Springe nei ynhâld

Amber (kleur)

Ut Wikipedy
amber
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FFBF00
RGBª (rgb) (255, 191, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 25, 100, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Amber is in kleur dy't de midden hâldt tusken giel en oranje en yn 'e kleuresirkel ek persiis tusken dy beide kleuren yn leit. It wurdt yn 'e regel beskôge as in tint fan giel of fan goud, en kin omskreaun wurde as in 'waarme' kleur giel. De namme 'amber' komt fan it materiaal barnstien (ek bekend as amber), dat eins in fossilisearre hars is dat ta de healealstiennen rekkene wurdt. As kleuroantsjutting wurdt it wurd amber teminsten al sûnt 1500 brûkt, doe't it as sadanich foar it earst yn it Ingelsk fêstlein waard.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is amber in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan 'e primêre kleuren read en grien. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it krektlyk in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch de primêre kleuren giel en maginta te fermingen.

Amber is it bekendst fan it middelste ljocht fan ferkearsljochten, dy't yn 'e regel trije ferskillend kleure ljochten hawwe, fan boppen nei ûnderen: read, amber en grien. Read betsjut dat men stilhâlde moat, amber betsjut dat it ljocht hast read wurdt en dat men begjinne moat mei stil te hâlden, en grien betsjut dat men trochride mei. Ek de rjochtingoanwizers fan auto's binne amberkleurich, yn tsjinstelling ta koplampen en efterlampen, dy't wyt binne, en remlampen, dy't read binne. Sawol by ferkearsljochten as by rjochtingoanwizers wurdt de kleur yn Nederlân yn 'e folksmûle oantsjut as 'oranje'.

In pear hingers fan barnstien (amber).

De oarspronklike Amberkeamer yn it Katarinapaleis yn Tsarskoje Selo, by de Russyske stêd Sint-Petersburch, wie in keamer dy't folslein ynrjochte wie mei barnstienpanelen mei dêrefter blêdgoud en spegels. Fanwegen de alderferskuorrendst grutte skientme dy't dat opsmiet, waard dat fertrek wol oantsjut as it 'Achtste Wrâldwûnder'.

Amber, giel en oranje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
giel #FFFF00                         
amber #FFBF00       
oranje #FF7F00       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.