Hell or High Water (film út 2016)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hell or High Water
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Hell or High Water logo.png
makkers
regisseur David Mackenzie
produsint Sidney Kimmel
Peter Berg
Carla Hacken
Julie Yorn
útfierend
   produsint
Gigi Pritzker
Bill Lischak
Michael Nathanson
Rachel Shane
John Penotti
Bruce Toll
senario Taylor Sheridan
kamerarezjy Giles Nuttgens
muzyk Nick Cave
Warren Ellis
filmstudio Sidney Kimmel Entertainment
OddLot Entertainment
Film 44
LBI Entertainment
distribúsje Lionsgate Films
CBS Films
spilers
haadrollen Jeff Bridges
Chris Pine
Ben Foster
byrollen Gil Birmingham
Marin Ireland
Katy Mixon
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 12 augustus 2016
foarm langspylfilm
sjenre neo-western, heistfilm
taal Ingelsk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $12 miljoen
opbringst $37,9 miljoen

Hell or High Water is in Amerikaanske neo-western en heistfilm út 2016 ûnder rezjy fan David Mackenzie, nei in senario fan Taylor Sheridan. De titel ferwiist nei de Ingelske útdrukking come hell or high water (letterlik "as no de hel komt of it heech wetter") mei as betsjutting: "tsjin eltse priis". De film draait om twa bruorren dy't, om 'e ranch fan harren famylje te rêden, op it plattelân fan Teksas banken begjinne te berôvjen. De haadrollen wurde fertolke troch Chris Pine en Ben Foster as de beide bruorren en Jeff Bridges as in âlde Texas Ranger dy't yn 'e lêste dagen foar syn pinsjoen dizze saak noch oplosse wol. Hell or High Water krige rûnom loovjende kritiken en waard nominearre foar fjouwer Oscars.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it westen fan Teksas berôvje Toby Howard en syn broer Tanner moarnsier twa bankfilialen fan 'e Texas Midlands Bank. Toby is in skieden boeresoan mei twa soannen dy't er nea sjocht, en Tanner is in eks-detinearre rûchhouwer dy't syn earste stappen op it ferkearde paad sette doe't er as opslûpen jonge syn mishanneljende heit mei in jachtgewear deaskeat, eat dat trochgie foar in jachtûngemak. De bruorren hawwe it jild fan 'e bankberôvings nedich om foar te kommen dat de Texas Midlands Bank beslach lizze lit op 'e ranch fan harren famylje om't se de ôflossings op 'e hypoteek net mear betelje kinne. Der is ierdoalje ûntdutsen op it lân fan 'e ranch, en Toby is wisberet dat syn soannen net lykas hysels en Tanner yn earmoede opgroeie sille. Hoewol't de berôvings goed pland binne (troch Toby), smyt Tanner syn wylde hâlden en dragen ûnnedige risiko's op, wat wer ta argewaasje liedt by Toby. De (stellen) auto's dy't se brûkt hawwe by de bankoerfallen bedobje de bruorren eltse kear yn in djip gat dat se op it hiem fan 'e ranch sels útdjipje en wer folgoaie mei in graafmasine.

Twa Texas Rangers, de âlde Marcus Hamilton, in widner dy't de lêste dagen foar syn pinsjoen folmakket en der as in berch tsjin opsjocht om neat mear om hannen te hawwen, en syn lakonike partner Alberto Parker, wurde derop útstjoerd om 'e bankoerfallen te ûndersykjen. Parker is heal-Meksikaansk en heal-Komantsje, en (de blanke) Hamilton hat it foar de moade om oanhâldend rasistyske grappen te meitsjen oer syn etnysk komôf, eat dat Parker parearret mei syn eigen grappen oer âlderdom en demintens. Nettsjinsteande dat wurkje de mannen goed gear, en Hamilton wit al rillegau de metoaden, persoanlikheden en ûnderlinge relaasje fan 'e dieders fêst te stellen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens berôvet Tanner, tajaand oan in ynienen opkommende ympuls, in trêde bank (diskear net in filiaal fan Texas Midlands), wylst Toby sûnder euvelmoed oare kant de strjitte yn in restaurant mei in oantreklike servearster petearret. Se witte mar nauwerneed te ûntkommen, en sette dan mei it stellen jild nei in kasino yn Oklahoma ta dat eksploitearre wurdt troch de Komantsje Naasje fan Oklahoma. Se sette it jild om yn fysjes, piele dêr wat mei om yn it kasino sûnder tefolle te ferliezen en wikselje it dan yn foar in sjek foar de Texas Midlands Bank. Op dy manear is it jild wytwosken en ûntrasearber om't se it wûn hawwe yn in kasino. Se oernachtsje yn it hotel fan it kasino, dêr't Tanner de tsjeppe Yndiaanske resepsjoniste derta ferliedt om seks mei him te hawwen, en ride de oare deis werom nei Teksas.

Hamilton tinkt dat de bruorren op 'e nij taslaan sille by de Texas Midlands Bank, dat hy hâldt de hiele dei dat de bruorren nei Oklahoma ride, om 'e nocht in willekeurich filiaal fan dy bank yn it each. Parker beskuldiget him derfan dat er de saak sa lang mooglik rekke wol, om't er tsjin syn pinsjoen opsjocht. Nettsjinsteande de ferlerne dei is Hamilton derfan oertsjûge rekke dat der in patroan yn 'e oerfallen sit. Troch alle filialen fan 'e Texas Midlands Bank te nimmen en dêrfan dy te eliminearjen dy't yn in te grut plak (mei in soad plysje) of yn in te lyts plak (mei mar in bytsje klanten en dus mar in bytsje kontant jild yn kas) fêstige binne, komt er úteinlik ta de konklúzje dat de bruorren nei alle gedachten by de earstfolgjende berôving it filiaal yn Post te pakken nimme sille. Hy en Parker binne noch ûnderweis dêrhinne as se it berjocht krije dat der yndie in oerfal plakfûn hat.

Om 'e beslachlizzing op 'e ranch, dy't foar de ein fan 'e wike pland stiet, foar te kommen, moatte de bruorren sjen dat se foar dy tiid it jild byinoar stellen hawwe dêr't se ferlet fan hawwe om 'e hypoteek hielendal ôf te lossen. Under dy tiidsdruk beslute se de bank yn Post te berôvjen nettsjinsteande it feit dat it dêr krekt allegear drokte is as se der oankomme. Yn 'e gaos dy't folget as se de bankoerfal trochsette, wit in befeiligingsman fan 'e bank syn pistoal te lûken. Der folget in sjitpartij dêr't ek ien fan 'e klanten yn 'e bank him yn mingt, dy't in pistoal by him draacht (wat tastien is yn Teksas). Tanner deadet de befeiligingsman en Toby sjit de klant del, foar't de beide bruorren mei de bút ûntkomme. Dêrby wurde se efterfolge troch in kliber lulke (en allegear fjoerwapens by harren dragende) ynwenners fan it stedsje, dy't lykwols op 'e flecht slane as Tanner út 'e auto in mitrailleur foar 't ljocht hellet.

Tanner beslút dan dat se útinoar gean moatte. Hy stjoert Toby, dy't in skotwûne oan it ûnderliif oprûn hat, fuort mei it jild, wylst er sels de ûnderwilens alarmearre plysje in oare kant út lokket. Hy riidt dwers troch it lân nei in heuvelrêch ta, dêr't er him mei in teleskoopgewear op 'e hichten ferskûlet en dêrwei de plysje ûnder fjoer nimt. Hamilton en Parker foegje harren dêr by de plysje, mar Parker jout himsels eefkes tefolle bleat en Tanner sjit him dea. Hamilton, dy't oanhâldend bearde dat er Parker net lije mocht, is yn alle steaten en lit himsels troch in man dy't pleatslik bekend is, nei in heuvelrêch ride dy't efter dy leit dêr't Tanner him op beskûl hâldt. Dêrwei sjit Hamilton Parker dea mei in jachtgewear dat er fan syn gids lient.

Underwilens passearret Toby in weiblokkade fan 'e plysje, wêrby't er syn wûne ferberget en beart dat er nearne wat mei te krijen hat. Hy riidt nei Oklahoma, wasket de mânske bút fan 'e lêste oerfal wyt yn it Yndiaanske kasino en sjocht dêr op 'e tillefyzje op it nijs dat Tanner troch de plysje deasketten is. De oare deis bringt er de sjek fan it kasino krekt op 'e tiid by de bank om 'e beslachlizzing op 'e ranch foar te kommen. Neitiid set er foar de ranch by deselde Texas Midlands Bank in famyljetrust op, sadat de ranch net ferkocht wurde kin.

Nei't syn pinsjoen yngien is, lit de saak Hamilton net los, benammen omreden fan 'e dea fan syn partner. Hy besiket syn eardere kantoar, dêr't er fernimt dat de Rangers Toby Howard net mear as in fertochte sjogge. De man hat alhiel gjin strafblêd, en mei't der op syn lân eltse moanne foar $50.000 oan oalje oppompt wurdt, mear jild as by alle bankoerfallen mei-inoar stellen is, hied er ek gjin reden om in bank te berôvjen. De opbringst fan 'e oaljeferkeap wurdt byskreaun op bankrekkens by de Texas Midlands Bank, dy't út eangst om in weardefolle klant te ferliezen fierder net meiwurkje wol oan it ûndersyk nei de berôving fan 'e eigen filialen.

Dêrop besiket Hamilton de Howard-ranch, dêr't er Toby Howard treft. Beide mannen hâlde it fatsoenlik, mar Hamilton wit dat Toby de partner fan syn broer wie by de bankoerfallen, en hy hâldt him mei-ferantwurdlik foar de dea fan Parker, wylst Toby wit dat Hamilton syn broer deasketten hat. It iennichste dat Hamilton net wit, is hokker motyf Toby foar de oerfallen hie. Toby leit him út dat earmoede as in erflike sykte is, dy't fan generaasje op generaasje oerdroegen wurdt yn in famylje. Hy wol út noch yn net dat syn soannen ek earmoede lije sille. Toby hat in jachtgewear yn 'e hân, en Hamilton hat in pistoal by him. Krekt as it derop liket dat de beide mannen in âldmoadrich duël útfjochtsje sille, wurde se ûnderbrutsen wannear't Toby syn eks-frou en beide soannen thúskomme, dy't no op 'e ranch wenje. Toby leit út dat hysels no in boargerhúske yn 'e buorren hat, en dat er hjir inkeld noch komt om efterstallich ûnderhâld oan 'e huzinge te dwaan. As Hamilton him ôfjout, riedt Toby him oan om him ris yn 'e buorren op te sykjen, sadat se "it petear ôfmeitsje" kinne en hy Hamilton "wat frede jaan" kin. Hamilton antwurdet dat it ek skoan wêze kin dat hy ynstee Toby "wat frede jaan" sil. Dan stapt er yn syn auto en riidt er fuort.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Texas Ranger Marcus Hamilton Jeff Bridges
Toby Howard Chris Pine
Tanner Howard Ben Foster


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Texas Ranger Alberto Parker Gil Birmingham
Debbie Howard Marin Ireland
Jenny Ann Katy Mixon
Elsie Dale Dickey
Billy Rayburn Kevin Rankin
bankbetsjinde yn Vernon Amber Midthunder
Justin Howard J.P. Howard
plysje Bruno Danny Winn
prostituee Melanie Papalia
hotelresepsjoniste Alma Sisneros
Margaret, froulike Texas Ranger Heidi Sulzman
âlde servearster Margaret Bowman
helpmarshal út Archer City Jackamoe Buzzell
cowboy (cameo) Taylor Sheridan

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It senario foar Hell or High Water waard skreaun troch Taylor Sheridan, dy't dêrfoar putte út syn eigen ferline as earme boeresoan yn Teksas. Hy joech it oarspronklik de namme Comancheria, dy't it hold oant begjin 2016 bekendmakke waard dat de titel feroare wie yn Hell or High Water. It senario waard yn april 2012 kocht troch filmstudio Sidney Kimmel Entertainment, dy't oankundige it ferfilmje te sillen mei Film 44. Dat liet lykwols jierren op him wachtsje, oant it der yn 2015 einlings en te'n lêsten fan kaam. Hell or High Water wie it twadde senario dat ferfilme waard fan Sheridan syn 'trilogy' oer misdie oan 'e moderne Amerikaanske frontier. De oare beide ferfilmings binne Sicario (2015) en Wind River (2017).

Hell or High Water waard regissearre troch David Mackenzie en produsearre troch Sidney Kimmel, Peter Berg, Carla Hacken en Julie Yorn foar Sidney Kimmel Entertainment en Film 44 yn gearwurking mei OddLot Entertainment en LBI Entertainment. As útfierend produsinten wiene Gigi Pritzker, Bill Lischak, Michael Nathanson, Rachel Shane, John Penotti en Bruce Toll by de film belutsen. De kamerarezjy waard fierd troch Giles Nuttgens, en de filmmuzyk wie fan 'e hân fan Nick Cave en Warren Ellis. Foar de film wie in budget fan $12 miljoen beskikber.

De opnamen begûnen op 26 maaie 2015 op lokaasje yn it eastlike part fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, hoewol't it ferhaal eins spilet yn it westen fan 'e oanbuorjende steat Teksas. Spesifike opnamelokaasjes wiene Clovis, Portales en Tucumcari, wylst guon sênes op 'e romte opnommen waarden op it plattelân fan Quay County en Guadalupe County. Dêrta hearre ek de lânskipsbylden fan 'e Alamogordo-delling súd fan Luciano Mesa. De lêste opnamedei wie 8 july 2015.

De Alamogordo-delling yn Nij-Meksiko, dêr't opnamen makke waarden foar Hell or High Water.

Hell or High Water wie foar it earst te sjen op 16 maaie 2016, op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk. Op 12 augustus gie de film yn premiêre yn 'e Amerikaanske bioskopen. De filmdistribúsje waard fersoarge troch Lionsgate Films yn gearwurking mei CBS Films.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hell or High Water krige rûnom loovjende kritiken. Yn 'e krante de Chicago Sun-Times joech resinsint Richard Roeper de film fjouwer fan fjouwer stjerren. Hy skreau: "Op manearen lyts en grut is Hell or High Water in film sa moai en wreed en elegysk en wiis, dat ik him wer sjen woe op it momint dat er út wie." Samantha Ladwig, op IGN, joech de film in 9 op in skaal fan 1 oant 10, en sei: "Hell or High Water ferrast mei syn komplekse ferhaal, feralterearret mei syn sinematografy, en makket alle tekoartkommings fan dizze simmer goed." Tom Stempel omskreau Hell or High Water yn it tydskrift Creative Screenwriting as "in frisse, fernimstige karakterstúdzje nei bankrôvers, en ien fan 'e bêste senario's fan dit jier oant no ta."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Hell or High Water in seldsum heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 261 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, biedt de film "in knaphandich makke, goed aktearre western-heistfilm-skriller, dy't dom wapengeweld lizze lit en him ynstee taleit op in kalm tempo fol selsfertrouwen en útdjippe personaazjes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Hell or High Water in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 47 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Feriene Steaten en Kanada brocht Hell or High Water yn 'e bioskopen $27 miljoen op, en yn oare lannen en territoaria nochris $10,9 miljoen. Wrâldwiid kaam dat út op in totale opbringst fan $37,9 miljoen. Ofset tsjin in budget fan $12 miljoen betsjutte dat in winst fan krapoan $26 miljoen. It Amerikaanske Film Ynstitút (AFI) keas Hell or High Water út as ien fan syn tsien films fan it jier. De film waard fierders nominearre foar in grut tal prizen, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film en trije oare Oscars, yn 'e kategoryen bêste byrol fan in akteur (Jeff Bridges), bêste orizjinele senario (Taylor Sheridan), en bêste filmmontaazje (Jake Roberts). Hell or High Water waard ek nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Film – Drama en de Golden Globes foar bêste byrol fan in akteur (Bridges) en bêste senario. Jeff Bridges wûn foar syn rol as Marcus Hamilton in Satellite Award yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.