Mauritius (hillige)
Mauritius (hillige) | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 3e iuw | |
stjerdatum | 287 | |
stjerplak | Agaunum (Saint-Maurice, Switserlân) | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke Otterdokse Tsjerke Koptysk-Otterdokse Tsjerke | |
hjeldei | 22 septimber | |
hillichdom | Saint-Maurice (grêf), fierder binne der reliken fan Mauritius yn û.o. Auxerre, Keulen, Magdeburg, Namen en Echternach en Saint-Riquier; de plasse fan Mauritius wurdt bewarre yn de katedraal fan Vienne (F). | |
attributen | Lâns mei findel, klaaid yn maliënkolder of as romeinsk soldaat, in skyld dragend, faak mei in grutte groep romeinske soldaten | |
patroan fan | Soldaten, krúsridders, fervers, wapensmidden, | |
tradysje | Oanroppen tsjin û.o. jicht en hyntesyktes |
Mauritius (berne yn de 3e iuw nei alle gedachten yn Egypte of Sûdaan – ferstoarn yn 287 yn Agaunum (it tsjintwurdige Saint-Maurice, Switserlân) is in as martler fereare hillige yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. Mauritius wie oanfierder fan it Thebaanske Legioen, dat yn Agaunum eksekútearre waard om't it út kristenen besteande legioen wegere te offerjen oan de romeinske goaden of, neffens in oare boarne, wegere te striden tsjin kristenen.
Yn Fryslân hiene foar de reformaasje de plakken Hidaard, Jirnsum, Aldeholtwâlde, Idzegea en Drylts [1] tsjerken dy't oan de hillige Mauritius wijd wiene. De oan de earetsjinst ûntlutsen herfoarme tsjerke fan Jirnsum en dy fan Drylts drage noch jimmeroan de namme fan Mauritius. Op de flagge en it wapen fan Jirnsum stiet it lazaruskrús, it ynsynje fan de âlde Oarder fan Sint-Mauritius en Sint-Lazarus.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldste oerlevering fan Mauritius is ôfkomstich fan biskop Eucherius fan Lyon, dy't tusken 425 en 450 it amt beklaaide. De biskop hat him by syn hagiografy basearre op mûnlinge boarnen, dy't harren ynformaasje wer fan de biskop fan Geneve hiene.
Neffens Eucherius wie Mauritius oanfierder fan in legioen, dat yn de tiid fan de romeinske keizers Diokletianus en Maksimianus by Thebe yn Egypte tsjinne. It legioen bestie hielendal út kristenen en as ofsieren fan Mauritius tsjinnen Kandidus en Eksuperius. Keizer Maksimianus naam it saneamde Thebaanske Legioen yn syn leger op, dat er tsjin kristenen ynsette woe.
By it oerstekken fan de Alpen makke it legioen oproer by Agaunum, om't hja net tsjin kristenen fjochtsje woene. Ek wegere it legioen om foar in súksesfolle striid te offerjen oan de ôfgoaden. Ofhinklik fan de boarne barde dat yn it jier 302 of 303. Maksimianus wie doe yn Octodurum en wie sa poer, dat er opdracht joech om it legioen de desimearjen. Dat betsjutte dat eltse tsiende man eksekutearre wurde moast. Nei in twadde desimaasje woe it legioen noch net om lyk, sadat de keizer it hiele legioen fermoardzje liet. Sûnder ferset lieten de manlju harren troch de romeinen deadzje. Leden fan it legioen dy't wisten út te piken waarden letter dochs oppakt en eksekutearre (lykas Ursus en Viktor yn it Switserske Solothurn)
De reliken fan de Thebanen waarden troch de biskop fan Octodurum, de letter hillich ferklearre Theodor fan Sion, yn Agaunum opgroeven. Hy liet dy reliken tusken 386 en 392 yn it Cour du Martolet bysette en boude dêr in grêftsjerke. Yn 430 dûkten Mauritius en syn gesellen op yn it Martyrologium Hieronymianum, dy't nei alle gedachten op in lokale tsjerkekalinder stiene.
Eucherius fertelt oer in mirakel dat om 450 hinne barde, werby't in frommis mei ferlammingferskynsels nei Agaune gyng en nei in gebed om genêzing better waard. Yn dy tiid wie der op it plak dêr't it legioen de martlersdea stoar dus al in soarte fan pylgerstradysje. Fral ek de geunstige geografyske lokaasje oan in rûte fan noard nei súd oer de Alpen droech der oan by dat in soad pylgers graach Agaune besochten. Kening Sigismund liet yn 515 de abdij Saint-Maurice stiftsje om de pylgers op te fangen en soarch te bieden. Wylst oan it begjin de Thebanen noch as groep fereard waarden, is út lettere reisferslaggen fan de abdij op te meitsjen dat de ferearing him letter benammen op de persoan fan de oanfierder Mauritius konsintrearre.
Al yn de iere midsiuwen skonken de muontsen fan Saint-Maurice reliken oan kleasters, kapellen of tsjerken. Troch it massagrêf wiene der genôch. De delsetting by it kleaster yn Augane waard jimmeroan faker nei it kleaster ferneamd en Mauritius waard patroanhillige fan dat plak. De ferearing wreide him fan dêr fral út nei it noarden en noardeasten fan it germaanke gebiet. Fanôf de 6e iuw is ek in útwreiding yn de gallyske kontrijen waar te nimmen.
Fan 888 ôf waard Mauritius de patroanhillige fan it Keninkryk Boergonje, nei't de abt fan Saint-Maurice by it grêf fan de martlers ta kening Rudolf kroand waard. Under de Ottoanen bloeide de kultus fan Mauritius ek yn it ryk fan de eastfranken op. Fral Otto de Grutte hie in grutte ynteresse yn de ferearing fan it hillige legioen. Yn 937 stifte dy it benediktynske Mauritiuskleastser yn Maagdenburch, nei alle gedachten om dêr letter ek de sit fan in bisdom fan te meitsjen. It kleaster liet er oan twa persoanen fan it legioen wije, Mauritius en Innocentius en oan de apostel Petrus. Kening Otto naam mei de kryst fan 960 yn Regensburch reliken fan Sint-Mauritius en inkelde gesellen fan de boergondyske kening Koenraad III oer. Fuort liet er de reliken dêrnei nei it Mauritiuskleaster fan Maagdenburch stjoere. Yn 946 ferstoar Otto's earste frou Edgitha, dy't yn it Mauritiuskleaster byset waard. Op dat plak fan it kleaster, dêr't tsjintwurdich ek de domtsjerke stiet, liet Otto yn 995 in nije tsjerke bouwe. Dy tsjerke waard ek syn grêftsjerke, dêr't er yn 973 begroeven waard. Yn 962 befêstige paus Jehannes XII de ferearing fan Mauritius as patroanhillige fan alle Ottoanen. Lang om let soe Mauritius sawol foar alle keizers fan it Hillige Roomske Ryk as ek fan it ryk sels de patroanhillige wurde.
Yn de 15e iuw stiften de greven fan Savoye de ridderoarder fan de hillige Mauritius en Lazarus, dy't oant de dei fan hjoed bestiet.
Hillige lâns
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ferhaal dat Mauritius yn it besit west hat fan de yn Wenen bewarre Hillige Lâns, datearret nei alle gedachten út de hege midsiuwen. Iere ottoanske kronykskriuwers neamden it noch de lancea sacra, mar yn it midden fan de 11e iuw ûnstiene der boarnen, dêr't skreaun waard oer de lancea sancti Mauritij. Under keizer Hindrik III wie it idee dat de lâns it besit west hie fan Mauritius al sa bot ynboargere, dat Hindrik III de lâns mei in sulveren mansjet mei in Mauritiusynskrift omklaaie liet.
De lâns wie fanôf 921 yn it besit fan kening Rudolf II fan Boergonje. De ferearing fan Mauritius wie yn dy tiid yn syn keninkryk wol it grutst. Yn 926 ruilde Rudolf II de lâns foar it gebiet om Basel hinne mei de eastfrankyske kening Hindrik de Fûgelder. Hindriks's soan Otto de Grutte wie ek in grut ferearder fan Mauritius. Hy sette de kultus fan de lâns fierder fuort en brûkte de lâns yn 955 mei súkses yn de Slach op it Lechfjild by Augsburg. Yn de hege midsiuwen waard de Mauritiuslâns ien fan de machtigste hillige reliken, dy't de besitter ûnferwinlik makke.
Ferearing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In grut tal tsjerken en kleasters hawwe Mauritius as patroanhillige. Ien fan de belangrykste dêrfan it de katedraal fan Angers yn Frankryk. Mauritius is patroan fan de stêden Coburg, Fröndenberg, Wiesbaden, Ingolstadt en Zwickau en it kleaster Niederaltaich.
Yn Fryslân wiene foar de reformaasje de tsjerken fan Hidaard, Jirnsum, Aldeholtwâlde, Idsegea en Drylts oan Mauritius wijd. Allinne de tsjerke fan Drylts draacht noch de namme fan Mauritius. Dede flagge en it wapen fan Jirnsum betinkt Mauritius noch troch it lazaruskrús, it ynsynje fan de âlde Oarder fan Sint-Mauritius en Sint-Lazarus.
Sint-Mauritius is beskermhillige fan alle ambachtslju dy't mei donkere kleuren wurkje, lykas wapensmeden; fierder ek fan farvers, huoddemakkers, winkellu, gleskers, waskers, wevers, soldaten en hynders. Hy wurdt oanroppen foar earkrupsjes, dwylsinnigens, tsjin jicht, bernesyktes en hynstesyktes.
Op 19 july 1941 ornearre paus Pius XII dat Mauritius de patroanhillige waard fan it Alpini-korps fan it Italjaanske leger.
De feestdei fan Sint-Mauritius is op 22 septimber.
Ikonografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mauritius waard fan it begjin ôf as in romeinsk ofsier mei skyld en lâns yn in maliënkolder ôfbylde. Letter, sûnt de 13e iuw, waard de hillige as in swarte Mauretaniër útbylde. Sint-Mauritius kaam en komt op in grut tal wapens fan eallju, bisdommen, kleasters en stêden foar. Fakentiden wurdt Mauritius dan ôfbylde as in swarte man mei ringen yn de earen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mauritius (Heiliger)
|