Springe nei ynhâld

Hercules (film út 2014)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 feb 2024 om 22.54 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Hercules
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Brett Ratner
produsint Brett Ratner
Barry Levine
Beau Flynn
senario Ryan J. Condal
Evan Spiliotopoulos
basearre op Hercules: The Thracian Wars
   fan Steve Moore
kamerarezjy Dante Spinotti
muzyk Fernando Velázquez
filmstudio Flynn Picture Company
Radical Studios
distribúsje Paramount Pictures
Metro-Goldwyn-Mayer
spilers
haadrollen Dwayne Johnson
Ian McShane
Rufus Sewell
John Hurt
byrollen Reece Ritchie
Aksel Hennie
Ingrid Bolsø Berdal
Rebecca Ferguson
Joseph Fiennes
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 july 2014
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $244,8 miljoen

Hercules is in Amerikaanske histoaryske aventoerefilm en sandalefilm út 2014 ûnder rezjy fan Brett Ratner, mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson ('The Rock'), Ian McShane, Rufus Sewell en John Hurt. De film spilet yn 'e Grykske Aldheid en giet oer de legindaryske held en healgod Hearakles (dy't lykwols mei de yn it Ingelsk bekendere namme fan syn Romeinske wjergader Herkules oantsjut wurdt). It senario wie basearre op 'e grafyske roman Hercules: The Thracian Wars, fan striptekener Steve Moore, en stipet yn oansjenlike mjitte op 'e Grykske mytology. Hercules wie ien fan twa Hollywood-spylfilms oer Hearakles dy't yn 2014 útkamen, en moat dêrom net betize wurde mei The Legend of Hercules, út itselde jier. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in kommersjeel súkses.

Herkules is de oanfierder fan in groep hierlingen, dy't fierders bestiet út 'e spearfjochtsjende âld-kening en sjenner Amfiaraus fan Argos, de messesmitende dief Autolykus fan Sparta, de wyldeman Tydeus fan Tebe, de bôgesjittende amazône Atalanta fan Skysje en syn omkesizzer, de ferhaleferteller Iolaus fan Atene. Neffens de Grykske mytology wie Herkules in healgod en de soan fan 'e god Seus en in minsklike frou, dy't troch Heara, de oarehelte fan Seus, út jaloerskens ta sljochtsinnigens dreaun waard sadat er syn eigen frou Megara en harren bern fermoarde ûnder in besyk oan it hof fan 'e Ateenske kening Eurysteus. Geandewei de film wurdt lykwols hieltyd dúdliker dat dizze Herkules net de soan fan in god is, mar inkeld in ûnbidich sterke man, wylst ek alle oare boppenatuerlike aspekten fan 'e myten om syn persoan hinne, lykas it bestean fan sintauren, oerdriuwings fan byleauwige lju of dichterlike frijheid fan Iolaus en oare ferhalefertellers blike te wêzen.

De Herkules út 'e film hat syn heit nea kennen en is opgroeid as weesjonge op 'e strjitten fan Atene. Iolaus beweart dat er de Tolve Wurken ferrjochte hat nei't er dêrta opdracht krigen hie fan 'e goaden, mar Herkules sels besiket oanhâldend de fantasijrike ferhalen ôf te swakjen, wylst guon oaren ek skeptysk binne. Herkules wurdt kweld troch skuldgefoelens en fizioenen fan 'e trijekoppige hellehûn Serberus sûnt er Megara en syn bern fermoarde hat, al wied er doe dronken en kin er him fan it hiele foarfal neat tebinnenbringe. Nettsjinsteande syn beskiedenens jout er blyk fan suver boppeminsklike krêft en in feardichheid yn 'e striid dy't troch nimmen belike wurde kin.

Nei't hy en syn maten oan 'e kust fan Masedoanje ôfweefd hawwe mei in binde seerôvers, sitte se yn in herberch te drinken as se oansprutsen wurde troch de tsjeppe prinsesse Ergenia fan Traasje. Dyselde is der troch har heit, kening Kotys, op út stjoerd om Herkulus-en-dy yn te hieren, sadat se syn ûnbelearde soldaten traine kinne foar de striid tsjin 'e troepen fan 'e oarlochssuchtige kriichshear Resus, dy't heale Traasje al yn 'e jiske lein hat. Herkules giet op Ergenia har foarstel yn om him en syn maten te beteljen mei harren eigen gewicht yn goud. Dêrop begeliede se de prinsesse nei hûs ta, dêr't se ferwolkomme wurde troch Kotys, dy syn generaal Sitakles, en Ergenia har soan Arius, in ynnimlike jonge fan in jier as seis.

Herkules-en-dy sette útein mei de training fan 'e Trasyske soldaten, mar al inkele dagen nei harren oankomst kriget Kotys berjocht dat Resus de Bessy oanfallen hat, in barbaarske stamme út Midden-Traasje. Hoewol't Herkules him warskôget dat syn leger der noch net klear foar is, beslút Kotys om op te tsjen nei de Midden-Traasje, sadat er miene saak meitsje kin mei de Bessy. As se yn it wengebiet fan 'e stamme arrivearje, docht bliken dat se te let binne: de wichtichste delsetting fan 'e Bessy is al útmoarde en plondere. Wylst se har dêr ophâlde, wurde se oanfallen troch de krigers fan 'e Bessy, dy't har foar dea tusken de liken fan harren folk ferskûle hiene. Der folget in fjildslach, wêrby't Kotys sawat de helte fan syn min trainde leger ferliest. It is inkeld oan Herkules en syn freonen te tankjen dat de Traasjers net hielendal ûnder de foet rûn wurde en dat de oerlibbenen fan 'e Bessy úteinlik op 'e flecht dreaun wurde kinne. Neitiid keart it leger werom nei Kotys syn fêsting, dêr't Herkules-en-dy dan de tiid krije om 'e Trasyske soldaten goed te trainen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As der berjochten komme dat Resus in grut leger gearlutsen hat oan 'e foet fan 'e berch Astikus, tsjocht it leger fan Kotys, mei Sitakles en Herkules oan it haad, der op 'e nij op út. De berjochten blike wier te wêzen, hoewol't it diel oer de oanwêzigens fan sintauren yn it leger fan Resus op in kombinaasje fan minne waarnimming en byleauwe berêst. Yn 'e slach dy't folget makket it Trasyske leger, dat no goed traind is, koarte metten mei de troepen fan 'e kriichshear, ek al binne dy nûmeryk yn 'e mearderheid. As it treffen foar him op in nederlaach út liket te rinnen, riidt Resus sels nei foarren ta om Herkules út te daagjen; Herkules ferslacht him mei gemak, en Resus wurdt finzen nommen.

As it Trasyske leger yn triomf weromkeart nei de fêsting fan Kotys, wurdt Resus by de yntocht dêre troch Sitakles narre en fernedere, oant Herkules dêr in ein oan makket. As Herkules dan Resus ûnderstiet oer syn oarlochsmisdieden, byt de kriichshear him ta dat hy it net wie dy't dy oarlochsmisdieden begien hat, en dat Herkules oan 'e ferkearde kant fochten hat. Letter, as der yn it paleis fan Kotys in feestmiel oanrjochte wurdt, konfrontearret Herkules Ergenia mei de wurden fan Resus. De prinsesse jout ta dat Resus in frijheidsstrider is, dy't in opstân fan 'e befolking late tsjin it tirannike bewâld fan Kotys. Se fertelt ek dat de wiere kening fan Traasje har man silger wie, dy't troch har heit Kotys fergiftige is, en dat se inkeld meiwurket oan 'e plannen fan Kotys om't er drige hat har soan (en syn eigen pakesizzer) Arius te fermoardzjen. Ergenia hat al har hope derop fêstige dat har heit, dy't al aardich op jierren rekket, gau stjerre sil, sadat Arius kening fan Traasje wurde kin. Se smeket Herkules om 'e jonge mei te nimmen en him yn feilichheid te bringen, mar op dat stuit wurdt harren petear ûnderbrutsen troch Sitakles.

Nei't se it goud krigen hawwe dat harren ûnthjitten wie, risselwearje de hierlingen om fuort, mar Herkules kin it net goedkrije dat er sa bedragen is en dêrtroch in despoat holpen hat om in hiel keninkryk yn syn macht te krijen. Hy beslút dêrom te bliuwen en te besykjen om syn flater rjocht te setten. Al syn maten beslute him út freonskip te folgjen, wêrby't Amfiaraus fertelt dat er in fizioen hân hat dat hysels dyselde jûns noch stjerre sil troch in brânende speetse troch it hert. Inkeld Autolykus fielt der neat foar om te fjochtsjen sûnder betelle te krijen, en riidt dêrom fuort. As se it paleis ynkringe om mei Kotys ôf te weven, rinne Herkules-en-dy lykwols yn de fâle fan Sitakles en syn mannen, mei't Kotys al ree wie foar krekt sa'n reäksje as Herkules efter syn bedroch kaam. Troch dermei te driigjen om as earste Herkules syn omkesizzer Iolaus, dy't gjin kriichsman is, mei pylk-en-bôge dea te sjitten, wurde Herkules en de oaren twongen harren oer te jaan.

Yn 'e tsjerkers ûnder it paleis fan Kotys wurdt Herkules mei tsjûke keatlings om 'e polzen oan 'e rotsen fêstklonken, wylst syn maten yn sellen mei grouwe traaljes fêstsetten wurde. Kotys komt del om him oer Herkules syn belies te ferlustigjen, en ta Herkules syn ferbjustering is kening Eurysteus fan Atene by him. Eurysteus blykt ûnder ien tekken te skûljen mei Kotys. No't er mient dat Herkules ûnskealik makke is en mei koarten eksekutearre wurde sil, bringt er út dat er Herkules bedwelmje litten hat doe't dy de lêste kear yn Atene wie, wêrnei't er syn frou Megara en syn trije bern deadzje litten hat troch in trijetal úthongere wolven, dy't er as húsdieren hâldt, op harren los te litten. De trije wolven ferklearje Herkules syn hallusinaasjes oer de trijekoppige hellehûn Serberus. Eurysteus syn motyf om soks te dwaan, wie, sa fertelt er, dat Herkules himsels mei syn oerwinnings yn 'e striid yn Atene populêrder makke hie as Eurysteus sels, en dat er boppedat gjin ambysjes hie, sadat Eurysteus him net manipulearje koe. Ek koed er him net deadzje, mei't er dan in martelder fan him meitsje soe. Dêrom besleat er om Herkules syn namme sa besmodzgjen, dat it nea wer goedkomme koe.

Underwilens hat Kotys syn dochter Ergenia nei de tsjerker ta slepe litten, nei't Sitakles har beskuldige hat fan gearspanning mei Herkules. Kotys jout opdracht om har daliks te eksekutearjen, en wylst Ergenia fêstset wurdt yn in guillotine-eftich gefal, flokt se har heit mei útset lûd út. Bedutsen troch it leven dat de prinsesse makket, flústeret de sjenner Amfiaraus Herkules oanhâldend ta dat er yn himsels leauwe moat. Is er net Herkules? De soan fan Seus? Soe de soan fan Seus tsjinholden wurde kinne troch in pear keatlinkjes? Yn in fertoan fan boppeminsklike krêft skuort Herkules dan de ferankerings fan 'e keatlings út 'e rots en rêdt Ergenia fan 'e dea. Erysteus stjoert syn wolven op him ôf, mar Herkules deadet de ferskuorrende bisten mei de bleate hân. Underwilens befrijt Ergenia Herkules syn maten en de kriichshear Resus. Op syn wei út 'e tsjerkers plôket Herkules achteleas noch eefkes de brânende spear út 'e loft dy't Amfiaraus deadzje moatten hie. Hy efterfolget Erysteus nei de troanseal, dêr't er him op 'e troan deastekt mei in dagge troch it hert. Fuort dêrnei wurdt er fan efteren oanfallen troch Sitakles, dy't him oer it mad komt en him sa op in hier nei om hals bringe kin, mar dat is bûten Iolaus rekkene, dy't syn omke folge is en Sitakles deastekt ear't er Herkules fierder tenei komme kin.

Herkules-en-dy en Resus en Ergenia fjochtsje harren in wei nei bûten ta, mar op it binnenplak fan it paleis stiet Kotys syn hiele leger opsteld. Kotys brûkt boppedat de jonge Arius as gizelder, dat it liket derop dat Herkules-en-dy harren op 'e nij oerjaan moatte. Op dat stuit ferskynt lykwols Autolykus wer op it toaniel, dy't weromkommen is, en dy't de bewekkers fan 'e jonge prins ombringt mei syn werpmessen. Dêrop springt Tydeus foarút om Arius te rêden fan 'e stoarm fan pylken dy't op befel fan Kotys op him ôfsketten wurdt. Tydeus slagget yn syn opset, mar rekket sels fataal ferwûne. Wylst syn maten in efterhoedegefjocht fiere, draacht Herkules Tydeus nei it heechste punt fan it paleiskompleks, dêr't in tsien meter heech stânbyld fan 'e goadinne Heara stiet. As de soldaten fan Kotys harren posysje bestoarmje, skuort Herkules, op 'e nij mei boppeminsklike krêft, it stânbyld los fan syn sokkel, en smyt it om, boppe op 'e fijân. De reuseftige holle fan 'e goadinne tommelet by de treppens del en tepletteret Kotys wylst er yn 'e efterhoede syn soldaten stiet oan te fiterjen. De oerlibjende Trasyske soldaten sjogge Herkules boppe-oan de treppens stean wylst it swurk belûkt en wjerljochtslaggen, it teken fan Seus, efter him troch de loft geane. Dêrop smite se harren wapens del en falle op 'e knibbels, en Arius beklimt de troan mei syn mem Ergenia oan syn side.

Under de ôftiteling beprakkesearret Amfiaraus lûdop hoe't er sa mis wêze kinnen hat mei it fizioen oer syn eigen dea, dy't skynber tsjinkeard is troch Herkules, oant er op datseldichste stuit deaslein wurdt troch de wjerljocht. Dêrnei folget in animearre werfertelling fan 'e Tolve Wurken, wêryn't út 'e doeken dien wurdt hoe't Herkules dy mei de help fan syn freonen foltôge hat sûnder dat der wat boppenatuerliks oan te pas kaam.

Dwayne Johnson.
Ian McShane.
John Hurt.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Herkules (eins Hearakles) Dwayne Johnson
Amfiaraus de sjenner Ian McShane
Autolykus Rufus Sewell
kening Kotys fan Traasje John Hurt


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Iolaus Reece Ritchie
Tydeus de barbaar Aksel Hennie
Atalanta de amazône Ingrid Bolsø Berdal
prinsesse Ergenia fan Traasje Rebecca Ferguson
kening Eurysteus fan Atene Joseph Fiennes
generaal Sitakles Peter Mullan
kriichshear Resus Tobias Santelmann
prins Arius fan Traasje Isaac Andrews
Megara Irina Shayk
Fineus Joe Anderson
Stefanos Steve Peacocke
Antimache Barbara Palvin
stamhaad fan 'e Bessy Ian Whyte
Gryza, oanfierder fan 'e Masedoanyske seerôvers Christopher Fairbank
Trasyske boal Robert Maillet

Hercules waard regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Ryan J. Condal en Evan Spiliotopoulos dat basearre wie op 'e grafyske roman Hercules: The Thracian Wars, fan striptekener Steve Moore. As filmprodusinten wiene by de film belutsen Ratner sels, Barry Levine en Beau Flynn foar de studio's Flynn Picture Company en Radical Studios. Der wie in budget fan $100 miljoen foar de film beskikber, dy't op lokaasje yn Hongarije opnommen waard. Haadrolspiler Dwayne Johnson rette him op 'e titelrol ta troch (nei eigen sizzen) acht moannen lang te trainen sa't er noch nea earder traind hie, wylst er ûnder de opnamen in healjier lang as "in segrinige mûnts" op himsels wenne yn Boedapest. De kamerarezjy waard fierd troch Dante Spinotti, wylst Fernando Velázquez de filmmuzyk fersoarge. Hercules waard distribuëarre troch Paramount Pictures en Metro-Goldwyn-Mayer en gie op 25 july 2014 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre. Op 4 novimber 2014 waard de film útbrocht op dvd en blu-ray.

Hercules ûntfong mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar oer it algemien wie men fan miening dat de film in oangename ferrassing wie. Yn it tydskrift Variety skreau Scott Foundas: "It is in swiid opfierde, tige fermaaklike, âlderwetske aventoerefilm, dy't wat docht dat gjin inkele oare Herkules-film ea dien hat: hy bringt de mytyske soan fan Seus werom ta minsklike proporsjes (of alteast sa minsklik as mar kin as er spile wurdt troch Dwayne Johnson)."

Elizabeth Weitzman fan 'e New York Daily News skreau: "[De film] is fermaaklik, hat in heech tempo en sit smoarfol mei ferbjusterjende aksje. De effekten binne ymposant, mar it grutste effekt is it ûnbidich krêftige uterlik fan stjer Dwayne Johnson, dat perfekt by it personaazje [fan Herkules] past […]." Ek skreau se: "As Johnson foar it earst ferskynt, draacht er in [holdeksel makke fan in] liuwekop en in wapenrok sa koart as in muldoek. It feit dat er der yn sokke klean net healwiis útsjocht, set de toan foar de rest fan 'e film."

Yn The Washington Post wie John DeFore minder sjarmearre fan Hercules. Neffens him faalde de film ienfâldichwei yn it eksploitearjen fan syn wichtichste helpboarnen: "in amusante, refizjonistyske werjefte fan 'e mytologyske sterke man, en it garisma fan Dwayne 'The Rock' Johnson." Filmkritikus James Berardinelli wie noch hurder foar de film, dy't er "in oansjenlike losse flodder mei in grut budget" neamde, en "in fisueel drokke, mar emosjoneel deade ûndernimming dy't de sjogger wurch makket mei kompjûtergenerearre special effects dêr't gjin ein oan komt, en ûnderwilens gjin greintsje nijsgjirrigens biedt."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Hercules in ridlik goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 117 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hercules hat Brett Ratner efter de kamera's en Dwayne Johnson yn in muldoek – en leveret persiis wat in ridlik tinkend persoan fan dy omskriuwing ferwachtsje kinne soe." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Hercules in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 25 resinsjes.

Hercules brocht yn 'e bioskopen wrâldwiid $244,8 miljoen op, wat, ôfset tsjin it budget fan $100 miljoen, delkomt op in winst fan krapoan $145 miljoen. Haadrolspiler Dwayne Johnson waard foar syn rol fan Herkules nominearre foar in Teen Choice Award yn 'e kategory favorite simmerfilmstjer.

Striptekener Steve Moore, waans namme troch de filmprodusinten brûkt waard foar de promoasje fan Hercules, makke neffens in fraachpetear mei syn freon, de skriuwer Alan Moore (gjin famylje), foar syn dea dúdlik dat er neat mear mei de film te krijen hawwe woe. It kaam derop del dat Steve Moore by de tiid lâns ferskate ferzjes ûndertekenje moatten hie fan it kontrakt mei filmstudio Radical Studios wêrmei't er de filmrjochten op syn grafyske roman Hercules: The Thracian Wars ferkocht hie. Hy ferkearde ûnder de yndruk dat er yn elts gefal $15.000 betelle krije soe, al hoe min oft de film it ek dwaan mocht. Mar neitiid die bliken dat yn 'e lêste ferzje fan it kontrakt de klausule oer syn betelling weilitten wie, sûnder dat er dêr foar syn ûndertekening opmerksum op makke wie, sadat er oanspraak meitsje koe op gjin reade sint.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.