Anna fan Bretanje
Anna fan Bretanje | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
bynamme | Bretonsk Frânsk | |
bertedatum | 25 of 26 jannewaris 1477 | |
berteplak | Nantes (Bretanje) | |
stjerdatum | 9 jannewaris 1514 | |
stjerplak | Blois (Frankryk) | |
dynasty | Hûs Dreux-Montfort | |
etnisiteit | Bretonsk | |
religy | roomsk-katolisisme | |
hartoginne fan Bretanje | ||
regear | 1488 – 1514 | |
foargonger | Frâns II fan Bretanje | |
opfolger | Klaudia fan Frankryk | |
keninginne-gemalinne fan Frankryk as gemalinne fan Karel VIII fan Frankryk | ||
amtsperioade | 1491 – 1498 | |
keninginne-gemalinne fan Frankryk as gemalinne fan Loadewyk XII fan Frankryk | ||
amtsperioade | 1499 – 1514 | |
hartoginne-gemalinne fan Milaan as gemalinne fan Loadewyk XII fan Frankryk | ||
amtsperioade | 1499 – 1500 1500 – 1512 | |
keninginne-gemalinne fan Napels as gemalinne fan Loadewyk XII fan Frankryk | ||
amtsperioade | 1501 – 1504 |
Anna fan Bretanje (Frânsk: Anne de Bretagne; Bretonsk: Anna Breizh; Nantes, 25 of 26 jannewaris 1477 – Blois, 9 jannewaris 1514) wie fan 1488 oant har dea hartoginne fan it (yn namme) doe noch ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Hoewol't se der alles oan die dat yn har macht lei om 'e selsstannigens fan har heitelân te hanthavenjen, kaam Bretanje yn har tiid stevich yn 'e hannen fan it Keninkryk Frankryk, dat it hartochdom yn 1532 anneksearje soe. Njonken har regear suo jure oer Bretanje, wie Anna keninginne-gemalinne fan Frankryk, earst as de oarehelte fan Karel VIII en letter fan Loadewyk XII. Sy is de iennichste frou dy't twaris keninginne-gemalinne fan Frankryk west hat. Teffens wie se ûndere de Italjaanske Oarloggen keninginne-gemalinne fan Napels en hartoginne-gemalinne fan Milaan. Yn Bretanje stiet Anna noch altyd yn heech oansjen as ien dy't it lân om 'e nocht tsjin 'e Frânsen besocht te ferdigenjen. Yn it tiidrek fan 'e tweintichste iuw waard se sadwaande in boechbyld fan it Bretonske nasjonalisme.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anna waard berne op 25 of 26 jannewaris 1477 yn it Kastiel fan 'e Hartoggen fan Bretanje yn Nantes, yn wat no it Frânske departemint Loire-Atlantique is. Hja wie it âldste bern fan hartoch Frâns II fan Bretanje en dy syn twadde frou Margareta fan Foix. In âlder healbruorke, Jan, wie yn 1463 58 dagen nei de berte kommen te ferstjerren. Anna hie in jongere suster, Isabeau, dy't yn 1478 berne waard mar yn 1490 mei tolve jier ferstoar. Har mem ferstoar yn 1486, doe't Anna njoggen jier wie, en har heit kaam yn 1488 om by in fal fan syn hynder, doe't se alve jier wie.
It wurdt wierskynlik achte dat Anna lêzen en skriuwen learde yn it Frânsk en faaks ek in bytsje yn it Latyn. Oars as wat wol oer har beweard wurdt, hie se gjin kunde fan it Gryksk of Hebriuwsk en spriek noch ferstie se it Bretonsk, de nasjonale taal fan har heitelân. Mei troch it ier fuortfallen fan har âlden, mar ek neffens wat foar lju fan har stân yn dy tiid wizânsje wie, waard Anna grutbrocht troch in gûvernante, Françoise fan Dinan, frouwe fan Châteaubriant en troch har houlik grevinne fan Laval. Dêrnjonken hie Anna ferskate privee-learaars, ûnder wa har butler en hofdichter Jean Meschinot, dy't har nei alle gedachten les joech yn dûnsjen, sjongen en muzyk.
Erfdochter
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anna har heit Frâns II wie hartoch wurden as opfolger fan syn omkes Jan V en Arthur III, dy't gjinien fan beiden manlike neikommelingen hiene. Frâns II wie sadwaande de lêste manlike telch út it slachte Dreux-Montfort. Dat er sels ek gjin soannen produsearre, wie, yn in tiid dat froulju net yn tel wiene, foar it ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje in regelrjochte ramp, temear om't it Keninkryk Frankryk Bretanje as in soarte fan ôffalige provinsje seach dy't weromwûn wurde moast. Om fia Anna de erfopfolging fan syn laach feilich te stellen, liet Frâns II syn dochter op 10 febrewaris 1486 formeel as syn erfgenamte erkenne troch de Steaten fan Bretanje. Sy waard dêrtroch offisjeel syn erfdochter, wat har ta in tige oantreklike houlikspartij makke.
Frâns II, en nei syn dea Anna har fâden, besochten dêrfan gebrûk te meitsjen troch sa'n geunstich mooglike man foar har te sykjen, dy't sterk genôch wêze soe om 'e Frânsen bûten Bretanje te hâlden. Yn 1480, doe't se trije jier wie, waard se keppele oan Edwert V fan Ingelân, de prins fan Wales en erfgenamt fan kening Edwert IV fan Ingelân. Mar koart nei de dea fan Edwert IV ferdwûn Edwert V spoarleas; men nimt oan dat er út 'e wei romme is, mooglik yn opdracht fan syn omke en regint, Richard III.
Oare hege eallju oan wa't Anna efterinoar fersein waard, wiene keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, Alain I fan Albret, Loadewyk, hartoch fan Orléans (in neef en rivaal fan 'e Frânske kening Karel VIII), Jan IV fan Châlon-Arlay, prins fan Oranje, en Edwert Stafford, 3e hartoch fan Buckingham. Eltse kear kaam der lykwols wol wat tusken; sa fûn Anna Alain fan Albret ôfstjitlik en wegere se in houlik mei him yn omtinken te nimmen, en waard de Ingelske kening Hindrik VII troch de eksekuteurs-testamintêr fan Hindrik Percy, 4e greve fan Noardumberlân, omkocht om in houlik te beävensearjen tusken Buckingham en Percy syn dochter Eleönoara.
Oarloggen mei Frankryk en troansbestiging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1488 sleat Frâns II yn wat neitiid bekend kommen is te stean as de Dwaze Oarloch (la Guerre Folle) in militêr bûnsgenoatskip mei oare fijannen fan Frankryk, te witten: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. Ferskate Frânske eallju, eardere bûnsgenoaten fan Frâns II út 'e Liga foar it Miene Goed, joegen har by him. It leger fan 'e Bretonnen en harren bûnsgenoaten waard lykwols op 28 july 1488 troch de Frânsen ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cormier. Op 10 augustus wie Frâns II sadwaande twongen om it fernederjende Ferdrach fan Verger te ûndertekenjen. Dêryn waard, njonken oare Bretonske konsesjes, fêstlein dat Frâns II fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochters ferlet hie fan goedkarring fan 'e Frânske Kroan.
Minder as in moanne letter, op 9 septimber, kaam Frâns II te ferstjerren by in ûngemak, as gefoch wêrfan't Bretanje yn in nije krisis stoart waard. Dy soe útrinne op noch ien lêste Frânsk-Bretonske Oarloch. Doe't er nei syn fal fan it hynder yn it stjerren lei, liet Frâns syn dochter Anna ûnthjitte dat se har nea deljaan soe ûnder in Frânske oerhearsking fan Bretanje. Ek stelde er syn fertrouling Jan IV fan Rieux, de maarskalk fan Bretanje, oan as Anna har fâd. Nei't se de Bretonske haadstêd Nantes ûntflechte wie omreden fan 'e twaspjalt mank har riejouwers oer hoe't it no mei har houlik moast, waard Anna op 10 febrewaris 1489 yn Rennes ta hartoginne suo jure fan Bretanje kroane.
Mei trettjin jier troude Anna op 19 desimber 1490 mei keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk. De houliksplechtichheid fûn plak yn 'e Katedraal fan Rennes. Maksimiliaan wie dêr fansels net yn eigen persoan by oanwêzich, om't it foar him fierstente tiidrôvjend en gefaarlik wie en reizgje hielendal ôf nei Bretanje. Ynstee wie it in houlik by folmacht. De Frânske Kroan wie net om goedkarring frege, wat ynbrek makke op it Ferdrach fan Verger. Los dêrfan soe der ek nea goedkarring foar sa'n houlik jûn wêze om't Maksimiliaan in swarde fijân fan Frankryk wie, en it houlik mei Anna him yn 'e praktyk hearsker oer Bretanje meitsje soe. It houlik waard dêrom yn Parys beskôge as in earnstige provokaasje. Noch helte minder wie foar Bretanje it feit dat it houlik sa'n minne timing hie: Maksimiliaan wie drok beset mei in problematyske troanopfolging yn it Keninkryk Hongarije, en syn Spaanske bûnsgenoaten Ferdinand II fan Aragon en Isabella fan Kastylje hiene de hannen fol oan 'e ferovering fan it Emiraat Granada.
Hoewol't sawol it Keninkryk Kastylje as it Keninkryk Ingelân troepekontinginten nei Bretanje stjoerden om it Bretonske leger mei fuort te sterkjen, hie net ien fan beide lannen op dat stuit ferlet fan in iepen oarloch mei Frankryk. Doe't yn 'e maityd fan 1491 in Frânsk leger ûnder Loadewyk II fan La Trémoille Bretanje binnenfoel, koene de Bretonnen dan ek net folle oars dwaan as tebekwike. Oan 'e ein fan 'e simmer sloech La Trémoille belis foar Rennes, dat Anna har residinsje wie, en nei twa moannen koe de stêd it net langer hâlde. Op 15 novimber joech Rennes him oer en ried de Frânske kening Karel VIII de stêd binnen. De beide kanten yn 'e oarloch kamen it Ferdrach fan Rennes oerien, wêrmei't de oarloch einige yn wat Anna krekt besocht hie foar te kommen: de folsleine oerhearsking fan Bretanje troch de Frânsen.
Houlik mei Karel VIII
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel VIII wegere Anna har houlik mei Maksimiliaan I te erkennen en liet it annulearje, mei as argumint dat it nea konsummearre wie (wat doedestiden neffens it kanonyk rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke grûn foar ûntbining fan in houlik wie). Nei't se alle útstelde houliken mei Frânske eallju ôfwiisd hie, waard Anna op 17 novimber 1491 fersein oan kening Karel VIII sels. Doe waard se, eskortearre troch it Bretonske leger (om sjen te litten dat se sabeare frijwillich mei it houlik ynstimde), nei Langeais brocht. Anna tekene formeel protest oan tsjin 'e gong fan saken: se sei dat it houlik mei Karel VIII bigamy wie om't se al troud wie; se sei dat it foarnommen houlik net trochgean koe om't Karel sels al formeel fersein wie oan Maksimiliaan syn dochter Margareta fan Savoaye; en se sei dat it foarnommen houlik yllegaal wie om't de breid ûnwillich wie, sadat it delkaam op ferkrêfting. Neat holp, en de houliksplechtichheid dy't har ta de gemalinne fan Karel VIII makke, waard op 6 desimber by moarnsdage yn it Kastiel fan Langeais holden.
It houlik wie eins feitlik yllegaal oant paus Innosintius VIII it, yn ruil foar oansjenlike konsesjes fan Karel VIII, op 15 febrewaris 1492 falidearre. Tagelyk annulearre de paus doe ek formeel it houlik fan Anna mei Maksimiliaan, dêr't Karel sels it rjocht net ta hie om te dwaan. En hy joech in spesjale ûntheffing foar it houlik fan Anna mei Karel, dy't nedich wie om't se eins te nau oaninoar besibbe wiene om trouwe te meien. Oangeande Bretanje wie yn it houlikskontrakt fêstlein dat de houlikspartner dy't it langst libje soe, it bestjoer oer it hartochdom behâlde soe. Der wie lykwols ek yn fêstlein dat, mocht Karel VIII sûnder manlike erfgenamten komme te ferstjerren, Anna mei syn opfolger wertrouwe moast. Sa joech de Frânske Kroan himsels in reserve-opsje om dochs ta de anneksaasje fan Bretanje te kommen.
Op 8 febrewaris 1492 waard Anna by in plechtichheid yn 'e Katedraal fan Saint-Denis yn Saint-Denis, benoarden Parys, troch André d'Espinay, de aartsbiskop fan Bordeaux, kroane ta keninginne-gemalinne fan Frankryk. Dat wie lykwols mar in formaliteit, mei't se as keninginne fan Karel VIII alhiel gjin macht yn Frankryk hie. Wannear't Karel fuort wie, lykas doe't er yn 'e Italjaanske Oarloggen focht, wie net Anna fan Bretanje, mar syn âldere suster Anna fan Franryk regintesse foar him yn 't plak. Karel naam, sa't doedestiden wenst wie, ek it regear oer it gebiet fan syn frou oer, dat yn Bretanje hie Anna ek neat mear te sizzen. Karel ferbea har sels om 'e titel "hartoginne fan Bretanje" te brûken, wat ta oanhâldend en heechoprinnend spul tusken harren late. Ek yn 'e priveesfear wie de ferhâlding tusken Anna en Karel min. Dat begûn al trochdat Anna, doe't se trouwe moast, demonstratyf twa bêden meinaam: ien foar harsels en ien fan har brêgeman. Se wennen mar komselden op itselde plak, mar nettsjinsteande dat wie Anna it meastepart fan 'e tiid swier en brocht se yn harren sânjierrich houlik sân bern te wrâld, dy't lykwols allegearre deaberne waarden of mar koart libben. Anna wenne yn dy jierren yn 'e keninklike kastielen fan Amboise, Loches en Plessis, en as har man yn Itaalje focht, hold se ta yn Lyon, Grenoble of Moulins.
Wer hartoginne fan Bretanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Karel VIII fan Frankryk op 4 april 1498 in ûngemak krige en stoar, wie Anna fan Bretanje 21 jier en hie se gjin libbene bern. Se kearde werom nei Bretanje, dêr't se sels it regear oer har hartochdom opnaam. Har earste dieden wiene om 'e trouwe Filips fan Montauban wer kânselier te meitsjen, en Jan IV fan Châlon-Arlay, prins fan Oranje, oan te stellen as erflik luitenant-generaal fan Bretanje. Ek rôp se de Steaten fan Bretanje gear en joech se opdracht ta it slaan fan in gouden munt mei har eigen likenis derop. Om har hinne sammele se in ferneamd fermidden fan dichters, keunstners en muzikanten, ûnder wa Publio Fausto Andrelini, Jean Marot, Johannes Ockeghem, Antoine de Févin, Loyset Compère en Jean Mouton.
Houlik mei Loadewyk XII
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trije dagen nei it ferstjerren fan Karel VIII trêden de betingsten fan syn houlikskontrakt mei Anna yn wurking: om't er sûnder manlike erfgenamten stoarn wie, moast Anna mei syn opfolger trouwe. Dy opfolger wie syn folle neef Loadewyk fan Orléans, dy't op 'e Frânske troan kaam as Loadewyk XII. It probleem wie dat dyselde al troud wie, nammentlik mei syn nicht Jehanna fan Frankryk, hartoginne fan Berry, in dochter fan kening Loadewyk XI en in suster fan Karel VIII. Op 19 augustus 1498 prate Anna yn Étampes mei Loadewyk ôf dat se mei him trouwe soe as it him slagge en lit syn houlik mei Jehanna binnen in jier annulearje. Dêr sette er fuortendaliks mei útein.
It is net dúdlik oft Anna dy ôfspraak makke om't se net oars koe, of dat it in taktyske set fan har wie yn 'e hope dat Loadewyk it net oprêde soe om syn houlik ûntbûn te krijen. As dat lêste it gefal wie, kaam hja bedragen út. Paus Aleksander VI liet him troch Loadewyk blykber maklik oertsjûgje fan 'e needsaak fan in ûntbining, want hy annulearre it houlik tusken Loadewyk en Jehanna noch foar de ein fan it jier. It houlik fan Anna mei Loadewyk XII koe sadwaande al op 7 jannewaris 1499 yn Nantes plakfine. In nije kroaningsseremoanje as keninginne-gemalinne fan Frankryk waard lykwols pas jierren letter holden, op 18 novimber 1504, op 'e nij yn 'e Katedraal fan Saint-Denis.
It nije houlikskontrakt ferskilde radikaal fan dat fan Anna har houlik mei Karel VIII. Hja wie no langer gjin bern mear, mar in keninginne-dûairiêre, en hja wie wisberet om diskear erkenning ôf te twingen fan har rjochten as soeverein monarch fan Bretanje. Wat ek meispile wie dat Loadewyk XII nei't it skynt, oars as Karel VIII, smoarfereale op har wie, wat har folle mear macht joech yn harren relaasje. Sa koe it dat, hoewol't Loadewyk de facto de nije hearsker oer Bretanje waard, hy erkende dat sy eigentlik de hartoginne wie. De besluten dy't er naam liet er dêrom altyd útgean yn har namme. It houlikskontrakt omfette ek in klausule dat harren âldste dochter of twadde soan it Hartochdom Bretanje ervje soe. (De âldste soan soe nammentlik kening fan Frankryk wurde, dêr't froulju troch de Salyske Wet fan 'e troanopfolging útsletten wiene.) Dat wie lykwols in ôfspraak dêr't de Frânsen har nei Anna har dea net om bekroadzje soene.
Under har twadde houlik wenne Anna foar it meastepart op it Kastiel fan Blois, dêr't har oanwêzichheid as hartoginne fan Bretanje rûnom merkber wie. Loadewyk sette de Italjaanske Oarloggen fan Karel VIII fuort en wûn dêrby de kroanen fan it Keninkryk Napels en it Hartochdom Milaan, sadat Anna fan 1501 oant 1504 ek keninginne-gemalinne fan Napels wie en fan 1499 oant 1500 en fan 1500 oant 1512 ek hartoginne-gemalinne fan Milaan. Under har twadde houlik liet Anna foar har âldelju in prealgrêf bouwe yn 'e Katedraal fan Nantes, dêr't nei har eigen ferstjerren ek har hert yn byset wurde soe, neffens wat se fêstlizze liet yn har testamint.
As hartoginne ferdigene Anna de selsstannigens fan har heitelân fûleindich. Hja beävensearre in houlik foar har erfdochter Klaudia mei de jonge Karel fan Eastenryk, de lettere Karel V, sabeare om in Frânsk-Habsburchsk ferbûn te skeppen dat it Frânske súkses yn 'e Italjaanske Oarloggen bewissigje soe. It houlikskontrakt foar dy ferbyntenis waard op 10 augustus 1501 yn Lyon tekene troch Frâns fan Busleyden, aartsbiskop fan Besançon, Willem fan Croÿ, Nikolaas fan Rutter en Pierre Lesseman, de ambassadeurs fan Filips de Skiene (de heit fan Karel V). Doe't it letter wierskynlik waard dat Anna gjin manlike erfgenamt fuortbringe soe, liet Loadewyk XII de fersizzing lykwols ferbrekke om in houlik tusken Klaudia en syn eigen troanopfolger Frâns fan Angoulême te regeljen. Om't Anna wol foar it ferstân hie dat sa'n houlik de definitive deastek foar de Bretonske ûnôfhinklikens wêze soe, wegere se oan har dea ta om dermei yn te stimmen. Ynstee woe se it houlik mei Karel V dochs trochsette of oars har twadde dochter Renée mei it Hartochdom Bretanje beërvje.
It wie yn dyselde snuorje dat Loadewyk XII troch sykte in pear moannen it bêd hâlde moast. Anna brûkte dy tiid om in rûnreis troch Bretanje te meitsjen. Yn namme wie dat in pylgersreis by in rige hillichdommen lâns, mar eins moat it sjoen wurde as in polityk barren en in die fan ûnôfhinklikens wêrmei't se har eigen soevereiniteit oer it hartochdom krêft by sette woe. Fan juny oant en mei septimber 1505 die se yn triomf de iene nei de oare Bretonske stêd oan en besocht se plakken dêr't se noch nea west hie, wylst se hieltyd mei in protte pracht en preal ûnthelle waard troch har lienlju.
Ferstjerren en begraffenis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utput troch in grut tal kearen swier west en hast likefolle miskreammen krigen te hawwen, kaam Anne fan Bretanje op 9 jannewaris 1514 omtrint seis oere moarns oan in nierstienoanfal te ferstjerren yn it Kastiel fan Blois. Dat wie likernôch twa wiken foar wat har 37e jierdei west hawwe soe. Hja waard begroeven yn 'e Katedraal fan Saint-Denis, by in plechtichheid dy't 40 dagen duorre, sels foar in keninginne útsûnderlike lang. Har hert waard út har stoflik omskot nommen en yn in gouden relikwarium pleatst, dat oerbrocht waard de Katedraal fan Nantes om byset te wurden yn it grêf fan har âldelju.
Nei de Frânske Revolúsje waard it grêf fan Anna fan Bretanje en Loadewyk XII op 18 oktober 1793 ûntwijd, wêrby't harren stoflike omskotten yn in massagrêf smiten waarden. It prealgrêf waard foar in grut part rêden troch Alexandre Lenoir, dy't it fan 1795 ôf bewarre yn it Museum fan Frânske Monuminten foar't it ûnder de Restauraasje fan it Hûs Boerbon yn 1830 werompleatst waard yn 'e Katedraal fan Saint-Denis. It relikwarium mei it hert fan Anna fan Bretanje waard yn 1792 opgroeven as ûnderdiel fan 'e ynbeslachname fan alle ealmetalen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't útfierd waard yn opdracht fan 'e Nasjonale Konvinsje. It waard lege en opstjoerd nei Parys om omsmolten te wurden, mar it bedarre ynstee yn 'e Nasjonale Bibleteek fan Frankryk, dêr't it bewarre waard om yn 1819 werombrocht te wurden nei Nantes. Sûnt hat it dêr yn ferskate museä te bewûnderjen west, fan 1896 ôf yn it Musée Dobrée.
Neisleep
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn har testamint hie Anna fan Bretanje fêstlizze litten dat se it Hartochdom Bretanje neiliet oan har twadde dochter Renée, mar dat waard negearre troch har man Loadewyk XII, dy't it hartochdom taparte oan harren âldste dochter Klaudia. Dyselde waard úthylke oan Frâns fan Angoulême, dy't yn 1515, in jier nei Anna har dea, op 'e Frânske troan kaam as Frâns I. By it ferstjerren fan Klaudia yn 1524, krige Frâns I sadwaande Bretanje yn 'e hannen, en yn 1532 fierde er formeel de Frânske anneksaasje fan Bretanje troch.
Bern en fierdere neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut it earste houlik fan Anna fan Bretanje, mei Karel VIII fan Frankryk, kamen sân bern fuort:
- Karel Orland, berne op 11 oktober 1492. In sûn jonkje, it iennichste dat Anna ea krige, dat lykwols op 16 desimber 1495 mei trije jier oan 'e mûzels kaam te ferstjerren. Begroeven yn 'e Katedraal fan Tours.
- Frâns, in deaberne jonkje yn augustus 1493.
- In nammeleas, deaberne dochterke yn maart 1494.
- In nammeleas, deaberne dochterke yn maart 1495.
- Karel, berne op 8 septimber 1496, mar krapoan fjouwer wiken letter ferstoarn op 2 oktober 1496.
- Frâns, berne yn july 1497, mar in pear oeren nei de berte ferstoarn.
- Anna, berne op 20 maart 1498, mar dyseldichste deis noch ferstoarn.
Under har twadde houlik mei Loadewyk XII fan Frankryk rekke Anna nochris njoggen kear swier:
- Klaudia, berne op 13 oktober 1499, dy't har mem letter opfolge as hartoginne fan Bretanje en teffens keninginne-gemalinne fan Frankryk wie as de frou fan kening Frâns I. Hja stoar mei 24 jier op 20 july 1524.
- In miskream yn 1500.
- In deaberne jonkje op 21 jannewaris 1503.
- In miskream ein 1503.
- In miskream yn 1505.
- In miskream yn 1508.
- In miskream yn 1509.
- Renée, berne op 25 oktober 1510. Hja troude letter mei Herkules II d'Este, hartoch fan Ferrara. Sy wie it iennichste fan 'e bern fan Anna fan Bretanje dat ridlik âld waard, mei't se stoar op 12 juny 1574, doe't se 63 jier wie.
- In deaberne jonkje yn jannewaris 1512.
Fia har beppesizzer Margareta fan Frankryk, hartoginne fan Berry (de jongste dochter fan har dochter Klaudia) is Anna fan Bretanje de foarmem fan Fiktor Emanuël, prins fan Napels, de hjoeddeistige troanpretindint fan Itaalje. Fia har oerbeppesizzer Klaudia fan Frankryk, hartoginne fan Loataringen (in dochter fan Hindrik II fan Frankryk) is Anna ek de foarmem fan Karl von Habsburg, de hjoeddeistige troanpretindint fan Eastenryk.
Foarâlden fan Anna fan Bretanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Hartoch fan Bretanje
- Bretonsk persoan
- Gemaal fan in monarch fan Frankryk
- Gemaal fan in kening fan Napels
- Gemaal fan in hartoch fan Milaan
- Frânsk persoan fan Italjaansk komôf
- Frânsk persoan fan Baskysk komôf
- Frânsk persoan fan Lúksemboarchsk komôf
- Frânsk persoan fan Aragoneesk komôf
- Persoan fan Savoaisk komôf
- Persoan berne yn 1477
- Persoan stoarn yn 1514