Springe nei ynhâld

Narsissen (skaai)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Narsis)
narsissen
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): iensiedblêdigen
(sûnder rang): lilioïden
skift: asperzje-eftigen (Asparagales)
famylje: narsissen (Amaryllidaceae)
ûnderfamylje: narsissen (Amaryllidoideae)
tûke: narsissen (Narcisseae)
skaai: narsissen (Narcissus)
Linnaeus, 1753

De narsissen (wittenskiplike namme: Narcissus), ek bekend as de titelroazen, aprilblommen of peakeblommen, binne in skaai fan stinzeplanten. It binne bolgewaaksen út de famylje fan de narsissen (Amaryllidaceae). De wittenskiplike namme Narcissus is ôfkomstich út de Grykske mytology. Narsissen binne maaitiidsbollen en hawwe in kâlde rêstperioade nedich. Se binne der yn in ferskaat oan kleuren, dêr't giel by oerhearsket. Opfallend oan de titelroas is de trompetfoarmige blom. Narsissen ferwylderje maklik.

De Fryske namme 'titelroas' makket jin nijsgjirrich. Yn 'e plantkunde wie der altiten al in groep fan planten dy't kwa bloeitiid net rjocht te pleatsen wiene. Dy waarden de 'tideloazen' neamd. Sa binne der tiidleazen dy't bygelyks yn 'e hjerst bloeie en maitiids blêd hawwe. Ta dy groep fan 'tideloazen' waarden de narsissen ek rekkene. Sa jout it WFT yn 1859 foar de narsis de namme 'tideloas' en komme we dêr yn 1975 ek noch de namme 'tidelroas' tsjin. Wylst it Lyts Frysk Wirdboek al yn 1944 de namme 'titelroas' hat. Al mei al liket de namme titelroas in ferbastering fan it begryp 'tideloas', net oan tiid bûn. Benammen it Wâldfrysk hat it oer titelroazen. Dat de namme op loas en net op leas útgie, hat der by dat ferbasterjen grif it sine tadien.

De wittenskiplike namme Narcissus is ôfkomstich út de Grykske mytology. Dy Narsissus wie yn 'e mytology in kreaze jongkeardel dy’t fereale waard op syn eigen spegelbyld.