Wet. Leviticus, wêrfan't de titel ferwiist nei de Leviten, de Israelityske stamme dy't alle preesters levere), beskriuwt op yngeande wize de foarskriften en ferboaden fan 'e joadske wet. Dêrby stipet it boek op twa krúsjale leauwenseleminten: yn it foarste plak dat de wrâld skepen is om "tige goed" (Genesis 1:31) te wêzen, en dat noch altiten de mooglikheid bestiet om dy steat te berikken, ek al is de skepping kwetsber foar sûnde en besmoarging; en oard dat de trouwe neilibbing fan 'e beskreaune rituëlen de oanwêzichheid fan God tichterby bringt, wylst it negearjen of ferbrekken fan 'e foarskriften de harmony tusken God en de wrâld teneate docht. De earste folsleine Fryske oersetting fan Leviticus stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje soe de profeet Mozes de skriuwer fan it boek wêze, of soe it alteast út syn tiid datearje, mar út 'e tekst kinne bibelwittenskippers opmeitsje dat it pas nei de ein fan 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 538 f.Kr., ûntstien is.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it bibelboek Leviticus wurdt yngeand omtinken jûn oan 'e joadske wet. Underwerpen dy't oan 'e oarder komme, binne û.m.: it brânoffer, it moaloffer, it frede-offer, de ûnderskate sûnde-offers, it skuldoffer, de preesterwijinge, itensfoarskriften, reine en ûnreine bisten, foarskriften by de befalling en by sykten en ferwûnings, seksuële reinheid, strafbepalings, hjeldagen en feesten, it sabbatsjier, it lossen fan skulden, de soarch foar de earmen, de behanneling fan slaven en it ynlossen fan geloften.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerben Colmjon sette yn 1863 in fragmint út Leviticus oer yn it Frysk (Lev. 19:11-13), dat útjûn waard as taheakke by dy syn Beknopte Friesche Spraakkunst. Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Leviticus 19:9-18 út. De earste folsleine útjefte fan Leviticus stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Leviticus waard dêrby dien troch dû. F.D. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch sawol Ulbe van Houten as H. Twerda.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |