Brief oan de Kolossers
Brief oan de Kolossers | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Κολοσσαεις ("Epistoli pros Kolossaeis") | |
auteur | Paulus (?) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 54 – 63 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Brief oan de Filippiërs | |
● folgjend diel | Earste Brief oan de Tessalonikers | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan de Kolossers | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
It Brief oan de Kolossers, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Κολοσσαεις, Epistoli pros Kolossaeis, ek wol koartwei Kolossers neamd, is it tolfde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de sânde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus.
Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, wurdt troch guon bibelwittenskippers en teologen yn 'e kiif steld, mar troch oaren fûleindich ferdigene. Yn it brief wurdt fernijd dat Paulus yn it tichthús siet doe't er dit brief skreau, krekt as by Efeziërs, Filippiërs en Filémon. Dy fjouwer brieven wurde sadwaande ek wol de Finzenskipsbrieven neamd. Sadwaande kin Kolossers, as it teminsten in autentyk brief fan Paulus is, skreaun wêze doe't de apostel fêstholden waard yn Efeze (54-57), yn Sesareä (58-61) of yn Rome (61-63). Der wurdt tocht dat dat lêste it meast yn 'e reden leit.
Kolossers is skreaun oan 'e kristlike gemeente yn it Frygyske Kolosse, in lyts stedsje yn it súdwestlike binnenlân fan Lyts-Aazje, dat bekendstie om syn wol-yndustry. De oanlieding foar it skriuwen fan dit brief wie in dwaallear dy't ûnder de Kolossyske kristenen gie, wêrby't kristlike en heidenske leauwenseleminten trochinoar mjukse waarden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Kolossers stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynsafier't bekend is, hat Paulus sels nea yn Kolosse west. De kristlike gemeente dêre wie mooglikerwize stifte troch Epafras, dy't Paulus yn Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, troffen hie. De gemeente yn Kolosse sil foar it meastepart út eardere heidens bestien hawwe, al moatte der ek grif guon kristene Joaden by west hawwe, mei't joaden yn dy krite frij machtich wiene. De kristenen kamen gear yn it hûs fan in foaroansteand en begoedige gemeentelid, Filémon. Oannommen dat Kolossers fan 'e hân fan Paulus is, is men fan tinken dat er it Brief oan Filémon tagelyk skreaun en ferstjoerd hawwe moat. Yn Kol. 4:12 liket ymplisearre te wurden dat Epafras him by Paulus jûn hat; it soe dan mooglik wêze dat hy Paulus ferteld hie oer de ferkearde tinkbylden dy't der ûnder de Kolossyske kristenen libben. Sa leaude men û.m. dat men jin oan beskate foarskriften oangeande iten en itensieden hâlde moast, en dat ingels fereare wurde moasten om fermoedsoening mei God te beävensearjen.
Yn Kolossers iepenet Paulus mei in groetnis (Kol. 1:1-2) en in ynlieding (Kol. 1:3-2:5). Dan folget der in learend stik (Kol. 2:6-19), wêryn't er de dwaallear ûnder de Kolossers wjerleit en de leauwenden foarhâldt dat inkeld Jezus Kristus de ferlosser is, en dat dy as middelder fan 'e hiele skepping boppe alle ingelmachten stiet. Oan him allinne moatte de leauwenden har wat gelegen lizze litte. Dan komt der in fermoanjend stik (Kol. 2:20-4:6), wêryn't Paulus de lju teplak set oangeande har manear fan libjen, en beklammet dat it kristlik leauwe net inkeld in saak fan wurden, mar ek fan dieden is. Wa't kristen is, moat ek nei de foarskriften fan it evangeelje libje. Hy ropt ferskate maatskiplike groepen op om ûnderlinge wrok en twaspjalt farre te litten. Slaven, bygelyks, moatte gjin hate koesterje foar harren masters; mar harren masters, oan 'e oare kant, moatte har slaven rjocht en lyk behannelje, en net ferjitte dat sysels ek in Master yn 'e himel hawwe. Nei noch in oprop oan 'e hiele gemeente om te bidden en it evangeelje út te dragen, beëiniget Paulus it brief mei in pear meidielings, in groetnis en in seiniging (Kol. 4:7-18).
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Kol. 1:13-23a út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Kolossers stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Kolossers waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |