Springe nei ynhâld

Giel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dûnkergiel)
giel
spektrale koördinaten
weachlingte 575-585 nm
frekwinsje ~521-512 THz
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FFFF00
RGBª (rgb) (255, 255, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 0, 100, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

giel of geel is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken grien en oranje yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 575-585 nm en in frekwinsje fan rûchwei 521-512 THz. By additive kleurminging is giel in sekundêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in primêre kleur. Giel is de komplemintêre kleur fan blau. Kwa tinten rint giel útinoar fan parregrien, dat ek as in foarm fan grien beskôge wurde kin, oant amber, dat tsjin oranje oan sit. Giel wurdt assosjearre mei de sinne, rypjend nôt, goud, blêden by 't hjerstmis, sitroenen, kanaarjes en in protte soarten blommen, lykas de hynsteblom en de bûterblom. Yn 'e heraldyk is giel in heraldysk metaal en hat it de namme goud of or. Yn sprekwurden seit men: sa giel as goud, sa giel as saffraan of sa giel as waaks.

Giel wurdt gauris as in sinjaalkleur brûk as der sprake is fan 'e needsaak foar omtinken. Dat komt om't giel, yn 'e mande mei oranje, fan in ôfstân de meast sichtbere kleur is. Sa is by ferkearsljochten it giele ljocht (yn 'e folksmûle oranje neamd) it teken dat it ljocht no gau read wurde sil, wat betsjut dat der begûn wurde moat mei ôfremjen as men te fier fan it ferkearsljocht ôf is om noch troch te riden. By de spoarwegen betsjut in giel ljocht dat der mei beheinde faasje riden wurde moat. Giel wurdt ek gauris brûkt foar oare dingen dy't goed sichtber wêze moatte, lykas swier materieel (kranen, bulldozers ensfh.), omliedingsbuorden, en heskes dy't men drage moat as men by de kant fan 'e wei lâns stiet mei autopech of in lekke bân. Yn 'e Feriene Steaten binne ek skoalbussen en taksys giel. De kombinaasje giel en swart stiet yn 'e natoer foar gefaar. Dy kombinaasje komt bygelyks foar by bijen en meepsen, dy't stekke kinne, en by guon gifslangen en giftige kikkerts. It is dan in warskôging oan rôfdieren om sokke bisten gewurde te litten.

De Australyske sjongster Kylie Minogue yn giel.

Yn 'e Westerske wrâld, sa bliek yn 2000 út in opinypeiling ûnder de befolking fan 'e Feriene Steaten en ferskate Jeropeeske lannen, is giel net in kleur dêr't in soad minsken fan hâlde. Mar 6% fan 'e respondinten joech giel op as harren leaflingskleur, tsjin 45% foar blau, 15% foar grien, 12% foar read en 10% foar swart. Foar 7% fan 'e befrege lju wie giel sels de minst favorite kleur. Yn 'e Westerske wrâld wurdt giel faak assosjearre mei tsjinstridichheid, ferrie en bedroch. Fanút de Midsiuwen waard giel ek sjoen as de kleur fan 'e hate. Bûten de Angelsaksyske lannen wurdt it ek faak assosjearre mei jaloezy, dat yn 'e Ingelsktalige wrâld ferbûn is mei grien. Yn it Amerikaansk-Ingelsk is de term yellow ("giel") fierders synonym mei "leffens" of "leffert". It is ûndúdlik wêr't dat gebrûk fan it wurd, dat yn 'e njoggentjinde iuw begûn is, wei komt. Der wurdt wol tocht dat it ferbân hâldt mei in gielige hûdskleur by sykte, en dat der dus mei ferwiisd wurdt nei in swak persoan sûnder krêft of trochsettingsfermogen.

Yn grutte dielen fan Aazje, benammen yn Sina, hat giel hielendal gjin negative konnotaasjes, en wurdt it beskôge as de kleur fan 'e adel, deugd, lokkigens, gloarje en wiisheid. Yn 'e Sineeske kosmology wurdt giel mei de midden assosjearre, en dêrom mei Sina. Dat wurdt nammers ek wol 'it Middenryk' neamd, om't it paleis fan 'e keizer fan Sina fan âlds as it sintrum fan 'e wrâld sjoen waard. As giel in wat waarmere, goudene tint hat, wurdt it yn it Westen ek faak assosjearre mei optimisme en wille. It is in kleur dy't om oandacht freget, en giele klean (benammen jurken en rokken fan froulju) wurdt benammen droegen ta gelegenheid fan feesten of hjeldagen.

In meeps mei giel as warskôgingskleur.

In soad blommen hawwe in giele kleur, lykas narsissen, bûterblommen, hynsteblommen, sinneblommen, bûtergieltsjes en giele plompen. Dat komt nei alle gedachten om't bijen in foarkar foar de kleur giel hawwe en dertroch oanlutsen wurde. Soks soe giele blommen in evolúsjonêr foardiel jaan oer blommen yn oare kleuren, om't bijen foar de bestowing fan blommen soargje.

Hjerstmis kleurje de blêden fan beskate beammen giel, lykas dy fan 'e esp. Oan 'e ein fan 'e simmer, as de dagen begjinne te koartsjen en de temperatuer sakket, wurde de nerven sletten dy't plantesop mei fiedingstoffen nei de blêden ta bringe. De fieding foar de blêden wurdt dêrtroch hieltyd minder, earst stadichoan, mar dan almar flugger. Dêrtroch stjert it glorofyl ôf dat de blêden har griene kleur jout. Wat minder glorofyl der oerbliuwt, wat mear der sichtber wurdt fan 'e giele of reade karotenoïden (ôfhinklik fan 'e beamsoarte) dy't yn 'e blêden efterbliuwe. Dêrtroch krije beammen de klassike hjerstkleuren.

Bananen.

Giel is yn 'e polityk in kleur dy't yn guon lannen assosjearre wurdt mei it liberalisme. Sa is it de kleur fan 'e Freiheitliche Partei Deutschlands (FPD) yn Dútslân en fan 'e Liberal Democrats (of LibDems) yn it Feriene Keninkryk. It is lykwols ek de kleur fan 'e links-nasjonalistyske Scottish National Party (SNP) yn Skotlân. Giel is fierders de nasjonale kleur fan Flaanderen (en dêrom ek fan 'e rjochts-nasjonalistyske politike partij Nieuw-Vlaamse Alliantie (NVA). Yn kombinaasje mei read is it ien fan 'e nasjonale kleuren fan Spanje sawol as fan Kataloanje.

Eugénie de Montijo, de frou fan 'e Frânske keizer Napoleon III, skildere troch Franz Winterhalter yn 1854.

Saffraan, in dûnkere tint giel, is in kleur dy't sterk assosjearre wurdt mei de Yndyske religyen. Yn it hindoeïsme wurde saffraankleurige kladen droegen troch de sadhu, omdoarmjende hilligen. Ek goaden, lykas Krishna (in avataar fan Vishnu), en Ganesha wurde yn 'e regel ôfbylde yn saffraankleurige klean. Yn it boedisme, dat yn 'e fyfde iuw f.Kr. út it hindoeïsme ûntstie, wurdt saffraan hillich achte om't de Boeda sels in klaad fan dy't kleur droegen hawwe soe. Tsjintwurdich drage dêrom in soad boedistyske mûntsen saffraankleurige pijen. De grutskalige (mar úteinlik ûnderdrukte) politike protesten yn Birma yn 2007-2008, ûnder lieding fan 'e boedistyske mûntsen, steane dêrom bekend as de Saffraanrevolúsje. Ek it sikhisme beskôget saffraan as in hillige kleur. De flagge fan Yndia hat de kleuren saffraan (almeast oansjoen foar oranje), wyt en grien, dy't foar it hindoeïsme en it sikhisme steane, resp. foar frede en foar de islaam.

Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke symbolisearret giel de kleur fan goud, en yn 't bysûnder de goudene kaai fan 'e himelpoarte, dy't Jezus Kristus neffens de kristlike mytology yn bewarring jûn hawwe soe oan 'e apostel Petrus. Mei't Petrus ornearre wurdt de earste paus fan Rome west te hawwen, is de kleur giel yn it roomsk-katolisisme sterk assosjearre mei it Fatikaan. De flagge fan it Fatikaan hat de kleuren giel en wyt, dy't steane foar de goudene kaai en de sulverne kaai fan Petrus. Tegearre symbolisearje dy kleuren ek de hjeldei Peaske en de opstanning fan Jezus. De assosjaasje fan giel mei ferrie komt dêr ek wei, om't mei Peaske ek it ferrie troch Judas Iskariot fan Jezus Kristus plakfûn.

Oare assosjaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Yn it fuotbal wurdt troch de skiedsrjochter in giele kaart jûn as der in lichte oertrêding fan 'e regels plakfynt. Dat is in warskôging: by in twadde lichte oertrêding folget in reade kaart, wêrmei't in spiler út it spul ferballe wurdt.
  • Yn it hurdfytsen wurdt de giele trui (of maillot jaune) útrikt oan 'e lieder fan it algemien klassemint fan 'e Tour de France.
  • Giel wurdt ek sterk mei assosjearre mei in mongoloïde hûdskleur, dy't soms yndie wat gielich liket yn ferhâlding ta de hûdskleur fan blanke minsken. Mongoloïde lju wurde dêrom ek wol oantsjut as it 'giele ras'. Yn it ferlingde dêrfan wurdt de Folksrepublyk Sina, dy't ommers befolke wurdt troch lju mei sa'n 'giele' hûdskleur, wol betitele as it 'giele gefaar'.
  • As lichemskleur wurdt giel (by blanken) sjoen as in teken fan sykte. Dat komt om't oandwanings dy't de wurking fan 'e lever oantaaste yndie in gielige hûdskleur feroarsaakje. Ek gielsucht of gieling, in sykte wêrby't galle yn it bloed opnommen wurdt, feroarsaket sa'n ferkleuring fan 'e hûd. Dizze negative betsjutting fan giel uteret him ek yn it sprekwurd "jin grien en giel ergerje."

De wichtichste tinten giel binne: abrikoas, âldgoud, amber, aureolyn, bêzje, buff, cakegiel, cosmic latte, dûnkergoudgjirde, dûnkersitroengiel, ekru, fanylje, flaaksgiel, goud, goudgjirde, goudsjeblom, guttegom, hunichgiel, jasmyn, kadmiumgiel, kanaarjegiel (of skoalbusgiel), khaki, klaproasgoud, krêm, liuwetaan, maïsgiel, mango, metallic goud, mikadogiel, mindaro, mostergiel, Napelsgiel, Navahowyt, okergiel, oliifgrien, papaya whip, parregrien, pjisk, pjiskgiel, rispinggoud, saffraan, satynglânsgoud, selektyf giel, sinneglâns, sinne-ûndergong, sitryn, sitroengiel, sjampanje, sjartreuze, sjonkyl, striegiel en weetgiel.

fan giel nei swart:
                               
FFFF00 EEEE00 DDDD00 CCCC00 BBBB00 AAAA00 999900 888800 777700 666600 555500 444400 333300 222200 111100 000000
fan giel nei wyt:
                               
FFFF00 FFFF11 FFFF22 FFFF33 FFFF44 FFFF55 FFFF66 FFFF77 FFFF88 FFFF99 FFFFAA FFFF44 FFFFCC FFFFDD FFFFEE FFFFFF

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.