Film 44

Ut Wikipedy
Film 44
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio, tillefyzjestudio
fêstige yn Los Angeles (Kalifornje)
oprjochte 2009
oprjochter Peter Berg
eigner Peter Berg
sifers
wurknimmers 8
offisjele webside
film44.com

Film 44 is in Amerikaanske film- en tillefyzjestudio.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film 44 is in Amerikaanske film- en tillefyzjestudio dy't yn 2009 oprjochte waard troch filmprodusint Peter Berg. Dyselde brocht der ek guon fan syn eardere projekten by ûnder. It bedriuw is fêstige yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, en der wurkje likernôch acht minsken. Neffens de eigen webside leit de studio him ta op it meitsjen fan "oprjochte" films, mei ferhalen dy't "sekuer werjûn wurde op in wize dy't it publyk wat docht en soms ynspirearret […]".

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

films
tillefyzjesearjes

Susterstudio's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film 44 hat twa susterbedriuwen, Film 45 en Film 47, dy't ek eigendom binne fan Berg en dy't allebeide gebrûk meitsje fan 'e ynfrastruktuer fan Film 44. Wylst Film 44 him taleit op 'e produksje fan films en tillefyzjesearjes, makket Film 45 skriptleaze tillefyzjeprogramma's (lykas kwissen en realitytillefyzje), en Film 47 reklamespotsjes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: