Dunegeaster- en Follegeasterpolder
Appearance
Dunegeaster- en Follegeasterpolder | ||
Dunegeaster- en Follegeasterpolder | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Dunegea en Follegea | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 8 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Dunegeaster- en Follegeasterpolder is in natoergebiet fan It Fryske Gea fan 8 hektare oan de westouwer fan de Tsjûkemar yn de gemeente Lemsterlân.
It is de bedoeling it gebiet te ûntwikkeljen ta in djerreblomhaailân, reidlân en moerasouwer. Fan it skrale boerelân dat yn de bloeitiid fol stiet mei djerreblom, soere surk en echte koekútsblom is yn Fryslân net folle mear oer. Untwettering, te min skjin wetter en sypwetter dat ryk is oan mineralen, de bedonging en fersoering hawwe funest west. It gebiet sil dêrom wieter makke wurde en minder bedonge wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |