Katedraal fan Tours
| Sint-Gatianuskatedraal
Cathédrale Saint-Gatien | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | ||
| departemint | ||
| plak | Tours | |
| adres | Place de la Cathédrale | |
| koördinaten | 47° 23' N 0° 41' E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| aartsbisdom | Tours | |
| patroanhillige | Gatianus fan Tours | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1170-1547 | |
| boustyl | Gotyk | |
| monumintale status | ||
| Webside | ||
| Side bisdom Side katedraal | ||
| Kaart | ||
De Katedraal fan Tours is in goatyske tsjerke dy't oan 'e earste biskop fan 'e Frânske stêd Tours, de hillige Gatianus, wijd is. It is de haadtsjerke fan it aartsbisdom Tours.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste tsjerke waard yn 338 boud. Op syn lêst yn 'e 6e iuw baarnde dy tsjerke ôf en waard se troch in representativer gebou ferfongen, dy't yn 590 troch Gregorius fan Tours ynwijd waard.
Oan it begjin fan 'e 12e iuw ûntstie in tredde, romaanske biskopstsjerke, dy't al yn 1166 ôfbaarnde. De tsjerke waard wer restaurearre, mar de kwaliteit fan 'e bou en de tapaste stienen wiene sa striemin, dat de tsjerke al oan it begjin fan 'e 13e iuw brekfallich woarn wie.
Sa waard yn 'e jierren 1220-1230 mei de bou fan 'e hjoeddeiske katedraal begûn, dy't oer de foargongers hinne as basilika boud waard. Om 1280 hinne waarden it koer en de apsis foltôge, maar al yn 1267 wiene de reliken fan 'e hillige Mauritsius en syn selskipslju plechtich de tsjerke yndroegen. De katedraal krige yn 1465 ferwulften.
De noardlike en súdlike toer waarden yn 1509 respektivelik 1507 foltôge en binne 70 meter heech. Beide tuorren wurde bekroand mei in achthoekige boppebou en in renêssânsespits mei in latearne omsletten fan fjouwer hoekfialen, in tafoeging fan 'e arsjitekt Pierre Valence.
Bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 'e katedraal foar it hege wetter fan 'e Loire te beskermjen waard de tsjerke op ferhege grûn boud. Fanwegen de lange boutiid represintearret de katedraal de hiele ûntjouwing fan 'e goatyske arsjitektuer oant it letgoatyske tiidrek mei de tusken 1426 en 1547 troch de boumasters Jean de Dammartin, Jean Papin en Jean Durand foltôge gevel. Dy westlike gevel heart wat foarm en byldhouwurk oanbelanget ta de moaiste en rykste foarbylden fan de saneamde flamboyante gotyk.
Noardlik fan 'e katedraal slút de trijeskippige kleastergong La Psalette (Koarskoalle) oan.
Ynrjochting en ramen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De ynrjochting waard yn 1562 troch byldestoarmjende hugenoaten ferneatige. Ek de portaalbylden waarden fernield en binne oant hjoeddedei noch jimmeroan net ferfongen. Yn 'e katedraal steane 36 bylden dy't yn 1850 troch de byldhouwer Toussaint makke waarden.
De fyftjin ramen fan 'e apsis en it dêrûnder lizzende trifoarium waarden tusken 1265 en 1270 ynset. Se stelle leginden fan hilligen, it skeppingsferhaal, it lijen fan Kristus en de biskoppen fan Tours foar. It roasfinster yn 'e gevel datearret út 'e 15e iuw, dy fan it transept út 'e 14e iuw.
Yn 'e earste súdlike koerkapel stiet it 16e-iuwske moarmeren grêftombe foar Karel-Roland (Charles-Orland; 1492-1495) en Karel (Charles; 1496), soannen fan Karel VIII, in masterwurk fan 'e iere renêssânse yn Frankryk.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel giet yn dielen werom op in ynstrumint út 1521, wêrfan't de hjoeddeiske oargelkas stamt. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it ynstrumint ferskate kearen restaurearre en fergrutte. Yn 1762 waard in rêchposityf en in echowurk tafoege. It oargel krige by in restauraasje yn 1928-1929 elektropneumatyske traktueren. De lêste grute renovaasje fûn yn 'e jierren 1992-1996 troch Alfred Kern & Soannen út Straasburch plak. It hat tsjintwurdich 56 registers op trije manualen en pedaal.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynterieur rjochting koer.
- Oargel.
- Skeppingsraam.
- Relikwarium mei reliken fan Martinus fan Tours.
- Krúsgong.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Tours
|
