Springe nei ynhâld

Gil Birmingham

Ut Wikipedy
Gil Birmingham
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGil Birmingham
nasjonaliteit Amerikaansk
berne13 july 1953
berteplakSan Antonio (Teksas)
etnisiteit Komantsje (Comanche)
jierren aktyf1982 – no
offisjele webside
www.gilbirmingham.com

Gil Birmingham (San Antonio, 13 july 1953) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimakteur fan Yndiaansk komôf. Hy waard it bekendst mei syn fertolking fan 'e rol fan Billy Black yn The Twilight Saga-filmsearje, en mei syn weromkearende rol as Virgil White yn 'e tillefyzjesearje Unbreakable Kimmy Schmidt. Birmingham hat ek spile yn films as The Doe Boy, Hell or High Water en Wind River, en de tillefyzjesearje Body & Soul en de tillefyzjefilm Dreamkeeper.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Birmingham waard yn 1953 berne yn 'e stêd San Antonio, yn it wesltike part fan 'e Amerikaanske steat Teksas. Syn beide âlden wiene Yndianen en hearden ta it folk fan 'e Komantsjen (Comanche). Om't syn heit yn it Amerikaanske Leger tsjinne, ferhuze it gesin gauris en groeide Birmingham yn in grut tal ferskate plakken op. Hy learde al ier gitaarspyljen en beskôget muzyk as syn "earste leafde". Nei't er mei in bachelorgraad ôfstudearre oan 'e Skoalle foar Belied, Planning en Untwikkeling fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC), wurke er as yngenieur yn 'e petrogemyske yndustry.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e iere 1980-er jierren waard Birmingham 'ûntdutsen' troch in talintescout wylst er oefenings die yn in sportskoalle. Hy wie yn dy tiid yn 'e besnijing rekke fan bodybuilding en hie sels oan inkele wedstriden op dat mêd meidien. Troch tuskenkomst fan 'e scout kaam er foar it earst mei aktearjen yn oanrekking, doe't er yn 1982 meiwurke oan 'e fideoklip fan it nûmer Muscles fan sjongster Diana Ross. Neitiid begûn Birmingham aktyf te besykjen om in aktearkarriêre fan 'e grûn te krijen. Hy folge aktearlessen by Larry Moss en Charles E. Conrad, en ferfolle in skoft de live-rol fan it bekende fantasypersonaazje Conan de Barbaar yn 'e attraksje The Adventures of Conan: A Sword and Sorcery Spectacular, yn it ferdivedaasjepark fan Universal Studios yn Hollywood.

Yn 1986 makke Birmingham syn debút op 'e Amerikaanske tillefyzje mei in lyts roltsje yn in ôflevering fan 'e aksjesearje Riptide. De folgjende jierren hied er gastrollen yn ôfleverings fan û.m. de soapsearje Falcon Crest, de fantasysearje Buffy the Vampire Slayer (ôflevering Inca Mummy Girl), en de westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman. Ek wurke er as stimakteur mei oan û.m. de tekenfilmsearje The Legend of Calamity Jane en in ôflevering fan The Wild Thornberrys. De earste kear dat Birmingham yn in film ferskynde, wie yn 1987 yn House II: The Second Story, mar dat wie amper mear as in figuranteroltsje. Yn 1999 liende er syn stim oan it personaazje Ghostalker yn it fideospultsje Command & Conquer: Tiberian Sun.

Yn 2001 hie Birmingham syn echte debút yn in film, doe't er de rol fan Manny Deadmarsh spile yn it bekroande The Doe Boy. Neitiid spile er ek yn films as Skins (2002), No Man's Land: The Rise of Reeker (2008) en Love Ranch (2010), mei Joe Pesci en Helen Mirren. Yn 2008 liende er syn stim oan it personaazje Nashoba yn 'e tekenfilm Turok: Son of Stone. Datselde jiers waard Birmingham cast yn 'e rol fan Billy Black yn 'e film Twilight, it earste diel fan The Twilight Saga-filmsearje. Dêrmei rekke er bekend by in breder publyk. Dyselde rol spile er letter op 'e nij yn 'e films The Twilight Saga: New Moon (2009), The Twilight Saga: Eclipse (2010), The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 (2011) en The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2 (2012).

Yn 'e 2000-er jierren wie Birmingham fierders op 'e tillefyzje te sjen yn gastrollen yn searjes as Family Law, V.I.P., Medical Investigation, Charmed, Veronica Mars, Nip/Tuck, 10 Items or Less, Castle en The Mentalist. Ek hied er in weromkearende rol as Oz yn acht ôfleverings fan 'e sikehûssearje Body & Soul, wêrfoar't er yn 2002 in FAITA Award yn 'e kategory 'treflik optreden' wûn. Yn 2005 waard er cast as de âldere Dogstar yn Steven Spielberg syn seisdielige minysearje Into the West. Fierders spile Birmingham ek yn ferskate tillefyzjefilms, lykas Gentle Ben (2002), Dreamkeeper (2003), dêr't er in American Indian LA Film and Television Award mei wûn foar bêste byrol, en Love's Long Journey (2005), mei Erin Cottrell en Irene Bedard.

Yn 'e 2010-er jierren hie Birmingham weromkearende rollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder The Lying Game, Banshee, House of Cards (as Daniel Lanagin), en Siren. Ek hied er gastrollen yn û.m. de aksjesearje Vegas en de plysjesearje NCIS: Los Angeles. Ien fan syn bekendste rollen hie Birmingham, doe't er fan 2015 oant en mei 2017 yn sân ôfleverings fan 'e searje Unbreakable Kimmy Schmidt de rol fan Virgil White spile. Yn 2011 wurke er as stimakteur mei oan 'e westerntekenfilm Rango. Fierders hied er rollen yn films as Shouting Secrets (2011), Crooked Arrows (2012), The Lone Ranger (2013), The Space Between Us (2017), Transformers: The Last Knight (2017) en Saint Judy (2018).

Yn 'e misdiefilm Hell or High Water (2016) spile Birmingham de rol fan Texas Ranger Alberto Parker, en datselde jiers fertolke er de rol fan T.B. Thompson, de heit fan aktrise Te Ata Fisher yn 'e troch de Tsjikkesou Naasje produsearre biografyske film Te Ata. Hy wenne de premiêre fan dy lytse produksje by yn Moore, yn Oklahoma, op 13 septimber 2016. Yn 'e neo-western Wind River, regissearre troch Taylor Sheridan, wie Birmingham te sjen as de roujende heit fan in fermoarde en ferkrêfte dochter. Fan 2018 ôf hied er de fêste rol fan Thomas Rainwater, it snoade opperhaad fan 'e pleatslike Yndianestamme yn 'e ek troch Sheridan regisearre dramasearje Yellowstone, mei û.m. Kevin Costner. Yn febrewaris 2021 waard oankundige dat Birmingham de rol fan Charlie Bass spylje sil yn 'e oankommende skrillersearje Pieces of Her, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Karin Slaughter.

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1986Riptideplysjemangastrol; ôfl. Chapel of Glass
1987Falcon Cresthelpsheriffgastrol; ôfl. Desperation
1997The Legend of Calamity Janeferskate personaazjesas stimakteur; 13 ôfl.
1997Buffy the Vampire SlayerPerûviaanske mangastrol; ôfl. Inca Mummy Girl
1997Night ManVargasgastrol; ôfl. I Left My Heart in San Francisco
1997Dr. Quinn, Medicine Womankriger #1gastrol; ôfl. Safe Passage
1999The Wild Thornberrysheit fan Jimas stimakteur; gastrol; ôfl. Tamper Proof Seal
2001Family LawBernardgastrol; ôfl. Americans
2001V.I.P.Rolandgastrol; ôfl. Uncle from V.A.L.
2002Gentle BenPetetillefyzjefilm
2002Body & SoulOzweromkearende rol; 8 ôfl.
2003Gentle Ben 2Petetillefyzjefilm
2003The Lone RangerOne Hornpilotôflevering fan in net makke westernsearje
2003DreamkeeperSamtillefyzjefilm
2005Medical InvestigationWalter Shephardgastrol; ôfl. Tribe
2005Into the Westde âldere Dogstarminysearje, 4 ôfl.
2005Love's Long JourneySharp Clawtillefyzjefilm
2006Charmedopperhaadgastrol; ôfl. Payback's a Witch
2006Veronica MarsLeonard Lobogastrol; 2 ôfl.
2009Nip/Tuckmedisynmangastrol; ôfl. Budi Sabri
200910 Items or LessJohn Greenegastrol; ôfl. Dances with Groceries
2010CastleCacaw Tegastrol; ôfl. Wrapped Up in Death
2010The MentalistMarkham Willisgastrol; ôfl. Aingavite Baa
2012The Lying GameBen Whitehorseweromkearende rol; 3 ôfl.
2012WilfredRed Wolfgastrol; ôfl. Questions
2012VegasDon Simmonsgastrol; 2 ôfl.
2014BansheeGeorge Hunterweromkearende rol; 5 ôfl.
2014House of CardsDaniel Lanaginweromkearende rol; 4 ôfl.
2015–2017Unbreakable Kimmy SchmidtVirgilweromkearende rol; 7 ôfl.
2016Dr. DelCrowtillefyzjefilm
2017Animal KingdomPearcegastrol; ôfl. Betrayal
2018-2020Sirensheriff Dale Bishopweromkearende rol; 14 ôfl.
2018–noYellowstoneopperhaad Thomas Rainwaterfêste rol
2019NCIS: Los Angeleskaptein-op-see Steven Douglas   gastrol; slotôfl. fan it seizoen
2021Pieces of HerCharlie Bassweromkearende rol
20??Under the Banner of HeavenBill Tabaminysearje
films
1987House II: The Second Storykriger
1996Le Jaguarliifwacht fan Kumare
2001The Doe BoyManny Deadmarsh
2002SkinsSonny Yellow Lodge
2005End of the SpearMoipa
2007Cosmic Radiostamâldste
2008Turok: Son of StoneNashobaas stimakteur
2008No Man's Land: The Rise of ReekerEaglesmith
2008TwilightBilly Black
2009The Twilight Saga: New MoonBilly Black
2010Love Ranchsheriff Johnny Cortez
2010The Twilight Saga: EclipseBilly Black
2011RangoWounded Birdas stimakteur
2011Shouting SecretsCal Bishnik
2011The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1Billy Black
2011California IndianCharles "Chi" Thomas
2012Crooked ArrowsBen Logan
2012The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2   Billy Blackinkeld fermeld op 'e ôftiteling
2013The Lone RangerRed Knee
2016Hell or High WaterAlberto Parker
2017Wind RiverMartin Hanson
2017The Space Between Usmedisynman Neka
2017Transformers: The Last Knightopperhaad Sherman
2018Saint JudyMichael Bowman
20??The Marsh King's Daughter?
fideospultsjes
1999Command & Conquer: Tiberian SunGhosttalkeras stimakteur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.