Knyn (húsdier)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Knyn (húsdier)
Coello GDFL000.JPG
taksonomy
Ryk: Dieren (Animalia)
Stamme: Rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: Sûchdieren (Mammalia)
Skift: Hazze-eftigen (Lagomorpha)
Famylje: Hazzen en kninen (Leporidae)
Skaai: Jeropeeske kninen (Oryctolagus)
soarte
Oryctolagus cuniculus
IUCN-status: n.f.t. (húsdier)

De knyn wurdt al sûnt de Romeinske tiid as húsdier holden, yn 't earstoan noch poer foar it fleis, mar fan 'e njoggentjinde ieu ôf ek as selskipsdier. Troch it fokken fan kninen binne der in grut tal rassen ûntstien, wêrfan't guon op lichaamlik mêd tige by tige ôfwike fan 'e wylde knyn, dêr't se fan ôfstamje. De Flaamske reus kin bgl. mear as 8 kg weagje, wylst der ek dwerchkninerassen besteane mei in gewicht fan minder as 1 kg. Trochinoar weagje kninen lykwols 1½ oant 2 kg. Ek komme der alderhanne kleuren foar: wyt, alle nuânses brún, swart, griis, blau, bûnt, ensfh. Kninen binne kwetsber foar sykten as myksomatoaze en RHD (rabbit haemorrhagic disease; "kninebloedfloeien"), en moatte, as it goed sil, eins ien kear jiers dêrtsjin yninte wurde.

In Flaamske reus as selskipsdier.



Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer biology.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.