Springe nei ynhâld

Horrible Bosses 2

Ut Wikipedy
Horrible Bosses 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sean Anders
produsint Brett Ratner
Jay Stern
John Morris
senario Sean Anders
John Morris
kamerarezjy Julio Macat
muzyk Christopher Lennertz
filmstudio New Line Cinema
Benderspink
RatPac Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Jason Bateman
Charlie Day
Jason Sudeikis
byrollen Chris Pine
Christoph Waltz
Jamie Foxx
Jennifer Aniston
Kevin Spacey
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 12 novimber 2014
foarm langspylfilm
sjenre swarte misdiekomeedzje
taal Ingelsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 108 minuten
budget en resultaten
budget $42 miljoen
opbringst $107,7 miljoen
filmsearje
filmsearje Horrible Bosses
● foarich diel Horrible Bosses

Horrible Bosses 2 is in Amerikaanske swarte misdiekomeedzje út 2014 ûnder rezjy fan Sean Anders, mei yn 'e haadrollen Jason Bateman, Charlie Day en Jason Sudeikis. De titel betsjut "Ferkriklike Bazen 2". De film is in ferfolch op Horrible Bosses, út 2011. It ferhaal folget se de trije freonen en ûnnoazele omkoalen Nick, Kurt en Dale as se Rex, de soan fan miljonêr Bert Hanson, ûntfiere wolle om mei it losjild harren bedriuw te rêden dat yn 'e problemen kommen is nei't Hanson harren by in saaklike oerienkomst bedondere hat. Horrible Bossen 2 krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en prestearre teloarstellend yn 'e bioskopen.

Trije jier nei't se mei de skrik frijkommen binne nei harren plannen om harren bazen te fermoardzjen (sjoch: Horrible Bosses), hawwe de trije freonen Nick Hendricks, Dale Arbus en Kurt Buckman besletten om foar harsels te begjinnen, sadat se nea wer ûnder in baas hoege te wurkjen. Se besykje in eigen útfining yn 'e merk te setten: de 'Shower Buddy', in op in carwash ynspirearre dûskop dêr't de shampoo al yn sit. It blykt lykwols dreech te wêzen om ynvestearders te finen, in probleem dat allinne mar oanboazet nei in desastreus optreden yn in praatprogramma op 'e tillefyzje, dêr't se har presintearje as NickKurtDale, in merknamme dy't troch oaren ynterpretearre wurdt as niggertale ("nikkerferhaal") of niggertail ("nikkersturt").

De trije maten binne dan ek o sa bliid as der kontakt mei harren opnommen wurdt troch it postoarderbedriuw fan sakeman Bert Hanson en dy syn soan Rex, dat in ferfelende grapmakker mei in siik gefoel foar humor is. Fuort by harren earste moeting bestelt Bert 100.000 eksimplaren fan 'e Shower Buddy. De trije freonen slute dêrop by de bank in liening ôf fan $500.000, hiere in bedriuwsloads, nimme personiel oan en sette útein mei de produksje. As se de bestelling sa goed as klear hawwe, nimme se wer kontakt op mei Bert Hanson, mar dyselde fertelt harren kâldwei dat er ôfsjocht fan harren oerienkomst. Hy wachtet nammentlik leaver oant Nick, Dale en Kurt fallyt geane om't se harren liening net ôflosse kinne, wêrnei't er harren foarrie Shower Buddies foar in fraksje fan 'e priis opkeapje kin as de ynboel fan harren bedriuw ferbuolguodde wurdt.

Nick, Dale en Kurt geane nei it tichthûs om Nick syn eardere baas Dave Harken op te sykjen, dy't 25 jier oant libbenslang útsit foar moard (sjoch: Horrible Bosses). Dyselde fertelt harren, as er wat bekommen is fan it laitsjen, dat der foar harren gjin helbere opsjes besteane om harren behanneling troch Bert Hanson by de rjochter oan te fjochtsjen. Dêrop komme Dale en Kurt op 'e lapen mei it plan om Rex Hanson te ûntfieren, sadat se syn heit in losjild fan $500.000 freegje kinne, persiis genôch om harren liening werom te beteljen. Nick sjocht dêr neat yn, en lit him inkeld mei tsjinnichheid troch syn beide maten meislepe. Se sykje in âlde bekende op, de krimineel Motherfucker Jones, dy't harren it advys jout om it slachtoffer fan in ûntfiering fan begjin oant ein bewusteleas te hâlden, sadat der alhiel gjin kâns bestiet dat er harren identifisearje kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op basis fan 'e goerie fan Motherfucker kriget Dale it idee om in gasflesse mei gniisgas te stellen by syn âlde wurkjouster, toskedokter Julia Harris. Kurt en Dale kinne maklik by de toskedokterspraktyk ynbrekke trochdat Dale de befeiligingskoade noch wit. It tafal wol lykwols dat Julia krekt dy jûns in moeting fan 'e praatgroep fan seksferslaafden dêr't se by oansletten is, yn har praktyk belein hat. Kurt en Dale wurde op in hier nei trappearre, en as Nick, dy't op 'e útkyk stie, nei binnen giet om harren te rêden, wurdt er oansjoen foar in nij lid fan 'e praatgroep. Om't er mient dat it in stipegroep foar alkoholisten is, hinget er in ferhaal op dat troch de oaren misbegrepen wurdt as in ferslach fan in homoseksueel seksaventoer. It docht bliken dat Julia besiket om eltse homo dy't se moetet, mei op bêd te krijen, om't se derfan oertsjûge is dat der gjin man op 'e wrâld is dy't har wjerstean kin, in teory dy't se graach bewize wol. Nick hat dêr gjin beswier tsjin, dat de moeting wurdt foartidich ôfbrutsen en Kurt en Dale kinne mei it gniisgas ûntsnappe wylst Nick en Julia seks hawwe.

Dyselde jûns noch set it trio nei de wente fan Rex Hanson ta, dêr't se binnen komme as Rex syn folle pleage húshâldster Kim de doar stean lit. Wannear't Rex sels thúskomt, ferskûlje se har trijeresom yn in kleankast, mar as Dale by fersin it gniisgas oanset, bedwelmje se harsels ynstee fan Rex. De oare moarns wurde se wekker op 'e flier fan 'e kleankast. Yn it hûs is nimmen mear te bekennen, dat se rinne derút en sette yn 'e auto ôf. As se letter lykwols de kofferbak fan 'e auto iependogge, blykt Rex dêryn te lizzen. De trije maten skrikke har dea, ta grutte hilariteit fan Rex, dy't harren bewusteleas yn syn kleankast oantroffen hie en útriddenearre hie wat se dêr moasten. Om har werom te pakken, hied er himsels yn har kofferbak ferstoppe.

Boppedat, sa fertelt er, fynt er har idee foar in ûntfiering net iens sa gek. Hy hat in problematyske relaasje mei syn heit, dy't de lêste tiid syn útjeften net iens mear betelje wol. Dêrom hat Rex besletten mei te wurkjen oan 'e ûntfiering. Op 'e losjildbrief dy't Dale opsteld hie, wêryn't de trije maten om $500.000 fregen, hat er it bedrach foarsjoen fan in ekstra nul. Syn heit kin skoan $5.000.000 misse. Hysels wol dêr $4.000.000 fan fange en Nick, Dale en Kurt kinne $1.000.000 hâlde. Dale en Kurt binne dêr wakker wiis mei, ta argewaasje fan Nick. Yn elts gefal hat Rex it brief op 'e post dien foar't er yn 'e kofferbak plaknaam, dus der is neat mear dat se deroan feroarje kinne. As de trije maten net meiwurkje wolle oan Rex syn plan, is er fan doel om nei plysje te gean en te sizzen dat er oan harren ûntsnapt is. Nick, Dale en Kurt sitte sa dus moai fêst yn in net fan eigen makkelei. Se skilje dêrom Bert Hanson op om harren losjildeask krêft by te setten. Rex beart dat er deabenaud is en dat de ûntfierders him fermoardzje sille as syn heit de plysje derby belûkt. As it fjouwertal neitiid by it bedriuw fan 'e trije maten arrivearret, wurde se dêr lykwols opwachte troch resjersjeur Hatcher en ferskate unifoarmearre plysjes. Rex ferskûlet him efteryn de auto wylst de oare trije Hatcher-en-dy ôfpoeierje.

Nei't se wer allinne binne, stoart Rex psychysk yn, om't er no begrypt dat syn heit it weromkrijen fan it jild wichtiger fynt as it wolwêzen fan syn soan. Dale en Kurt krije begrutsjen mei him en witte úteinlik ek Nick te bepraten om 'e falske ûntfiering troch te setten. Mei syn fjouweren betinke se in plan om 'e plysje te fluch ôf te wêzen en mei it losjild te ûntkommen. Dêrfoar brûke se net-trasearbere mobile tillefoans en ferkenne se de ûnderste ferdjipping fan in parkearkelder, dêr't it stjoerderke dat de plysje sûnder mis by it jild yn dwaan sil gjin berik hat, en Kurt ferklaait himsels mei prúk en nepsnor as Bert Hanson. Underwilens ûntdekt Julia Harris op 'e bylden fan har nije befeiligingskamera's dat Dale en Kurt de jûns tefoaren by har toskedokterspraktyk ynbrutsen hawwe. Ynstee dat se plysje bellet om oanjefte te dwaan, beslút se sels efter harren oan te gean.

As se it kriminele kwartet syn moaie plannen yn 'e praktyk bringt, rint it spul al rillegau mis. It docht bliken dat Kurt ynstee fan in ûntrasearbere goedkeape weismyttillefoan syn eigen mobile tillefoan mei al harren gegevens deryn foar Bert efterlitten hat, mei't er by it meitsjen fan tariedings ôflaat waard troch it foarbykommen fan twa boarstige jogsters. Nettsjinsteande dat meitsje se kontakt mei Bert, dy't se mei it losjild by him nei de parkearkelder ta dirigearje.

Foar't se sels dêr ek hinne sille, komt Julia harren yn harren hotelkeamer oer it mad. Sy easket dat Dale no mei har op bêd giet, of oars sil se him en Kurt by de plysje oanjaan foar ynbraak. As Dale witte wol wêrom't se der yn 'e frede sa op gebeten is om mei him bêd, antwurdet se dat hy de iennichste man is dy't har ea ôfwiisd hat. De trije freonen besluten dan om mei syn allen mei Julia op bêd te gean, eat dêr't Julia wol iepen foar stiet. Ear't dat syn beslach krije kin, arrivearret Dale syn frou Stacy mei harren trijeling yn 'e hotelkeamer, dêr't se him opspoard hat om't er al dagen net thús west hat en se him fan oerhoer fertinkt. Dat fermoeden is útkommen no't se Dale-en-dy sizzen heard hat dat se mei Julia op bêd sille. Stacy skonket poerlulk fuort. Dale beart dat er no likegoed mei Julia op bêd gean kin om't syn houlik dochs nei de knoppen is. Mar as Julia him foargiet nei de badkeamer, slút er har dêr gau-gau op.

De trije maten bejouwe har nei de parkearkelder, dêr't se Bert ûnder bedriging mei in net laden revolver dy't se fan Rex krigen hawwe, twinge om 'e tas mei de $5 miljoen oan harren oer te dragen en teffens om Kurt syn mobile tillefoan werom te jaan. Neitiid wurdt Burt deasketten troch Rex, dy't eins yn in leechsteande bedriuwsloads fêstbûn op in stoel wachtsje soe oant de plysje him befrijde. Rex fertelt de trije freonen dat er fan gedachten feroare is nei't Bert de plysje belle. As syn heit dochs neat om him jout, wêrom soed er dan noch genoegen nimme mei $5 miljoen as er syn hiele fortún erve kin. Dat dêrom hat er besletten syn heit út 'e wei te romjen en de skuld foar de moard Nick, Dale en Kurt op 'e lea te skowen. Rex smyt Dale syn no lege pistoal ta, dy't it wapen yn refleks opfangt, sadat syn fingerôfdrukken derop komme te stean. Dêrnei naait Rex út om yn 'e lege loads te kommen ear't de plysje dêr arrivearret om him te befrijen. Wylst er fuortrint, sjocht Nick dat Rex syn broek fan efteren trochweakke rekke is mei syn heite bloed, mar as er de oaren dêr op wiist, kin de ûnnoazele Dale it net litte om dat lûdop te sizzen, sadat Rex der opmerksum op makke wurdt. Hy stelt dêrom de broek fan Kurt, dy't likernôch syn maat hat, sadat er gjin bewiismateriaal meinimt dat tsjin him brûkt wurde kin.

Wylst Nick, Dale en Kurt noch steane te redendielen oer wat se no moatte, arrivearret Motherfucker Jones yn syn pick-uptruck by harren, dy't har hjit om 'e tas mei losjild efteryn te smiten en yn te stappen. Hy jout ta dat er ferwachte dat der in kâns bestie dat de trije freonen de útwikseling fan it losjild net oerlibje soene, dat hy wie harren folge om klear te stean it losjild te stellen, en harren op dy manear "te earjen". No druit er harren yn dat se sjen moatte dat sy earder yn 'e lege loads werom binne as Rex, om't dy syn hiele plan derfan ôfhinget dat er de plysje leauwe litte kin dat er it ûnskuldige slachtoffer fan 'e ûntfiering is. Efterfolge troch de plysje witte se yndie it earst de loads te berikken, wêrnei't Motherfucker stilwei mei it losjild weiwurdt. As de plysje arrivearret om Nick, Dale en Kurt yn te rekkenjen, treffe se lykwols Rex fêstbûn by de doar fan 'e loads oan, dêr't er krekt foartiid nei binnen ta glûpt is.

It sjocht der min út foar de trije freonen, oant Kurt syn mobile tillefoan oergiet, dy't noch yn syn broeksbûse sit, yn 'e broek dy't Rex no oan hat. Rex besiket dat te ferklearjen troch te sizzen dat it syn eigen tillefoan is, mar resjersjeur Hatcher wol dan witte wêrom't er, as er al dy tiid syn tillefoan by him hie, de plysje net belle hat om him te rêden. Rex rekket dêrop yn panyk, grypt Hatcher syn plysjepistoal en nimt de resjersjeur yn gizeling. Dale rekket troch alles hinne lulk oer alle bedroch fan Rex en stoarmet breinroer op him ôf. Lang foar't er him berikke kin, wurdt er delsketten troch Rex, mar dat jout Hatcher de kâns om Rex te oermasterjen, wêrnei't dy yn 'e boeiens slein wurdt.

Fjouwer dagen letter wurdt Dale, dy't yn it boarst rekke wie, wekker yn it sikehûs. Nick en Kurt fertelle him dat de plysje alle oanklachten tsjin harren falle litten hat, om't se it ferhaal leauwe dat de trije freonen troch Rex oeral ta twongen waarden, en ek om't Dale syn eigen libben op it spul set hat om dat fan Hatcher te rêden. It docht bliken dat syn houliksperikels mei Stacy wer oerbettere binne, mei't Julia har alles útlein hat. Stacy en Julia binne no de bêste freondinnen, wat Dale fuortendaliks erchtinkend makket. Julia hoecht no net sa nedich mear mei Dale op bêd, hoewol't se der op ûntrêstgjende wize taspilings op makket dat se him ferkrêfte hat doe't er yn koma lei. No flústeret se him yn it ear dat se fan doel is om ek mei syn frou op bêd te gean. Nick en Kurt fertelle Dale dat harren bedriuw ûnderwilens fallyt rekke is, mar de nije eigner hat it oan 'e gong holden en sy meie it mei syn trijen foar him runne, om't er dat sels net kin; de nije eigner blykt nammentlik Dave Harken te wêzen, dy't noch altyd yn it tichthûs sit. Underwilens brûkt Motherfucker it losjild fan $5 miljoen om syn libbenslange dream te ferwêzentlikjen en in snobbersguodwinkel fan 'e keatling Pinkberry te iepenjen.

Jason Bateman.
Charlie Day.
Jason Sudeikis.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Nick Hendricks Jason Bateman
Dale Arbus Charlie Day
Kurt Buckman Jason Sudeikis


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rex Hanson Chris Pine
Bert Hanson Christoph Waltz
Motherfucker Jones Jamie Foxx
Julia Harris Jennifer Aniston
Dave Harken Kevin Spacey
resjersjeur Hatcher Jonathan Banks
Stacy Arbus Lindsay Sloane
Kim Suzy Nakamura
Mike Keegan-Michael Key
Rachel Kelly Stables
Skip Jerry Lambert
Candy Brianne Howey
Roz Lennon Parham
Blake Brandon Richardson
juffer Lang Keeley Hazell
seksferslaafde plysjeman Bruno Amato
tillefyzjeprodusint Sam Richardson
seksferslaafde #1 Brendan Hunt
seksferslaafde #2 Rebecca Field
jogster #1 Shelby Chesnes
jogster #2 Genevieve Morton
Pinkberry-direkteur Rob Huebel

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Horrible Bosses 2 soe oarspronklik regissearre wurde troch Seth Gordon, dy't ek de Horrible Bosses, út 2011, makke hie. Hy wie lykwols foar it ferfolch net beskikber, om't er al oare ferplichtings oangien wie. Dêrom waard foar him yn it plak Sean Anders ta regisseur beneamd. Dyselde wurke foar Horrible Bosses 2 nei in senario fan himsels en John Morris op basis fan in idee fan John Francis Daley, Jonathan Goldstein, Anders en Morris.

As produsinten wiene Morris, Brett Ratner en Jay Stern by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, Benderspink en RatPac Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $42 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Julio Macat, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Christopher Lennertz. De opnamen foar Horrible Bosses 2 fûnen fan septimber 2013 oant juny 2014 plak yn Burbank, yn Súdlik Kalifornje.

De distribúsje fan Horrible Bosses 2 waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 12 novimber 2014 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 26 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Op 24 febrewaris waard Horrible Bosses 2 útbrocht op dvd en blu-ray. De blu-ray-edysje wie in extended cut mei acht minuten ekstra byldmateriaal boppe-op 'e spyldoer fan 108 minuten fan 'e bioskoopferzje.

Fan 'e filmkritisy krige Horrible Bosses 2 mingde resinsjes. Justin Lowe fan The Hollywood Reporter skreau: "De grappen berikke harren uterste hâldberheidsdatum rom foar de midden fan 'e film." Yn The Seattle Times murk Moira MacDonald op: "Der komme withoefolle grappen foarby, wêrûnder in protte fan twifelige smaak (guon planút oanstjitjaand) en de measten net grappich." Tom Russo fan The Boston Globe omskreau Horrible Bosses 2 lykwols as "in nij bryk aventoer mei in formule dy't mar sa'n bytsje mear raffinearre is [as dy fan Horrible Bosses] dat it te ferwaarleazgjen is, mar dochs op 'e iene of oare wize konsekwinter fermaaklik wit te wêzen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Horrible Bosses 2 in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 155 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] sil miskien guon fans fan 'e oarspronklike film út en troch skatterje litte fan it laitsjen, mar oer it generaal is it in fergrieming fan in sterke cast, dy't syn eigen bestean net rjochtfeardigje kin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Horrible Bosses 2 in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 36 resinsjes.

Horrible Bosses 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $54,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $53,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $107,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $42 miljoen betsjut dat in winst fan $65,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De film kaam dêrmei nei alle gedachten wol út 'e kosten, mar prestearre sa teloarstellend dat fierdere ferfolgen neitiid net mear makke waarden.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.