Losser (bibelsk begryp)
Appearance
In losser is in bibelsk begryp, dat û.m. neamd wurdt yn Leviticus 25:25-34 en 47-49, mar dat benammentlik bekend is út it boek Ruth, dêr't it yn kombinaasje mei it leviraatshoulik brûkt wurdt. Yn it âlde Israel wie in losser immen dy't bewissigje moast dat syn ferearme famylje wer yn it besit fan harren lân komme koe dat se út earmoede ferkeapje moatten hiene. Sa moast men eigen folk beskermje tsjin útrûpeling troch frjemden.