Springe nei ynhâld

It Could Happen to You (film út 1994)

Ut Wikipedy
It Could Happen to You
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Andrew Bergman
produsint Mike Lobell
Gary Adelson
senario Jane Anderson
kamerarezjy Caleb Deschanel
muzyk Carter Burwell
Joe Mulherin
filmstudio TriStar Pictures
distribúsje TriStar Pictures
spilers
haadrollen Nicolas Cage
Bridget Fonda
voice-over Isaac Hayes
byrollen Rosie Perez
Wendell Pierce
Isaac Hayes
Stanley Tucci
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 29 july 1994
foarm langspylfilm
sjenre romantysk komeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 101 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $37,9 miljoen

It Could Happen to You is in Amerikaanske romantysk komeedzjedrama út 1994 ûnder rezjy fan Andrew Bergman, mei yn 'e haadrollen Nicolas Cage en Bridget Fonda. De titel betsjut "It Kin Dy ek Oerkomme". It ferhaal giet oer in plysjeman yn New York dy't de lotterij wint en neitiid it jild dielt mei in servearster dy't er dat ûnthjitten hie om't er de deis tefoaren gjin jild foar in foai by him hie. Wat it útgongspunt oangie, wie de film basearre op in wier bard gefal, mar de fierdere útwurking fan it ferhaal is folslein fiktyf. It Could Happen to You krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film in hiel beskieden kommersjeel súkseske.

Charlie Lang is in sympatike en goederjouske plysjeman út 'e New Yorkske borough Queens, dy't hâldt fan syn wurk. Syn frou Muriel, in hierknipster, is lykwols in egoïstyske, ynklauwerige fekke, dy't oan ien tried wei klaget oer har libben en nearne tefreden mei is. Op in dei stiet se der by Charlie op oan dat er in lot foar de steatslotterij fan New York keapet, om't har deade heit yn in dream oan har ferskynd is yn 'e foarm fan trije winnende plaatsjes op in gokautomaat. Charlie, dy't wend is om Muriel yn alles har sin te jaan, docht wat him opdroegen wurdt. Letter dy moarn stekke hy en syn partner Bo Williams oan by in kafetaria. Charlie is oan bar om te beteljen, mar hy ûntdekt dat er net genôch jild by him hat om behalven de priis fan 'e kofje ek de foai fan 'e servearster te beteljen. Dêrom biedt er oan om har ynstee de helte te jaan fan wat er ek mar op syn lot falle meie.

De servearster is Yvonne Biasi, dy't earder dy deis troch de rjochtbank fallyt ferklearre is omreden fan in skuld fan $12.000 dy't har man, de liddichgonger Eddie, op har namme oprûn hat. Hoewol't Yvonne en Eddie al tiden skieden binne fan tafel en bêd, is harren houlik noch altyd net ûntbûn om't Yvonne de priis fan in skieding ienfâldichwei net betelje kin. Sadwaande draait se likegoed op foar Eddie syn skuld. Letter, as se op har wurk komt, wegeret har baas begryp op te bringen foar har sitewaasje. Ynstee hâldt er de oeren dy't se ôfwêzich wie om't se nei de rjochtbank moast, yn op har salaris. As Charlie har foai net betelje kin, makket dat sadwaande har dei kompleet. Se behannelet him koartôf en ferwachtet him nea werom te sjen.

Dy jûns sjogge Charlie en Muriel op 'e tillefyzje dat it haadpriis op harren lotnûmer fallen is. De priis bedraacht yn totaal $69 miljoen, mar der binne mear dielnimmers oan 'e lotterij dy't itselde nûmer ynfolle hawwe, dat it prizejild moat ferparte wurde. Uteinlik krije Charlie en Muriel $4 miljoen. Muriel is alhiel yn 'e wolkens, hoewol in bytsje deprimearre dat der mar sa'n 'bytsje' fan 'e priis oerbleaun is. As Charlie har fertelt dat er de helte fan 'e priis weijûn hat en dat er fan doel is om him oan syn ûnthjit oan Yvonne te hâlden, spuit Muriel dan ek raar guod. Charlie is lykwols net fan syn foarnimmen ôf te bringen. De oare deis giet er wer nei de kafetaria dêr't Yvonne wurket en fertelt er har it goede nijs. As de media lucht krije fan dizze gong fan saken, wurdt de kwestje breed útmetten yn 'e kranten en op 'e tillefyzje: "Plysjeman Jout $2 mln Wei oan Servearster". Charlie en Yvonne wurde op slach wrâldferneamd yn hiel New York. Muriel besiket der it bêste fan te meitsjen troch harsels oan te priizgjen as "de hierknipster mei it hert fan goud".

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yvonne brûkt in diel fan har jild om 'e kafetaria dêr't se wurket fan har ûnsympatike baas oer te keapjen. Al har kollega's hâldt se yn 'e tsjinst. Se reservearret in spesjale tafel, dy't se nei Charlie ferneamt, dêr't dakleazen fergees ite kinne. Underwilens giet Charlie gewoan wer oan it wurk as plysjeman. As er lykwols in oerfal op in buertwinkel feridelet, wurdt er troch ien fan 'e dieders yn it skouder sketten, sadat er in skoft thús sitte moat om op te betterjen. Dat wurdt gjin súkses, want Muriel hat it har yn 'e holle helle om harren appartemint folslein ferbouwe te litten, dat thús fynt Charlie gjin rêst.

Muriel kin net wachtsje om it no breed hingje te litten. Se fynt it geweldich om har by de New Yorkske high society te jaan, eat dêr't Charlie fan griist. As se nei in koarte rûnfeart op in lúkse jacht troch de haven fan New York geane, treft se dêr de rike, âldere Jack Gross, dy't har ynpalmt mei syn ferhalen oer hoe't er syn fortún wûn hat op 'e effektebeurs. Underwilens giet Charlie fan board as er sjocht dat Yvonne mei de taksy arrivearret. Hja is oan 'e lette kant, en foar't se de taksy betelle hat, fart it jacht fuort sûnder har en Charlie. Se geane dêrnei tegearre nei in restaurant yn 'e haven, dêr't se dinearje en prate, en ûntdekke dat se fierhinne itselde tsjin 'e wrâld oansjogge. Ear't se op hûs oan giet, freget Yvonne Charlie om nochris wat tiid mei har troch te bringen, dat se prate de folgjende middeis ôf. As it jacht weromkomt, is Charlie bang wat Muriel oer syn ôfwêzigens sizze sil, mar as er oan board giet en har weromfynt, docht bliken dat se him net iens mist hat.

De oare deis bringe Charlie en Yvonne mear tiid mei-inoar troch en yn 'e metro keapje se in grutte sek fol metromuntsjes, dy't se yn 'e jûnsspits útdiele oan 'e passazjiers, gewoan om't se leuk fine om jild wei te jaan. Dat ferhaal komt yn alle kranten, ta argewaasje fan Muriel, dy't it net safolle skele kin dat Charlie tiid mei in oare frou trochbringt, mar wol dat er 'har' jild weigriemt. Charlie kriget it lykwols net foarinoar om like deun te wêzen as Muriel. As er fan 'e boargemaster in ûnderskieding foar moed kriget foar syn rol by it ferideljen fan 'e oerfal, makket er bekend dat er in skinking fan $20.000 oan it fûns foar widdowen en wezen fan plysjeminsken docht, wylst Muriel knarsetoskjend tasjocht. Letter nimt er mei Yvonne en syn kollega Bo de buertbern mei om in potsje honkbal te spyljen, wêrfoar't er it stadion fan 'e New York Yankees ôfhiert.

Lang om let hat Muriel skjin har nocht fan Charlie syn goederjouskens, dy't sy as in oanhâldende rige stommiteiten beskôget. Se beslute dat se folslein ferskillende dingen hawwe wolle út it libben en Muriel fertelt Charlie dat se fan him skiede wol. Dyselde jûns noch ferlit Charlie harren appartemint. Hy is fan doel om te oernachtsjen yn in goedkeap motel, mar syn buorjonge Jesú freget him wêrom't er net nei it Plaza Hotel giet (ien fan 'e djoerste hotels fan New York), mei't er dat no wol betelje kin. Underwilens komt Yvonne dyselde jûns thús om te ûntdekken dat har fan har ferfrjemde man Eddie har appartemint binnenkrongen is (dêr't er noch altyd de kaai fan hie) en no docht as wennet er dêr. Hy wegeret fuort te gean oant se him $50.000 jout om in eigen toanielselskip mei te begjinnen. Ynstee fan oan syn sjantaazje ta te jaan, ferlit Yvonne har eigen appartemint en beslút se de nacht troch te bringen yn it Plaza Hotel. Yn 'e lobby fan it hotel rinne Charlie en Yvonne inoar ûnferwachts tsjin it liif. Se krije oanbuorjende hotelkeamers tawiisd mei in tuskendoar en it rint derop út dat se de nacht mei-inoar trochbringe.

De skieding fan Charlie en Muriel rint út op in rjochtsaak as Muriel net inkeld beslach lizze lit op 'e hiele $2 miljoen fan har en Charlie, mar ek op 'e $2 miljoen fan Yvonne. Charlie hat der gjin beswier tsjin om syn eigen jild oan Muriel ôf te stean, mar hy fynt dat se fan oarmans jild ôfbliuwe moat. Muriel hat dêr gjin boadskip oan. Se nimt de glêde (en djoere) abbekaat C. Vernon Hale yn 'e earm, dy't it foarkomme lit as hiene Charlie en Yvonne al in bûtenechtlike relaasje foar't er it lot mei har dielde. Yvonne wurdt dêrby weiset as in ynklauwerige nymfomane. As de sjuery, dy't tanksij Hale fol mei rike froulju fan itselde kaliber as Muriel sit, beslút om Muriel op alle punten yn it gelyk te stellen, draaft Yvonne yn triennen út 'e rjochtseal wei en besiket de relaasje mei Charlie te beëinigjen om't se him inkeld ûngelok bringt.

Charlie, dy't tsjin dy tiid smoarfereale op har is, lit him net sa maklik oan 'e kant sette. Hy siket har op yn har kafetaria, dy't se no ferkeapje moat om oan genôch jild te kommen dêr't se Muriel fan 'werombetelje' kin. Hy fertelt har dat it jild him hielendal neat skele kin en dat er allinne har mar hawwe wol. Se fermoedsoenje har mei-inoar en meitsje plannen om New York te ferlitten om in nij bestean op te bouwen yn Buffalo. Wylst se op yntime wize oan it slowdancen binne, kloppet der in dakleaze op it rút, dy't mei gebearten dúdlik makket dat er honger hat. Se nûgje him deryn en Yvonne makket in miel foar him ta. Wylst er dat oan 'e spesjale tafel bepluzet, ferfetsje sy en Charlie harren slowdance. De dakleaze lûkt syn mouwe op en makket mei syn horloazje, dat gjin horloazje mar in fototastel is, foto's fan harren. As er letter de kafetaria ferlit, wurdt er oppikt troch in auto en docht er de prúk ôf dy't er op hie.

De oare moarns stiet op 'e foarside fan 'e krante in foto fan 'e slowdance fan Charlie en Yvonne. De dakleaze wie nammentlik sjoernalist Angel Dupree yn momkape, dy't in oangripend artikel tafoege hat. Dêryn beskriuwt er hoe't dizze beide goede minsken sels yn har tsjusterste oere in hongerige dakleaze deryn fregen en te iten joegen en hoe't Charlie him, doe't er fuort soe, út eigen bûse jild mei joech en syn ûntskuldigings oanbea om't er net mear jaan koe. It stik einiget mei it foarstel om dizze lju in foai te stjoeren, mei it adres fan 'e kafetaria derby. Letter dy deis, as Charlie en Yvonne in lêste besyk oan 'e kafetaria bringe foar't se ôfreizgje sille nei Buffalo, kinne se de doar suver net iepenkrije, sa'n ûnbidige steapel post leit derefter. Wylst se de brieven begjinne iepen te meitsjen, dy't fol sitte mei lytse jeften fan almeast 5 oant 10 dollar, arrivearret der in buske fan 'e posterijen mei noch in stik as seis postsekken fol. Uteinlik hawwe se trije dagen wurk om alle brieven iepen te meitsjen, en as alle jild opteld wurdt, docht bliken dat de ynwenners fan New York harren in foai fan omtrint $600.000 jûn hawwe.

Charlie en Muriel skiede, en Yvonne en Eddie ek. Neitiid is Eddie twongen om himsels te ûnderhâlden as taksysjauffeur. Yvonne kin mei it jild fan 'e foai har kafetaria behâlde, wylst Charlie mei wille wer oan it wurk giet by de plysje. Underwilens wertrout Muriel mei Jack Gross. Dat blykt lykwols in oplichter te wêzen, dy't binnen de koartste kearen har bankrekkens leechplonderet en dan mei it jild nei it bûtenlân ferdwynt. Muriel rekket sadwaande alles kwyt en is twongen om by har mem yn The Bronx yn te lûken en as manikuere oan it wurk gean. Charlie en Yvonne trouwe mei-inoar en begjinne harren houliksreis mei in ballonfeart út Central Park wei.

Nicolas Cage yn 2013.
Bridget Fonda yn 2001.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
plysjeman Charlie Lang Nicolas Cage
Yvonne Biasi Bridget Fonda


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Muriel Lang Rosie Perez
plysjeman Bo Williams Wendell Pierce
Angel Dupree / ferteller Isaac Hayes
Eddie Biasi Stanley Tucci
Jesú Victor Rojas
Jack Gross Seymour Cassel
Sal Bontempo J.E. Freeman
Walter Zakuto Red Buttons
C. Vernon Hale Richard Jenkins
Carol Ann Dowd
Sun Lim Kay Tong
Timmy Charles Busch
rjochter by rjochtsaak om jild Beatrice Pastore
lid bowlingteam #1 Vincent Pastore
fervesmitende anty-bûntaktiviste Emily Deschanel
boargemaster Willie Colón

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Could Happen to You waard regissearre troch Andrew Bergman nei in senario fan Jane Anderson. It útgongspunt fan 'e film wie basearre op wiere foarfallen, mar de hiele fierdere útwurking fan it ferhaal wie folslein út 'e tomme sûgd. As produsinten wiene Mike Lobell en Gary Adelson by it projekt belutsen foar de filmstudio TriStar Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Caleb Deschanel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Carter Burwell en Joe Mulherin. De opnamen fûnen plak op lokaasje yn New York, hoewol't de sênes mei de kafetaria, dy't eins yn Queens hieten te spyljen, filme waarden yn 'e buert Tribeca, yn Manhattan.

De distribúsje fan It Could Happen to You waard fersoarge troch TriStar Pictures. De film gie op 29 july 1994 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 july fan dat jier by platemaatskippijen Columbia Records en Sony Records.

Fan 'e filmkritisy krige It Could Happen to You oer it algemien positive resinsjes. De krityk wie benammen konsintrearre op 'e sûkerswiete dielen fan 'e film. Sa skreau Peter Travers yn it tydskrift Rolling Stone: "Swietichheid is op himsels uteraard prima, mar dizze tipelsinnige romantyske film hie wol in knypke sitroen brûke kind." Yn 'e San Francisco Chronicle skreau Mick LaSalle: "De gemiene dingen yn 'e film fiele oan as út it libben grepen, wylst alle goedheid oanfielt as komt it út blik – ymportearre út âlde Jimmy Stewart-films." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat It Could Happen to You in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 34 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet de film in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 21 resinsjes.

It Could Happen to You brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $37,9 miljoen op. As men dy opbringst ôfset tsjin it budget fan $20 miljoen, komt dat del op in winst fan $17,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie It Could Happen to You in hiel beskieden kommersjeel súkseske.

Wier bard foarfal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Senarioskriuwster Jane Anderson kaam op it idee foar It Could Happen to You troch in wier bard foarfal yn 1984. Phyllis Penzo wie doedestiden in servearster yn in pizzeria dy't in fêste kliïntêle fan plysjeminsken hie. Yn maart fan dat jier hie de mei har befreone plysjeman Robert Cunningham, dy't in fêste klant wie, net genôch jild by him om har in foai te jaan. Dêrom stelde er foar om 'e eventuele opbringst fan in lot út 'e lotterij, dat er wól by him hie, te dielen. Penzo stimde dêrmei yn, mar fergeat it letter alhiel. Doe't der nei ferrin fan tiid $6 miljoen op it lot foel, hold Cunningham him oan 'e ôfspraak en joech er har de helte, wat breed útmetten waard yn 'e pleatslike media. Los fan dat útgongspunt is der lykwols fan 'e personaazjes en foarfallen út It Could Happen to You neat op wiere foarfallen basearre.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.