Héctor Elizondo

Ut Wikipedy
Héctor Elizondo
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Héctor Elizondo
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 desimber 1936
berteplak New York (New York)
etnisiteit Baskysk
Kanarysk
  Portorikaansk
jierren aktyf 1963 – no
prizen Emmy Award 1997
offisjele webside
Héctor Elizondo yn 'e IMDb

Héctor Elizondo (New York, 22 desimber 1936) is in Amerikaansk akteur fan mingd Baskysk, Kanarysk en Portorikaansk etnysk komôf. De measte lju sille him kenne as de folle pleage mar lykwols behelpsume hotelmanager yn 'e romantyske film Pretty Woman. Dêrnjonken is er it bekendst wurden troch syn optredens yn 'e tillefyzjesearjes Chicago Hope (dêr't er in Emmy Award foar wûn), en Last Man Standing.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elizondo waard yn 1936 berne yn New York, as de soan fan Martín Echevarría Elizondo, in notaris en boekhâlder, en dy syn frou Carmen Medina Reyes. Syn pake oan heitekant wie in Bask út Spaansk-Baskelân, wylst syn pake en beppe oan memmekant fan 'e Kanaryske Eilannen kamen. Syn âlden emigrearren út Porto Riko nei de Feriene Steaten, op 'e siik nei in better libben.

As opslûpen jonge wie Elizondo goed yn sport en song er jierrenlang yn in jongeskoar. Nei't er yn 1954 de middelbere skoalle ôfmakke hie, liet er him ynskriuwe oan it Stedskolleezje fan New York, mei de bedoeling om skiednislearaar te wurden. Doe't ûnder syn earste jier dêre syn faam swier rekke, joech er lykwols syn stúdzje deroan om in foltiids baan te sykjen sadat er trouwe en syn gesin ûnderhâlde koe.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1962 oant 1963 folge Elizondo in dûnsoplieding, wêrnei't er úteinsette mei in nije karriêre as toaniel- en musicalakteur. Syn earste grutte súkses boekte er yn 1971, mei de rol fan God (yn 'e momkape fan in Portorikaanske badhûsassistint) yn it stik Steambath. Foar dat optreden wûn er in Obie Award. Yn 'e measte stikken fertolke er in ûnderstypjende rol, as de freon of meistanner fan 'e haadpersoan.

Syn earste filmrol hie Elizondo yn 1963, yn The Fat Black Pussycat, en syn earste tillefyzjerol folge yn 1967, yn 'e searje The Edge of Night. Yn 1975 en 1976 hied er foar it earst in fêste rol op 'e tillefyzje, as de Portorikaanske widner Abraham Rodriguez yn 'e rige Popi. Hoewol't dêrfan mar alve ôfleverings makke waarden, wie it ien fan 'e earste Amerikaanske tillefyzjesearjes wêryn't in Latino in fêst lid fan 'e cast wie. In oare tillefyzjerige dêr't Elizondo in fêste rol yn hie, wie Foley Square (1985-1986).

Yn 'e 1980-er jierren rekke Elizondo befreone mei regisseur Garry Marshall, dy't him neitiid gauris frege foar rollen yn syn films. Elizondo syn ynternasjonale trochbraak kaam troch syn rol as de folle pleage mar freonlik bliuwende hotelmanager yn 'e kaskreaker Pretty Woman, mei Julia Roberts en Richard Gere. Hoewol't Elizondo yn dy film yn totaal mar tsien minuten yn byld is, waard er foar syn byrol nominearre foar in Golden Globe.

Héctor Elizondo yn 2012.

Oare bekende films wêryn't er spile, wiene bygelyks it romantyske komeedzjedrama Frankie and Johnny (1991), mei Michelle Pfeiffer en Al Pacino, de aksjekomeedzje Beverly Hills Cop III (1994), mei Eddie Murphy, en de komeedzjefilm Runaway Bride, op 'e nij mei Julia Roberts en Richard Gere. Elizondo makke der ek wat in gewoante fan om cameo's te dwaan, lykas yn Overboard (1987), mei Kurt Russell en Goldie Hawn.

As tillefyzje-akteur hie Elizondo gastrollen yn fiif desennia oan Amerikaanske searjes, wêrûnder de komeedzjesearjes All in the Family en Murphy Brown, de plysjesearjes Kojak, Baretta, Columbo, Hill Street Blues, Night Heat en Without a Trace, it rjochtbankdrama Matlock, de politike dramasearje The West Wing en de sikehûssearje Grey's Anatomy.

Fan 1994 oant 2000 hie Elizondo ien fan syn bekendste rollen yn 'e sikehûsrige Chicago Hope, as dokter Phillip Watters. Dêrfoar wûn er yn 1997 in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis). Deselde rol spile er yn 1998 ek yn in crossover nei in ôflevering fan 'e fantasysearje Early Edition. Yn 2011 waard Elizondo cast yn 'e rol fan 'e eksintrike Baskyske survivalwinkeleigner Ed Alzate, de baas en freon fan it personaazje fan Tim Allen, yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, dy't njoggen seizoenen rûn, oant yn maaie 2021.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Héctor Elizondo hat trije kear troud west. Ut syn earste houlik, dat er al tige jong oangie, hat er in soan, Rodd. Sûnt 1969 is er mei syn trêde frou, de aktrise, fotografe en útjouster Carolee Campbell. Hja wenje yn Sherman Oaks, in wyk fan Los Angeles.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1963 The Fat Black Pussycat ?
1969 The Vixens ynspekteur
1970 The Landlord Hector
1971 Valdez Is Coming Meksikaanske ruter
1971 Born to Win Vivian
1972 Deadhead Miles krimineel
1972 Pocket Money Juan
1972 Stand Up and Be Counted Lou Kellerman
1974 The Taking of Pelham One Two Three Grey
1975 Report to the Commissioner haadynspekteur D'Angelo
1976 Diary of the Dead Stan
1977 Thieves ûnderbuorman
1979 Cuba kaptein Raphael Ramirez
1980 American Gigolo resjersjeur Sunday
1981 The Fan ynspekteur Raphael Andrews
1982 Young Doctors in Love Angelo/Angela Bonafetti
1984 The Flamingo Kid Arthur Willis
1985 Private Resort de maestro
1986 Nothing in Common Charlie Gargas
1987 Overboard skipper fan 'e ôffalboat cameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1988 Astronomy ? koarte film
1988 Beaches rjochter
1989 Leviathan G.P. Cobb
1990 Pretty Woman Barnard Thompson nom. Golden Globe foar bêste byrol fan in akteur yn in film
1990 Taking Care of Business sipier Frank Toolman
1991 Final Approach dokter Dio Gottlieb
1991 Necessary Roughness Ed Gennero
1991 Frankie and Johnny Nick
1992 There Goes the Neighborhood Norman Rutledge
1992 Samantha Walter
1993 Being Human dom Paulo
1994 Backstreet Justice Steve Donovan
1994 Beverly Hills Cop III Jon Flint
1994 Getting Even with Dad ynspekteur Romayko
1994 Exit to Eden dokter Martin Helifax
1995 Perfect Alibi resjersjeur Ryker
1996 Dear God Vladek Vidov
1997 Turbulence ynspekteur Aldo Hines
1999 The Other Sister Ernie
1999 Entropy de foarsitter
1999 Runaway Bride Fisher
2001 Tortilla Soup Martin Naranjo
2001 The Princess Diaries Joe
2001 How High coach Bill
2003 Batman: Mystery of the Batwoman Bane as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht
2004 Raising Helen Mickey Massey
2004 The Princess Diaries 2: Royal Engagement Joe
2004 ¡Mucha Lucha!: The Return of El Maléfico ferteller, oankundiger as stimakteur
2006 I-See-You.Com Greg Rishwain
2006 The Celestine Prophecy kardinaal Sebastian
2007 Music Within Ben Padrow
2007 Georgia Rule Izzy
2007 Love in the Time of Cholera don Leo
2010 Valentine's Day Edgar
2010 New York Street Games himsels/ferteller dokumintêre
2011 New Year's Eve Lester Kominsky
2014 The Book of Life Carlos Sanchez as stimakteur
2016 Mother's Day Lance Wallace
2017 The Lego Batman Movie kommissaris Jim Gordon as stimakteur
2021 Music George
2021 Rita Moreno: Just a Girl Who Decided to Go for It    himsels dokumintêre
tillefyzje
1967 The Edge of Night Dimitri gastrol; ôfl. ûnbekend
1968 The Doctors ober gastrol; 2 ôfl.
1969 The Jackie Gleason Show ? gastrol; ôfl. The Honeymooners: Mexican Hat Trick
1971 The Impatient Heart Hernandez tillefyzjefilm
1972 All in the Family Carlos Mendoza gastrol; ôfl. The Elevator Story
1973 Kojak resjersjeur Nick Ferro gastrol; ôfl. Web of Death
1974 Maude plysjeman gastrol; ôfl. Speed Trap
1975 Baretta Jerry Damon gastrol; ôfl. The Fire Man
1975 Columbo: A Case of Immunity Hassan Salah tillefyzjefilm
1975 The Rockford Files John Micelli gastrol; ôfl. Say Goodbye to Jennifer
1976 Kojak Carl Dettrow gastrol; ôfl. A Need to Know
1976 Popi Abraham Rodriguez fêste rol; 11 ôfl.
1976 Wanted: The Sundance Woman Pancho Villa tillefyzjefilm
1978 The Dain Curse Ben Feeney tillefyzjefilm
1978 The Eddie Capra Mysteries Strickland gastrol; ôfl. Dying Declaration
1978 The Rockford Files Frank Falcone gastrol; ôfl. A Good Clean Bust with Sequel Rights
1980 Freebie and the Bean resjersjeur Dan "Bean" Delgado    fêste rol; 7 ôfl.
1982 Medal of Honor Rag ? tillefyzjefilm
1982 Bret Maverick Gomez gastrol; ôfl. The Hidalgo Thing
1982 Honeyboy Emilio Ramirez tillefyzjefilm
1983 Feel the Heat Monkey Moreno gastrol; ôfl. ûnbekend
1983 Casablanca prefekt Louis Renault minysearje
1983 Women of San Quentin kaptein Mike Reyes tillefyzjefilm
1984 A.k.a. Pablo José Sanchez / Shapiro minysearje
1984 Hill Street Blues ynspekteur Joe Keenan gastrol; ôfl. Ewe and Me, Babe
1985 Murder: My Reason of Insanity Ben Haggarty tillefyzjefilm
1985 Out of the Darkness pastoar George tillefyzjefilm
1985–1986 Foley Square Jesse Steinberg fêste rol; 14 ôfl.
1986 Courage Nick Miraldo tillefyzjefilm
1986 Amazing Stories Meadows gastrol; ôfl. Life on Death Row
1986 Matlock resjersjeur Joe Peters gastrol; ôfl. The Cop
1987 Tales from the Hollywood Hills: Natica Jackson Morris King tillefyzjefilm
1987 Night Heat resjersjeur Hector Gurvin gastrol; ôfl. The Kid
1987 Down and Out in Beverly Hills Dave Whiteman fêste rol; 13 ôfl.
1988 Addicted to His Love resjersjeur Currigan tillefyzjefilm
1989 Kojak: Ariana Edson Saunders tillefyzjefilm
1989 The Equalizer Ray Quintero gastrol; ôfl. Past Imperfect
1989 Your Mother Wears Combat Boots sersjant Burke tillefyzjefilm
1990 Sparks: The Price of Passion Vic Ramos tillefyzjefilm
1990 Dark Avenger haadynspekteur David Strauss pilotôflevering fan in nea makke tillefyzjesearje
1990 Forgotten Prisoners: The Amnesty Files Hasan Demir tillefyzjefilm
1991 Chains of Gold ynspekteur Ortega tillefyzjefilm
1991 Finding the Way Home Ruben tillefyzjefilm
1991–1993 The Pirates of Dark Water Ioz as stimakteur; fêste rol seizoen 1
1992 The Burden of Proof Alejandro "Sandy" Stern minysearje
1992 Fish Police Don Calamari as stimakteur; gastrol; ôfl. Beauty's Only Fin Deep
1992 Mrs. Cage ynspekteur Angel tillefyzjefilm
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in minysearje of tillefyzjespecial
1993 Jonny's Golden Quest Atacama as stimakteur; tillefyzjefilm
1993 Tales from the Crypt Leo Burn gastrol; ôfl. As Ye Sow
1993 Animaniacs Stradivarius as stimakteur; segmint The Cat and the Fiddle
1993 The Addams Family Ian Thundermane gastrol; ôfl. Double O Honeymoon
1994 Picket Fences dokter Phillip Watters gastrol; ôfl. Rebels with Causes
1994–1995 Aladdin Malcho as stimakteur; weromkearende rol; ôfl. Rain of Terror en The Return of Malcho
1994–2000 Chicago Hope dokter Phillip Watters fêste rol; 141 ôfl.
Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (1997)
3 × nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (1995, 1996, 1998)
nom. Satellite Award foar bêste akteur yn in dramasearje (1997)
nom. Screen Actors Guild Award foar bêste akteur yn in dramasearje (1995)
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (1997, 1998)
1995 Batman: The Animated Series Sheldon Fallbrook as stimakteur; gastrol; ôfl. The Terrible Trio
1995 Jonny Quest vs. The Cyber Insects Attacama as stimakteur; tillefyzjefilm
1996 Gargoyles Zafiro as stimakteur; gastrol; ôfl. The Green
1997 Murphy Brown himsels gastrol; ôfl. Blind Date
1997 Borrowed Hearts Javier del Campo tillefyzjefilm
1998 Mikhail Baryshnikov's Stories from My Childhood ? as stimakteur; gastrol; ôfl. Ivan and His Magic Pony
1998 Early Edition dokter Phillip Watters gastrol; ôfl. Mum's the Word
1998 Safe House dokter Simon tillefyzjefilm
2001 Kate Brasher Joe Almeida weromkearende rol; 6 ôfl.
2001–2004 American Experience ferteller gastrol; ôfl. Zoot Suit Riots en Remember the Alamo
2002 Fidel Eddie Chibas minysearje
2002 The West Wing dokter Dalton Millgate gastrol; ôfl. Dead Irish Writers
2002 Street Time Fariz Hammoud weromkearende rol; 3 ôfl.
2002 What's New, Scooby-Doo? dokter Guitirrez gastrol; ôfl. 3-D Struction
2003 The Dating Experiment voice-over ûnbekend tal ôfl.
2003 Without a Trace pastoar Henry Stevens gastrol; ôfl. Revelations
2003 Miracles pastoar "Poppi" Calero weromkearende rol; 4 ôfl.
2004 Century City Martin Constable weromkearende rol; 9 ôfl.
2004 Jack & Bobby Gerald Cruz gastrol; ôfl. Chess Lessons
2001–2004 Justice League luitenant Kragger as stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl.
2004 Justice League Unlimited luitenant Kragger as stimakteur; gastrol; ôfl. Hunter's Moon
2006 Justice League Unlimited Hath-Set as stimakteur; gastrol; ôfl. Ancient History
2006 Avatar: The Last Airbender Wan Shi Tong as stimakteur; gastrol; ôfl. The Library
2006 10 Days that Unexpectedly Changed America voice-over dokumintêresearje, 10 ôfl.
2007 Cane Pancho Duque minysearje
2007–2013 Grey's Anatomy Carlos Torres weromkearende rol; 5 ôfl.
2008–2009 Monk dokter Neven Bell weromkearende rol; 14 ôfl.
2010 Dora the Explorer Wishing Wizzle as stimakteur; gastrol; ôfl. Dora's Big Birthday Adventure
2010 Go, Diego! Go! kening Vicuna gastrol; ôfl. Diego Rescues Prince Vicuna
2011 American Dad! himsels as stimakteur; gastrol; ôfl. Fartbreak Hotel
2011 ThunderCats Viragor as stimakteur; gastrol; ôfl. The Forest of Magi Oar
2011–2021 Last Man Standing Ed Alzate fêste rol
2013 The Legend of Korra Wan Shi Tong as stimakteur; gastrol; ôfl. A New Spiritual Age'
2015 Cristela Ed Alzate gastrol; ôfl. Last Goose Standing
2015 Jake and the Never Land Pirates Captain Colossus as stimakteur; gastrol; ôfl. The Legion of Pirate Villains!
2016–2018 Elena of Avalor Fiero as stimakteur; weromkearende rol; 6 ôfl.
2017–2020 Mickey and the Roadster Racers pake Beagle as stimakteur; weromkearende rol; 5 ôfl.
2021 Explained voice-over dokumintêresearje; 1 ôfl.
2021–2022 B Positive Harry Milton weromkearende rol; 14 ôfl.
2022 Green Eggs and Ham Dooka as stimakteur; weromkearende rol; 6 ôfl.
2023 Star Wars: The Bad Batch Romar Adell as stimakteur; gastrol; ôfl. Ruins of War

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.