Jeropeeske wei
De Jeropeeske wegen binne diken dy't troch de letter E en guon sifers oantsjutten wurde. It nûmeringsysteem waard troch de Jeropeeske Ekonomyske Kommisje fan de Feriene Naasjes (UNECE) ûntwikkele. It netwurk wurdt nûmere fan E1 ôf en heger en de diken dêrfan rinne oer nasjonale grinzen hinne. It netwurk rint oant yn Sintraal-Aazje en Lyts-Aazje ta, om't dy lannen lid fan de UNECE binne. De rûte wurdt almeast oer autodiken en guon gefallen oer autowegen laat.
Yn de measte lannen, binne de diken mei de Jeropeeske nûmers nûmere, njonken de nasjonale nûmers. Yn Belgje, Noarwegen en Sweden hawwe de diken allinnich de Jeropeeske nûmers (bygelyks E18 en E6). It Feriene Keninkryk brûkt allinnich syn eigen nûmers, en net de Jeropeeske. Yn Denemark wurde allinnich de Jeropeeske nûmers brûkt, mar dêr binne ek offisjele nammen foar de autodiken, dy't bygelyks yn it nijs en de waarberjochten brûkt wurde. Yn Nederlân en Dútslân ferskine de Jeropeeske nûmers njonken de eigen nasjonale nûmers.
Oare kontininten hawwe gelikese ynternasjonale dikenetwurken, sa as bygelyks de Panamerikaanske wei yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, de Transafrikaanske wei yn Afrika en de Aziatyske wei en Aazje.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It earste netwurk fan E-diken komt fan de 1950-er jierren. Op 16 septimber 1950 waard der yn Genève in ferdrach ûndertekene dêr't in ferklearring foar it bouwen fan haadwegen yn fêststeld waard. Oant hjoed-de-dei hawwe 27 lannen dat ferdrach ûndertekene.
Yn 1951 waard it netwurk útwreide mei Jûgoslaavje en Turkije, yn 1955 mei Spanje, yn 1963 mei Bulgarije, yn 1966 mei Hongarije en Roemeenje en yn 1968 mei Ierlân. Yn 1968 wiene der offisjeel gjin Jeropeeske wegen yn de Sovjet-Uny. Yn de iere 1970-er jierren woene in tal lannen mear diken yn it netwurk taheakje. Dêrtroch waard it needsaaklik en fier in nij systeem yn.
Yn 1975 waard der i nij ferdrach sletten. Mei útsûndering fan Spanje en Ierlân, trêden de 27 lannen, dy't by it âlde ferdrach oansletten wiene, ek ta ta it nije ferdrach.
De wichtichste E-diken krigen de nûmers fan E1 oant en mei E22, letter útwreide oant en mei E27. De E28, E29 en E30 wiene reservenûmers en waarden nea takend. De bywegen krigen in nûmer fan E31 oant E92, en letter noch útwreide oant en mei E126. Yn de rin fan de jierren, waarden der likernôch 27 kear oanpassings dien yn it netwurk.
Yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De E22 rint troch Fryslân hinne en folget it trasee fan de A7 oer de Ofslútdyk hinne by de plakken Boalsert, Snits, De Jouwer, It Hearrenfean en Drachten del. Ek rint er troch East-Fryslân hinne oer de A280, A31 en A28 by de plakken Bunde en Lier del. Eartiids rûn de E10 fan Parys oer Rotterdam, Amsterdam, de Ofslútdyk, Harns en Ljouwert nei Grins ta. By it nije nûmeringsysteem waard de E10 opheft en ferfongen troch de E22.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch Bronnen, noten en/of referenties op dizze side, en op References op dizze side.
|