Héctor Elizondo
Héctor Elizondo | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Héctor Elizondo | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 22 desimber 1936 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Baskysk Kanarysk Portorikaansk | |
jierren aktyf | 1963 – no | |
prizen | Emmy Award 1997 | |
offisjele webside | ||
Héctor Elizondo yn 'e IMDb |
Héctor Elizondo (New York, 22 desimber 1936) is in Amerikaansk akteur fan mingd Baskysk, Kanarysk en Portorikaansk etnysk komôf. De measte lju sille him kenne as de folle pleage mar lykwols behelpsume hotelmanager yn 'e romantyske film Pretty Woman. Dêrnjonken is er it bekendst wurden troch syn optredens yn 'e tillefyzjesearjes Chicago Hope (dêr't er in Emmy Award foar wûn), en Last Man Standing.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Elizondo waard yn 1936 berne yn New York, as de soan fan Martín Echevarría Elizondo, in notaris en boekhâlder, en dy syn frou Carmen Medina Reyes. Syn pake oan heitekant wie in Bask út Spaansk-Baskelân, wylst syn pake en beppe oan memmekant fan 'e Kanaryske Eilannen kamen. Syn âlden emigrearren út Porto Riko nei de Feriene Steaten, op 'e siik nei in better libben.
As opslûpen jonge wie Elizondo goed yn sport en song er jierrenlang yn in jongeskoar. Nei't er yn 1954 de middelbere skoalle ôfmakke hie, liet er him ynskriuwe oan it Stedskolleezje fan New York, mei de bedoeling om skiednislearaar te wurden. Doe't ûnder syn earste jier dêre syn faam swier rekke, joech er lykwols syn stúdzje deroan om in foltiids baan te sykjen sadat er trouwe en syn gesin ûnderhâlde koe.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1962 oant 1963 folge Elizondo in dûnsoplieding, wêrnei't er úteinsette mei in nije karriêre as toaniel- en musicalakteur. Syn earste grutte súkses boekte er yn 1971, mei de rol fan God (yn 'e momkape fan in Portorikaanske badhûsassistint) yn it stik Steambath. Foar dat optreden wûn er in Obie Award. Yn 'e measte stikken fertolke er in ûnderstypjende rol, as de freon of meistanner fan 'e haadpersoan.
Syn earste filmrol hie Elizondo yn 1963, yn The Fat Black Pussycat, en syn earste tillefyzjerol folge yn 1967, yn 'e searje The Edge of Night. Yn 1975 en 1976 hied er foar it earst in fêste rol op 'e tillefyzje, as de Portorikaanske widner Abraham Rodriguez yn 'e rige Popi. Hoewol't dêrfan mar alve ôfleverings makke waarden, wie it ien fan 'e earste Amerikaanske tillefyzjesearjes wêryn't in Latino in fêst lid fan 'e cast wie. In oare tillefyzjerige dêr't Elizondo in fêste rol yn hie, wie Foley Square (1985-1986).
Yn 'e 1980-er jierren rekke Elizondo befreone mei regisseur Garry Marshall, dy't him neitiid gauris frege foar rollen yn syn films. Elizondo syn ynternasjonale trochbraak kaam troch syn rol as de folle pleage mar freonlik bliuwende hotelmanager yn 'e kaskreaker Pretty Woman, mei Julia Roberts en Richard Gere. Hoewol't Elizondo yn dy film yn totaal mar tsien minuten yn byld is, waard er foar syn byrol nominearre foar in Golden Globe.
Oare bekende films wêryn't er spile, wiene bygelyks it romantyske komeedzjedrama Frankie and Johnny (1991), mei Michelle Pfeiffer en Al Pacino, de aksjekomeedzje Beverly Hills Cop III (1994), mei Eddie Murphy, en de komeedzjefilm Runaway Bride, op 'e nij mei Julia Roberts en Richard Gere. Elizondo makke der ek wat in gewoante fan om cameo's te dwaan, lykas yn Overboard (1987), mei Kurt Russell en Goldie Hawn.
As tillefyzje-akteur hie Elizondo gastrollen yn fiif desennia oan Amerikaanske searjes, wêrûnder de komeedzjesearjes All in the Family en Murphy Brown, de plysjesearjes Kojak, Baretta, Columbo, Hill Street Blues, Night Heat en Without a Trace, it rjochtbankdrama Matlock, de politike dramasearje The West Wing en de sikehûssearje Grey's Anatomy.
Fan 1994 oant 2000 hie Elizondo ien fan syn bekendste rollen yn 'e sikehûsrige Chicago Hope, as dokter Phillip Watters. Dêrfoar wûn er yn 1997 in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis). Deselde rol spile er yn 1998 ek yn in crossover nei in ôflevering fan 'e fantasysearje Early Edition. Yn 2011 waard Elizondo cast yn 'e rol fan 'e eksintrike Baskyske survivalwinkeleigner Ed Alzate, de baas en freon fan it personaazje fan Tim Allen, yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, dy't njoggen seizoenen rûn, oant yn maaie 2021.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Héctor Elizondo hat trije kear troud west. Ut syn earste houlik, dat er al tige jong oangie, hat er in soan, Rodd. Sûnt 1969 is er mei syn trêde frou, de aktrise, fotografe en útjouster Carolee Campbell. Hja wenje yn Sherman Oaks, in wyk fan Los Angeles.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
films | |||
1963 | The Fat Black Pussycat | ? | |
1969 | The Vixens | ynspekteur | |
1970 | The Landlord | Hector | |
1971 | Valdez Is Coming | Meksikaanske ruter | |
1971 | Born to Win | Vivian | |
1972 | Deadhead Miles | krimineel | |
1972 | Pocket Money | Juan | |
1972 | Stand Up and Be Counted | Lou Kellerman | |
1974 | The Taking of Pelham One Two Three | Grey | |
1975 | Report to the Commissioner | haadynspekteur D'Angelo | |
1976 | Diary of the Dead | Stan | |
1977 | Thieves | ûnderbuorman | |
1979 | Cuba | kaptein Raphael Ramirez | |
1980 | American Gigolo | resjersjeur Sunday | |
1981 | The Fan | ynspekteur Raphael Andrews | |
1982 | Young Doctors in Love | Angelo/Angela Bonafetti | |
1984 | The Flamingo Kid | Arthur Willis | |
1985 | Private Resort | de maestro | |
1986 | Nothing in Common | Charlie Gargas | |
1987 | Overboard | skipper fan 'e ôffalboat | cameo; net fermeld op 'e ôftiteling |
1988 | Astronomy | ? | koarte film |
1988 | Beaches | rjochter | |
1989 | Leviathan | G.P. Cobb | |
1990 | Pretty Woman | Barnard Thompson | nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in film |
1990 | Taking Care of Business | sipier Frank Toolman | |
1991 | Final Approach | dokter Dio Gottlieb | |
1991 | Necessary Roughness | Ed Gennero | |
1991 | Frankie and Johnny | Nick | |
1992 | There Goes the Neighborhood | Norman Rutledge | |
1992 | Samantha | Walter | |
1993 | Being Human | dom Paulo | |
1994 | Backstreet Justice | Steve Donovan | |
1994 | Beverly Hills Cop III | Jon Flint | |
1994 | Getting Even with Dad | ynspekteur Romayko | |
1994 | Exit to Eden | dokter Martin Helifax | |
1995 | Perfect Alibi | resjersjeur Ryker | |
1996 | Dear God | Vladek Vidov | |
1997 | Turbulence | ynspekteur Aldo Hines | |
1999 | The Other Sister | Ernie | |
1999 | Entropy | de foarsitter | |
1999 | Runaway Bride | Fisher | |
2001 | Tortilla Soup | Martin Naranjo | |
2001 | The Princess Diaries | Joe | |
2001 | How High | coach Bill | |
2003 | Batman: Mystery of the Batwoman | Bane | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2004 | Raising Helen | Mickey Massey | |
2004 | The Princess Diaries 2: Royal Engagement | Joe | |
2004 | ¡Mucha Lucha!: The Return of El Maléfico | ferteller, oankundiger | as stimakteur |
2006 | I-See-You.Com | Greg Rishwain | |
2006 | The Celestine Prophecy | kardinaal Sebastian | |
2007 | Music Within | Ben Padrow | |
2007 | Georgia Rule | Izzy | |
2007 | Love in the Time of Cholera | don Leo | |
2010 | Valentine's Day | Edgar | |
2010 | New York Street Games | himsels/ferteller | dokumintêre |
2011 | New Year's Eve | Lester Kominsky | |
2014 | The Book of Life | Carlos Sanchez | as stimakteur |
2016 | Mother's Day | Lance Wallace | |
2017 | The Lego Batman Movie | kommissaris Jim Gordon | as stimakteur |
2021 | Music | George | |
2021 | Rita Moreno: Just a Girl Who Decided to Go for It | himsels | dokumintêre |
tillefyzje | |||
1967 | The Edge of Night | Dimitri | gastrol; ôfl. ûnbekend |
1968 | The Doctors | ober | gastrol; 2 ôfl. |
1969 | The Jackie Gleason Show | ? | gastrol; ôfl. The Honeymooners: Mexican Hat Trick |
1971 | The Impatient Heart | Hernandez | tillefyzjefilm |
1972 | All in the Family | Carlos Mendoza | gastrol; ôfl. The Elevator Story |
1973 | Kojak | resjersjeur Nick Ferro | gastrol; ôfl. Web of Death |
1974 | Maude | plysjeman | gastrol; ôfl. Speed Trap |
1975 | Baretta | Jerry Damon | gastrol; ôfl. The Fire Man |
1975 | Columbo: A Case of Immunity | Hassan Salah | tillefyzjefilm |
1975 | The Rockford Files | John Micelli | gastrol; ôfl. Say Goodbye to Jennifer |
1976 | Kojak | Carl Dettrow | gastrol; ôfl. A Need to Know |
1976 | Popi | Abraham Rodriguez | fêste rol; 11 ôfl. |
1976 | Wanted: The Sundance Woman | Pancho Villa | tillefyzjefilm |
1978 | The Dain Curse | Ben Feeney | tillefyzjefilm |
1978 | The Eddie Capra Mysteries | Strickland | gastrol; ôfl. Dying Declaration |
1978 | The Rockford Files | Frank Falcone | gastrol; ôfl. A Good Clean Bust with Sequel Rights |
1980 | Freebie and the Bean | resjersjeur Dan "Bean" Delgado | fêste rol; 7 ôfl. |
1982 | Medal of Honor Rag | ? | tillefyzjefilm |
1982 | Bret Maverick | Gomez | gastrol; ôfl. The Hidalgo Thing |
1982 | Honeyboy | Emilio Ramirez | tillefyzjefilm |
1983 | Feel the Heat | Monkey Moreno | gastrol; ôfl. ûnbekend |
1983 | Casablanca | prefekt Louis Renault | minysearje |
1983 | Women of San Quentin | kaptein Mike Reyes | tillefyzjefilm |
1984 | A.k.a. Pablo | José Sanchez / Shapiro | minysearje |
1984 | Hill Street Blues | ynspekteur Joe Keenan | gastrol; ôfl. Ewe and Me, Babe |
1985 | Murder: My Reason of Insanity | Ben Haggarty | tillefyzjefilm |
1985 | Out of the Darkness | pastoar George | tillefyzjefilm |
1985–1986 | Foley Square | Jesse Steinberg | fêste rol; 14 ôfl. |
1986 | Courage | Nick Miraldo | tillefyzjefilm |
1986 | Amazing Stories | Meadows | gastrol; ôfl. Life on Death Row |
1986 | Matlock | resjersjeur Joe Peters | gastrol; ôfl. The Cop |
1987 | Tales from the Hollywood Hills: Natica Jackson | Morris King | tillefyzjefilm |
1987 | Night Heat | resjersjeur Hector Gurvin | gastrol; ôfl. The Kid |
1987 | Down and Out in Beverly Hills | Dave Whiteman | fêste rol; 13 ôfl. |
1988 | Addicted to His Love | resjersjeur Currigan | tillefyzjefilm |
1989 | Kojak: Ariana | Edson Saunders | tillefyzjefilm |
1989 | The Equalizer | Ray Quintero | gastrol; ôfl. Past Imperfect |
1989 | Your Mother Wears Combat Boots | sersjant Burke | tillefyzjefilm |
1990 | Sparks: The Price of Passion | Vic Ramos | tillefyzjefilm |
1990 | Dark Avenger | haadynspekteur David Strauss | pilotôflevering fan in nea makke tillefyzjesearje |
1990 | Forgotten Prisoners: The Amnesty Files | Hasan Demir | tillefyzjefilm |
1991 | Chains of Gold | ynspekteur Ortega | tillefyzjefilm |
1991 | Finding the Way Home | Ruben | tillefyzjefilm |
1991–1993 | The Pirates of Dark Water | Ioz | as stimakteur; fêste rol seizoen 1 |
1992 | The Burden of Proof | Alejandro "Sandy" Stern | minysearje |
1992 | Fish Police | Don Calamari | as stimakteur; gastrol; ôfl. Beauty's Only Fin Deep |
1992 | Mrs. Cage | ynspekteur Angel | tillefyzjefilm nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in minysearje of tillefyzjespecial |
1993 | Jonny's Golden Quest | Atacama | as stimakteur; tillefyzjefilm |
1993 | Tales from the Crypt | Leo Burn | gastrol; ôfl. As Ye Sow |
1993 | Animaniacs | Stradivarius | as stimakteur; segmint The Cat and the Fiddle |
1993 | The Addams Family | Ian Thundermane | gastrol; ôfl. Double O Honeymoon |
1994 | Picket Fences | dokter Phillip Watters | gastrol; ôfl. Rebels with Causes |
1994–1995 | Aladdin | Malcho | as stimakteur; weromkearende rol; ôfl. Rain of Terror en The Return of Malcho |
1994–2000 | Chicago Hope | dokter Phillip Watters | fêste rol; 141 ôfl. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (1997) 3 × nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (1995, 1996, 1998) nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in dramasearje (1997) nom. Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in dramasearje (1995) 2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (1997, 1998) |
1995 | Batman: The Animated Series | Sheldon Fallbrook | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Terrible Trio |
1995 | Jonny Quest vs. The Cyber Insects | Attacama | as stimakteur; tillefyzjefilm |
1996 | Gargoyles | Zafiro | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Green |
1997 | Murphy Brown | himsels | gastrol; ôfl. Blind Date |
1997 | Borrowed Hearts | Javier del Campo | tillefyzjefilm |
1998 | Mikhail Baryshnikov's Stories from My Childhood | ? | as stimakteur; gastrol; ôfl. Ivan and His Magic Pony |
1998 | Early Edition | dokter Phillip Watters | gastrol; ôfl. Mum's the Word |
1998 | Safe House | dokter Simon | tillefyzjefilm |
2001 | Kate Brasher | Joe Almeida | weromkearende rol; 6 ôfl. |
2001–2004 | American Experience | ferteller | gastrol; ôfl. Zoot Suit Riots en Remember the Alamo |
2002 | Fidel | Eddie Chibas | minysearje |
2002 | The West Wing | dokter Dalton Millgate | gastrol; ôfl. Dead Irish Writers |
2002 | Street Time | Fariz Hammoud | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2002 | What's New, Scooby-Doo? | dokter Guitirrez | gastrol; ôfl. 3-D Struction |
2003 | The Dating Experiment | voice-over | ûnbekend tal ôfl. |
2003 | Without a Trace | pastoar Henry Stevens | gastrol; ôfl. Revelations |
2003 | Miracles | pastoar "Poppi" Calero | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2004 | Century City | Martin Constable | weromkearende rol; 9 ôfl. |
2004 | Jack & Bobby | Gerald Cruz | gastrol; ôfl. Chess Lessons |
2001–2004 | Justice League | luitenant Kragger | as stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl. |
2004 | Justice League Unlimited | luitenant Kragger | as stimakteur; gastrol; ôfl. Hunter's Moon |
2006 | Justice League Unlimited | Hath-Set | as stimakteur; gastrol; ôfl. Ancient History |
2006 | Avatar: The Last Airbender | Wan Shi Tong | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Library |
2006 | 10 Days that Unexpectedly Changed America | voice-over | dokumintêresearje, 10 ôfl. |
2007 | Cane | Pancho Duque | minysearje |
2007–2013 | Grey's Anatomy | Carlos Torres | weromkearende rol; 5 ôfl. |
2008–2009 | Monk | dokter Neven Bell | weromkearende rol; 14 ôfl. |
2010 | Dora the Explorer | Wishing Wizzle | as stimakteur; gastrol; ôfl. Dora's Big Birthday Adventure |
2010 | Go, Diego! Go! | kening Vicuna | gastrol; ôfl. Diego Rescues Prince Vicuna |
2011 | American Dad! | himsels | as stimakteur; gastrol; ôfl. Fartbreak Hotel |
2011 | ThunderCats | Viragor | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Forest of Magi Oar |
2011–2021 | Last Man Standing | Ed Alzate | fêste rol |
2013 | The Legend of Korra | Wan Shi Tong | as stimakteur; gastrol; ôfl. A New Spiritual Age' |
2015 | Cristela | Ed Alzate | gastrol; ôfl. Last Goose Standing |
2015 | Jake and the Never Land Pirates | Captain Colossus | as stimakteur; gastrol; ôfl. The Legion of Pirate Villains! |
2016–2018 | Elena of Avalor | Fiero | as stimakteur; weromkearende rol; 6 ôfl. |
2017–2020 | Mickey and the Roadster Racers | pake Beagle | as stimakteur; weromkearende rol; 5 ôfl. |
2021 | Explained | voice-over | dokumintêresearje; 1 ôfl. |
2021–2022 | B Positive | Harry Milton | weromkearende rol; 14 ôfl. |
2022 | Green Eggs and Ham | Dooka | as stimakteur; weromkearende rol; 6 ôfl. |
2023 | Star Wars: The Bad Batch | Romar Adell | as stimakteur; gastrol; ôfl. Ruins of War |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|