Obie Award

Ut Wikipedy
Obie Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar treflikens yn off-Broadway-toaniel
útrikt troch American Theatre Wing en
The Village Voice
frekwinsje 1x yn 't jier
plak New York (New York)
ynsteld 1956
1e útrikking 1956
offisjele webside
www.obieawards.com

De Obie Awards of Obies binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar off-Broadway- en off-off-Broadway-toaniel yn New York. It binne de meast prestizjeuze prizen foar produksjes dy't net op Broadway te sjen binne, en sadwaande net meitingje kinne nei de noch prestizjeuzere Tony Awards. De Obie Awards (fan O.B. = Off-Broadway Awards) waarden yn 1956 oprjochte. De tawizing en útrikking wurdt tsjintwurdich fersoarge troch de American Theatre Wing yn gearwurking mei de krante The Village Voice. Foar de útrikking fan 'e Obie Awards wurde gjin nominaasjes bekendmakke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Obie Awards waarden mids fyftiger jierren yn it libben roppen troch Ed Fancher, de útjouwer fan 'e krante The Village Voice, fan The Village, in wyk yn 'e New Yorkske borough Manhattan. Syn reden dêrfoar wie dat der doedestiden wol prizen (te witten: de Tony Awards) wiene foar toanielproduksjes dy't op Broadway draaiden, mar neat foar toaniel dat off-Broadway, yn 'e "twadderangs" skouboargen fan New York, op 'e planken brocht waard.

De Obie Awards waarden yn 1956 foar it earst útrikt ûnder tafersjoch fan teäterkritikus Jerry Tallmer. Fan 1964 ôf kamen ek off-off-Broadway-produksjes (yn skouboargen fan 'e "trêde rang") foar in Obie Award yn oanmerking. Yn 2014 waard de útrikking fan 'e Obie oernommen troch de American Theatre Wing (ATW) yn gearwurking mei The Village Voice. De ATW hat de ferantwurdlikheid foar alle praktyske omtinkens yn ferbân mei de organisaasje fan 'e útrikking, wylst de krante de eigentlike tawizing fan 'e prizen fersoarget.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • treflik optreden fan in akteur
  • treflik optreden fan in aktrise
  • treflik optreden fan in cast
  • priis foar oanhâldende prestaasjes (Sustained Achievement Award)
  • priis foar bêste nije Amerikaanske teäterwurk (Best New American Theatre Work Award)
  • toanielskriuwpriis (Playwriting Award)
  • ûntwerppriis (Design Award)
  • earfolle fermeldings (Special Citations)
  • Obie beurzen (Obie Grants)
  • Ross Wetzsteon Award

Winners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de akteurs en aktrises dy't alris in Obie Award wûn hawwe, binne: Dustin Hoffman (1970, 1978), Groucho Marx (1972), Morgan Freeman (1980, 1984, 1987), Kevin Kline (1981), Sigourney Weaver (1981), Alan Arkin 1991), Mary McDonnell (1994), Héctor Elizondo (1995), Cynthia Nixon (2008) en David Hyde Pierce (2011).

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.