Wierhuizen
Appearance
Wierhuizen (Grinslannersk: Waaierhoezen/'t ol Waaier) is in buorskip yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân. It leit oan de dyk fan Broek nei Piterbuorren.
Oarspronklik wie Wierhuizen in echt doarp. De âlde namme soe We(h)rahusum west hawwe. Dy namme wiist der op dat it om in delsetting gie yn de eardere Hunzeboezem dy't stifte wie út Wehe wei.
It doarp waaard swier troffen troch de Krystfloed fan 1717. It hie fan gefolgen dat de tsjerke ôfbrutsen waard en de restanten brûkt foar it werstel fan de seedyk. Fan it oarspronklike doarp is allinnich noch it tsjerkhôf oer.
-
De brekfallige tsjerke fan Wierhuizen yn 1730 op de kaart fan Henricus Teijsinga
-
Tsjerkhôf fan Wierhuizen