Springe nei ynhâld

How to Train Your Dragon (franchise)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Book of Dragons)
How to Train Your Dragon
betinker Cressida Cowell
eigner DreamWorks Animation
lân Feriene Steaten
begjinjier 2003 (romansearje)
2010 (franchise)
films
langspylfilms How to Train Your Dragon
How to Train Your Dragon 2
How to Train Your Dragon:
   The Hidden World
koarte films Legend of the BoneKnapper
   Dragon

Book of Dragons
Gift of the Night Fury
Dawn of the Dragon Racers
How to Train Your Dragon:
   Homecoming

Snoggletog Log
tillefyzje
tekenfilmsearjes DreamWorks Dragons
DreamWorks Dragons:
   Rescue Riders
teäter
toanielstikken How to Train Your Dragon
   Live Spectacular

How to Train Your Dragon
   on Ice
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans ferskaat, sjoch hjirre
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks How to Train Your Dragon
How to Train Your Dragon 2
How to Train Your Dragon:
   The Hidden World
offisjele webside
www.howtotrainyourdragon.com

How to Train Your Dragon, soms ôfkoarte ta HTTYD, en ek wol koartwei Dragons neamd, is in Amerikaanske mediafranchise fan tekenfilmstudio DreamWorks Animation, dy't loskes basearre is op 'e jeugdboekesearje mei deselde namme fan 'e Britske skriuwster Cressida Cowell. De filmsearje is yn it foarste plak bedoeld foar jongerein, mar is ek gaadlik foar de hiele famylje. De titel betsjut "Hoe'tst dyn Draak Beleare Moatst". De franchise folget de aventoeren fan 'e jonge Wytsing Hik, dy't op it ôfhandige eilân Berk libbet, dêr't syn heit de haadman is. Hik is in knoffelige slungel dy't allegeduerigen bûten de groep falt, oant er in seldsum talint blykt te hawwen foar it nuet meitsjen fan draken. How to Train Your Dragon bestiet út trije lange tekenfilms: How to Train Your Dragon, út 2010, How to Train Your Dragon 2, út 2014, en How to Train Your Dragon: The Hidden World, út 2019. Dêropta binne der yn it ramt fan 'e franchise fiif koarte tekenfilms makke, twa tekenfilmsearjes foar op 'e tillefyzje en fierders fideospultsjes, strips, soundtrackalbums en toanielstikken.

How to Train Your Dragon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side How to Train Your Dragon (film).

How to Train Your Dragon fynt plak yn in fiktyf Wytsingtiidrek. De opslûpen jonge Hik (Jay Baruchel) libbet op it ôfhandige eilân Berk, dêr't er as yntelliginte, mar knoffelige slungel alhiel út 'e toan falt middenmank de oare Wytsingen, sels dy fan syn eigen leeftyd. Mei't er de soan is fan Stompum de Mânske (Gerard Butler), de haadman fan Berk, hat er it gefoel dat er noch mear ûnder druk stiet om te slagjen. It is de bedoeling dat Hik de tradysje fan syn stamme folget troch in drakedeader te wurden, mei't Berk allegeduerigen te lijen hat ûnder in wiere pleach fan draken. As er lykwols in nachtfuery, in draak fan in seldsume soarte, wit te fangen, slagget it him om it bist nuet te meitsjen en der freonskip mei te sluten. Hoewol't dat streekrjocht tsjin alle tradysjes yngiet, wol Hik de draak, dy't er Toskeleas neamd, dêrnei net mear deadzje.

How to Train Your Dragon waard regissearre troch Chris Sanders en Dean DeBlois nei in senario fan Will Davies en harrensels op basis fan 'e boeken út 'e romansearje How to Train Your Dragon, fan Cressida Cowell. De film gie op 26 maart 2010 yn premiêre, en brocht $494,9 miljoen op tsjin in budget fan $165 miljoen. How to Train Your Dragon waard nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm. De film wûn fierders tsien Annie Awards.

How to Train Your Dragon 2

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side How to Train Your Dragon 2.

How to Train Your Dragon 2 spilet fiif jier nei de foarfallen yn 'e earste film. Hik (Jay Baruchel) en Toskeleas hawwe mei súkses de Wytsingen en draken fan Berk mei-inoar witten te ferienjen, sadat se no yn harmony gearlibje. Stompum de Mânske (Gerard Butler) fynt it sa njonkelytsen tiid om it liederskip oer de mienskip oan syn soan oer te dragen, mar om Hik kin dat noch wol even wachtsje. Op ien fan har ferkenningsflechten op harren draken treffe Hik en syn faam Astrid (America Ferrera) in kloft drakefangers dy't foar de dwylsinnige feroverder Drago Bloedfûst (Djimon Hounsou) wurkje. As Stompum dat heart, lit er daliks it eilân fortifisearje, mei't er Drago ris met hat en wit dat der net mei de man te praten falt. Hik wegeret lykwols te akseptearjen dat oarloch ûntsjinkearber is en giet derop út om Drago te sykjen. Underweis treft er lykwols ynstee de maskere drakerider Valka (Cate Blanchett), dy't syn mem blykt te wêzen.

How to Train Your Dragon 2 waard regissearre troch Dean DeBlois nei in senario fan himsels. De film waard fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes yn 2014, en gie op 13 juny fan dat jier yn premiêre. How to Train Your Dragon 2 brocht $618,9 miljoen op tsjin in budget fan $145 miljoen. De film waard nominearre foar de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm, en wûn de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm en seis Annie Awards.

How to Train Your Dragon: The Hidden World

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side How to Train Your Dragon: The Hidden World.

How to Train Your Dragon: The Hidden World spilet in jier nei de foarfallen yn How to Train Your Dragon 2. Hik (Jay Baruchel) is no, nei de dea fan syn heit Stompum (Gerard Butler), de lieder fan 'e Wytsingen en draken fan Berk. Under syn lieding hâlde de Wytsingen oan mei it rêden fan finzen draken om se nei Berk te bringen. Mei't it eilân sa sûntsjesoan te lyts wurdt, wol Hik de Ferburgen Wrâld sykje, in feilich ûntwyk foar draken, dêr't syn heit silger him oer ferteld hat. Underwilens moetet Hik syn nachtfuerydraak Toskeleas in wyfke fan syn eigen soarte dêr't er in bân mei foarmet. Om't it wyfke wyt fan kleur is, neamt Hik syn faam Astrid (America Ferrera) har de Ljochtfuery. It docht lykwols bliken dat de Ljochtfuery lokies is dat útset is troch de beruchte drakejager Grimmel de Grizel (F. Murray Abraham), mei de bedoeling om Toskeleas te finzen te nimmen. Om 'e draken út 'e hannen fan Grimmel en syn meistanners te hâlden, moat Hik kieze tusken harren selskip en harren feilichheid.

How to Train Your Dragon: The Hidden World waard wer regissearre troch Dean DeBlois nei in senario fan himsels. De film gie op 3 jannewaris 2019 yn premiêre, en brocht $521,8 miljoen op tsjin in budget fan $129 miljoen. How to Train Your Dragon: The Hidden World waard nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm.

Legend of the BoneKnapper Dragon

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Legend of the BoneKnapper Dragon.

Legend of the BoneKnapper Dragon is in koarte film mei in spyldoer fan 16 minuten, dy't makke waard as in ferfolch op 'e lange film How to Train Your Dragon. De film folget Hik (Jay Baruchel) en syn freonen as se harren mentor Rachelman Krôk (Craig Ferguson) beselskipje op in kweeste om 'e legindaryske bonkeklopperdraak te deadzjen. Goed de helte fan 'e film is kompjûteranimearre en spilet yn 'e tsjintwurdige tiid, wylst de rest bestiet út flashbacks nei de eardere moetings fan Rachelman mei de bonkeklopperdraak út it ferline, makke yn tradisjonele, hântekene animaasje. Legend of the BoneKnapper Dragon waard regissearre troch John Puglisi nei in senario fan Peter Steinfeld. De film waard op 14 oktober 2010 foar it earst útstjoerd fia it tillefyzjenetwurk Cartoon Network.

Book of Dragons

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Book of Dragons is in koarte film mei in spyldoer fan 18 minuten, dy't fuortbout op 'e foarfallen út How to Train Your Dragon. Yn 'e film fertelle Hik (Jay Baruchel), Astrid (American Ferrera), Fiskepoat (Christopher Mintz-Plasse) en Rachelman Krôk (Craig Ferguson) de leginde efter it Boek der Draken en bringe teffens geheime trainingsynformaasje út oer nije, noch nea earder sjoene draken. Yn totaal pasearje fjirtjin ûnderskate soarten draken de revu, opdield yn sân klassen. Book of Dragons waard op 15 novimber 2011 op direkt-op-fideo útbrocht op dvd en blu-ray, yn 'e mande mei Dragons: Gift of the Night Fury.

Dragons: Gift of the Night Fury

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Dragons: Gift of the Night Fury.

Dragons: Gift of the Night Fury is in koarte film mei in spyldoer fan 22 minuten yn 'e foarm fan in krystspecial. Ek dizze film grypt werom op How to Train Your Dragon. It ferhaal fynt plak ûnder de tariedings foar de winterske hjeldei fan 'e Wytsingen fan Berk dy't 'Snoggletog' hjit (in soarte fan pseudo-kryst). Krekt foar de hjeldei fleane alle draken op Berk ynienen om ûndúdlike redens fuort. Hik syn draak Toskeleas kin net mear selsstannich fleane, dat út begrutsjen makke Hik (Jay Baruchel) in automatyske proteze foar him, wêrnei't hy ek ôfset. Trije dagen letter ûntsnapt Fleisblok, de lêste draak op Berk, dy't troch Fiskepoat (Christopher Mintz-Plasse) temûk oan it tsjoar lein wie, en skuort dêrby Hik by fersin mei. Sa ûntdekt Hik wêr't alle draken bedarre binne en wêrom. Dragons: Gift of the Night Fury waard regissearre troch Tom Owens nei in senario fan Adam F. Goldberg. De film waard op 15 novimber 2011 útbrocht op dvd en blu-ray, tegearre mei Book of Dragons.

Dragons: Dawn of the Dragon Racers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Dragons: Dawn of the Dragon Racers.

Dragons: Dawn of the Dragon Racers is in koarte film mei in spyldoer fan 25 minuten. It ferhaal folget Hik (Jay Baruchel), Astrid (America Ferrera) en harren freonen as se op 'e siik geane nei in missend skiep. De syktocht rint lykwols al rillegau út op in kompetysje tusken harren om 'e earste titel fan Drakeriidkampioen fan Berk. Dragons: Dawn of the Dragon Racers waard regissearre troch Elaine Bogan en John Sanford nei in senario fan Art Brown en Douglas Sloan. De film waard op 11 novimber 2014 publisearre as bonusfilmke op 'e earste dvd- en blu-ray-edysjes fan 'e lange film How to Train Your Dragon 2.

How to Train Your Dragon: Homecoming

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side How to Train Your Dragon: Homecoming.

How to Train Your Dragon: Homecoming is in koarte film fan 22 minuten yn 'e foarm fan in krystspecial. It ferhaal spilet tsien jier nei't de draken it eilân Berk ferlitten hawwe, sa't te sjen wie yn How to Train Your Dragon: The Hidden World, mar foarôfgeande oan 'e epilooch fan dy film. De trije bern fan Hik (Jay Baruchel) en Astrid (America Ferrera) fine de âlde deiboeken fan Stompum de Mânske, en liede dêrút ôf dat draken skriklike meunsters binne. Hik en Astrid dogge war om harren de wierheid by te bringen. Underwilens naaie de trije 'nachtljocht'-jongen fan Toskeleas en de Ljochtfuery út 'e Ferburgen Wrâld út nei Berk om Hik te sykjen. How to Train Your Dragon: Homecoming waard regissearre troch Tim Johnson nei in senario fan Jonathan Groff en Jon Pollack. De film waard op 3 desimber 2019 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd op it tillefyzjenetwurk NBC.

Snoggletog Log is in koarte film fan it slow television-sjenre, mei in spyldoer fan 28 minuten. It is ien inkeld shot fan in brânende iepen hurd mei de kryst, wêrby't hiel út en troch ferskate foarfallen barre dy't te krijen hawwe mei de personaazjes út 'e How to Train Your Dragon-franchise. Sa lit it sjen dat de Wytsingen en draken de hjeldagen mei-inoar fiere en nea folslein útinoar gean sille. Snoggletog Log is sûnt desimber 2019 beskikber fia streamingtsjinst Hulu.

DreamWorks Dragons

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side DreamWorks Dragons.

DreamWorks Dragons is in tekenfilmsearje dy't basearre is op 'e How to Train Your Dragon-films. De searje folget de aventoeren fan Hik en syn drakeridende freonen op en om Berk. Ferskate stimakteurs út 'e films kroepen foar de searje op 'e nij yn 'e hûd fan harren personaazjes, ûnder wa Jay Baruchel (Hik), America Ferrera (Astrid) en Christopher Mintz-Plasse (Fiskepoat Ingerman). DreamWorks Dragons rûn acht seizoenen, fan 2012 oant 2018, en der waarden yn totaal 118 ôfleverings fan 22 minuten makke. It earste seizoen hie as ûndertitel Riders of Berk, it twadde seizoen Defenders of Berk, en seizoen 3 oant en mei 8 Race to the Edge. De earste beide seizoenen waard foar it earst útstjoerd op it tillefyzjenetwurk Cartoon Network, wylst de oare seis seizoenen alderearst fia streamingtsjinst Netflix publisearre waarden.

DreamWorks Dragons: Rescue Riders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side DreamWorks Dragons: Rescue Riders.

DreamWorks Dragons: Rescue Riders is ek in tekenfilmsearje yn it ramt fan 'e How to Train Your Dragon-franchise, mar rjochte op jongere bern yn 'e leeftyd fan 3 oant 6. De searje giet dan ek oer lytse bern yn it doarp Huttsgalor, dy't jonge draken beride en dêrmei sawol oare draken as de doarpsbewenners rêde. DreamWork Dragons: Rescue Riders rûn trije seizoenen, fan 2019 oant en mei 2020. Der waarden 26 ôfleverings fan 24 minuten makke, mei dêropta trije tillefyzjespecials fan 46 minuten: Hunt for the Golden Dragon, Secrets of the Songwing en Huttsgalor Holiday, allegear út 2020. DreamWorks Dragons: Rescue Riders waard publisearre fia de streamingtsjinst Netflix.

De How to Train Your Dragon-franchise is (loskes) basearre op 'e romansearje How to Train Your Dragon, fan 'e Britske skriuwster Cressida Cowell. Dy bestiet út 'e folgjende dielen:

  • 2001 – Hiccup: The Viking Who Was Seasick
  • 2003 – How to Train Your Dragon
  • 2004 – How to Be a Pirate
  • 2005 – How to Speak Dragonese
  • 2006 – How to Cheat a Dragon's Curse
  • 2007 – How to Twist a Dragon's Tale
  • 2008 – How to Ride a Dragon's Storm
  • 2009 – How to Break a Dragon's Heart
  • 2011 – How to Steal a Dragon's Sword
  • 2012 – How to Seize a Dragon's Jewel
  • 2013 – How to Betray a Dragon's Hero
  • 2015 – How to Fight a Dragon's Fury

Yn it ramt fan 'e How to Train Your Dragon-franchise binne by útjouwerij Titan Comics de folgjende stripalbums ferskynd yn twa rigen:

  • Dragons: Riders of Berk
    • 2014 – Dragon Down
    • 2014 – Dangers of the Deep
    • 2015 – The Ice Castle
    • 2015 – The Stowaway
    • 2015 – The Legend of Ragnarok
    • 2015 – Underworld
  • Dragons: Defenders of Berk
    • 2016 – The Endless Night
    • 2016 – Snowmageddon

Dêrnjonken binne by útjouwerij Dark Horse Comics de folgjende grafyske romans yn it ramt fan 'e How to Train Your Dragon-franchise útkommen:

  • 2016 – Burning Midnight (in lyts, fergees útbrocht boekje fan 10 bledsiden)
  • 2017 – The Serpent's Heir
  • 2018 – Dragonvine
  • 20?? – The Fire Tides (moat anno 2021 noch ferskine)

Yn it ramt fan 'e How to Train Your Dragon-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

*) Dit is in crossover-fideospultsje, wêryn't ek oare mediafranchises oan bod komme.

Yn it ramt fan 'e How to Train Your Dragon-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:

In iisshow yn Broadway-styl op basis fan 'e earste film fan 'e franchise, mei as titel How to Train Your Dragon on Ice, wie sûnt 2010 te sjen op it cruiseskip Allure of the Seas fan cruiseline Royal Caribbean.

Op basis fan How to Train Your Dragon waard ek it toanielstik How to Train Your Dragon Live Spectacular skreaun, dat op 2 maart 2012 yn Melbourne yn premiêre gie en dêrnei teminsten oant yn 2014 op ferskate plakken yn Austraalje, Nij-Seelân, de Feriene Steaten, Kanada en Sina te sjen wie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019)