Springe nei ynhâld

Hamster

Ut Wikipedy
hamster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai Jeropeeske hamsters (Cricetus)
soarte
Cricetus cricetus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De hamster (Latynske namme: Cricetus cricetus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dat binnen de ûnderfamylje fan 'e hamsters (Cricetinae) it monotypyske (út ien soarte besteande) skaai fan 'e Jeropeeske hamsters (Cricetus) foarmet. Dit bist wurdt ek wol de gewoane hamster, de Jeropeeske hamster of de Jeraziatyske hamster neamd om him te ûnderskieden fan oare soarten hamsters. De hamster komt foar yn in grut diel fan East-Jeropa en Sintraal-Aazje, mar hat yn Midden- en West-Jeropa in fersnipele fersprieding. Yn Nederlân komt er inkeld foar yn Súd-Limburch, dêr't er bekend stiet as de korenwolf.

Algemien foarkommen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn East-Jeropa komt de hamster foar yn in oaniensletten gebiet yn it grutste part fan Tsjechje, súdeastlik Poalen, súdeastlik Eastenryk, noardeastlik Sloveenje, noardlik Kroaasje, Servje en Bulgarije, hiel Slowakije, Hongarije, Roemeenje, Moldaavje, de Oekraïne (ynkl. de Krim) en Wyt-Ruslân, en súdlik en sintraal Ruslân. Dit ferspriedingsgebiet strekt him oer de grinzen fan Jeropa út nei súdwestlik Sibearje en it grutste part fan Sintraal-Aazje (wêrûnder hast hiel Kazachstan útsein it súdwesten, en fierders it noardeasten fan Oezbekistan, hiel Tadzjikistan en Kirgyzje, it noardwesten fan Sinkiang-Oeigoerje en dielen fan Afganistan en Mongoalje).

Yn Midden- en West-Jeropa libje isolearre populaasjes, wêrfan't de grutste in mânsk gebiet beslacht dat him útstrekt oer westlik Poalen en eastlik Dútslân. Fierders besteane der folle lytsere isolearre populaasjes yn twa kriten yn 'e Súddútske dielsteat Beieren en yn ien kontrei yn it oangrinzgjende Baden-Wuerttemberch. In oare populaasje libbet yn 'e Ryndelling fan Frankfurt oant de Frânske grins en besuden dêrfan yn 'e (Frânske) Elzas. De westlikste populaasje komt foar yn 'e Dútske Eifel, Súd-Limburch en oanbuorjende dielen fan Belgje.

In hamster dy't ris boppe de grûn sjocht.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hamster hat trochinoar in kop-romplingte fan 18-27 sm, mei in sturtlingte fan 2¾-7 sm en in gewicht fan 16-55 g. Dêrmei is er folle grutter as de goudhamster (Mesocricetus auratus) en de ûnderskate soarten dwerchhamsters (Phodopus), dy't wol as húsdier holden wurde, en dêr't minsken faak it earste oan tinke as hja it wurd "hamster" hearre. De (gewoane) hamster kin lykwols nea mei dy bisten betize wurde, want noch ôfsjoen fan it ferskil yn grutte hat er in tige opfallende tekening, mei in pels dy't op 'e rêch oranjebrún is, mei wite plakken op 'e snút, wangen en hals, in swarte bealch en wite poaten. Tusken de rêch en de bealch bestiet gjin dúdlik demarkaasjeline; ynstee giet it oranjebrún stadichoan yn it swart oer. It wyt is lykwols skerp ôftekene. Jongere bisten binne bleker fan kleur, en wat fierder eastlik oft men komt, wat mear hamsters oft in swarte rêch hawwe ynstee fan in oranjebrunenien. De sturt is koart en is nea langer as 20% fan 'e kop-romplingte.

De hamster jout de foarkar oan iepen biotopen op in liem- of lössboaiem, wêrby't de wetterstân net heger wêze mei as 80 sm ûnder de grûn. Yn sokke gebieten libbet er op ikkers en yn greiden, soms yn tunen en berms, en inkeld ek wolris yn gebouwen. It leafst hat er wat gloaiend lân of heuvels dy't net al te steil deldrage, mar hy komt ek wol foar op flakker terrein. It liemgehalte fan 'e grûn moat teminsten 30% bedrage, oars stoarte de hoalen dy't er graaft as 't treft yn. Mar as der tefolle liem yn 'e grûn sit stagnearret de ôfwettering en rint syn hoale fol.

In hamster dy't yn 'e yngong fan syn hoale oan it miel is.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hamsters binne yn haadsaak nachtdieren. Nettsjinsteande harren plotske lichemsbou binne se fluch en libben. Se geane gauris op 'e efterpoaten stean om om har hinne te gluorkjen en te harkjen. Fan oktober oant maart hâlde se in wintersliep, dy't se mei ûnregelmjittige tuskenskoften ûnderbrekke om fan 'e itensfoarrie te fretten dy't se hjerstmis oanlein hawwe.

Eltse hamster graaft syn eigen hoale of boarch, dy't er foar it libben bewennet en dy't geandewei de tiid útwreide wurdt ta in kompleks stelsel fan gongen en nêst- en foarrieromten. Der binne, ôfhinklik fan 'e âlderdom fan sa'n boarch, 2-10 yn-/útgongen, dy't op ikkers en yn greidlân frij ienfâldich te finen binne. Yn 'e regel bestiet sa'n yn-/útgong út in gong dy't 30-60 sm leadrjocht omleech giet en dan in bocht fan 90° makket nei it horizontale, mar soms (fral op deldragend lân) is it ek wol in skean útgroeven gong mei in modderbulte fan 10-25 sm heech en 1 m lang foar de iepening. De gongen sels binne sa'n 7 sm yn trochsneed, wylst de foarrieromten op 2-2¼ m djipte lizze.

In hamster yn syn hoale.

De hamster is in solitêr libjend bist, dat syn territoarium ferdigenet tsjin soartgenoaten. Sa'n territoarium hat in oerflak fan mar 10-20 m², mar it wengebiet is folle grutter en bedraacht wol 750-1.000 m². Op 'e sneup nei fretten bliuwe hamsters it leafst sa deun mooglik yn 'e neite fan har boarch, oant op 30 m, mar neigeraden dat it fretten dêr oprekket, moatte se har der fierder ôf bejaan, en yn it neijier binne se wol op 500 m fan 'e yngong waarnommen.

De peartiid set fuort nei it beëinigjen fan 'e wintersliep yn maart útein, wêrby't mantsjes de territoaria fan wyfkes ynkringe. De earste moeting ferrint ornaris hiel agressyf, en swakke mantsjes wurde troch de wyfkes dan ek sûnder moederaasje har territoarium útbonsjoerd. Mantsjes dy't oanhâlde, wurde úteinlik foar in pear dagen yn 'e boarch fan it wyfke talitten, dêr't de eigentlike pearing plakfynt. Nei in draachtiid fan 18-20 dagen smyt it wyfke dan 4-15 jongen, dy't mei 3 wiken al troch harren mem út it nêst jage wurde, en dy't nei trêdel (2½) moanne geslachtsryp binne. Jiers kin in wyfke 2-3 kear smite.

In hamster fan deunby.

De populaasjetichtheid leit foar de hamster op 2-10 eksimplaren de ha (yn Nederlân 2-5½ de ha), wêrby't de tichtheid it heechst is op winternôtikkers. Yn East-Jeropa binne by hamsterpleagen tichtheden fan 300-2.000 bisten de ha teld. Yn it wyld wurde hamsters trochinoar 2 jier âld, mei in maksimum fan 4 jier; yn finzenskip kinne se wol 8 jier wurde, wat in útsûnderlik lange libbensferwachting is foar in wrotmûseftige. Natuerlike fijannen binne fral ûlen, ferskate soarten rôffûgels (yn 't bysûnder de reade glee), de murd en de steppemurd.

De hamster fret benammen plantaardich guod, wêrby't nôt in wichtich plak ynnimt (dêrfandinne syn Limburchske namme fan korenwolf). Dêrnjonken litte hamsters ek pûlfruchten, lykas beane, en knolgewaaksen net stean. Fierders bestiet it menu fral út klaver en luzerne, en soms frette se ek wol ynsekten, slakken, wjirms en larven. Se lizze yn har hoalen winterfoarrieden fan nôt oan dy't úteinlik wol 15 kg weagje kinne.

In hamster eaget it hear ris oer.

De hamster hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt. Yn East-Jeropa en Sintraal-Aazje wurdt er fanwegen de skea dy't er tabringt oan lânbougewaaksen faak as ûngedierte beskôge en ek as sadanich bestriden. Dêrnjonken wurdt der, fral yn Sintraal-Aazje en Ruslân, ek wol jacht op him makke om syn pels. Yn 'e measte West- en Middenjeropeeske lannen is de hamsterstân yn 'e lêste heale iuw lykwols stadichoan efterútgien en wurdt de hamster sadwaande beskôge as in bedrige bistesoarte dy't beskerming fertsjinnet. Yn 2011 feroardiele it Jeropeesk Gerjochtshôf te Lúksemboarch Frankryk noch om't dat lân net genôch dien hie om 'e hamster te beskermjen. As de Frânsen harren belied op it mêd fan lânbou en urbanisaasje net oanpasten, soe harren in boete fan oant €20 miljoen boppe de holle hingje.

De hamster op in Moldavyske postsegel út 2019.

Yn sawol Nederlân as Belgje is hamster in beskerme bistesoarte. De bedriging bestiet benammen út moderne lânboumetoaden, wêrby't nôtikkers feroare wurde yn foar de hamster minder gaadlik greidlân of beplante wurde mei maïs, dat troch de yntinsive bedriuwsfiering dy't dêrmei gearhinget likemin botte geskikt is. Oare ûntjouwings dy't ûngeunstich útpakke foar de hamster binne de trochgeande ferstedsking en de útwreiding fan 'e ynfrastruktuer. Oant healwei de tweintichste iuw wiene der inkeld wol hamsterpleagen, mar tsjintwurdich hawwe de measte boeren gjin flau idee oft der hamsters op har lân libje, en is de skea dy't se (yn Nederlân) oanrjochtsje, te ferwaarleazgjen. De oerheid besiket de hamster te beskermjen troch boeren oan te moedigjen om hamsterfreonlike lânboumetoaden oan te nimmen of te behâlden en har ikkers te beplantsjen mei winterweet.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.