Easterspoarwei
Easterspoarwei Amsterdam - Sutfen | |
---|---|
Totale lingte | 105,7 km |
Spoarwiidte | normaalspoar 1435 mm |
Oanlein troch | HIJSM |
Iepene Amsterdam - Amersfoart: 10 juny 1874 Amersfoart - Sutfen: 15 maaie 1876 | |
hjoeddeistige status | in gebrûk |
Elektrifisearre Amsterdam - Amersfoart: 1946 Amersfoart - Apeldoarn: 1951 Apeldoarn - Sutfen: nee Amsterdam Sintraal - Watergraafsmeer: 1952 | |
Tal spoaren Amsterdam Sintraal - Watergraafsmeer: 4 Watergraafsmeer - Apeldoarn: 2 Apeldoarn - Sutfen: 1 | |
Baanfakfaasje Amsterdam - Gaasperdammerweg: 130 km/o Gaasperdammerweg - Weesp: 140 km/o Weesp - Apeldoarn: 130 Apeldoarn - Sutfen: 100 km/o | |
Befeiliging | |
Treintsjinst troch Amsterdam - Apeldoarn: NS Apeldoarn - Sutfen: Arriva | |
Trajekt | |
De Easterspoarwei is de spoarline fan Amsterdam nei it easten fan Nederlân. De line waard oanlein troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM) en rint fan Amsterdam Sintraal fia Hilfertsom, Amersfoart Sintraal en Apeldoarn nei Sutfen.
It trajekt Amsterdam - Amersfoart wurdt ek wol de Goailine neamd, yn de gemeente Barneveld stiet de Easterspoarwei ek bekend as it Hollânske spoar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tiid dat de spoarweimaatskippijen noch mei-inoar konkurrearren, besleat de HIJSM in eigen spoarline tusken de haadstêd en it Dútske Ruhrgebiet oan te lizzen, as alternatyf op de Rhijnspoarwei fan de NRS.
De spoarline waard yn twa fazen iepene:
Datum | Trajekt | Tuskenstasjons |
---|---|---|
10 juny 1874 | Amsterdam - Amersfoart | Amsterdam Muiderpoarte, Amsterdam Science Park, Diemen, Weesp, Naarden-Bussum, Bussum Súd, Hilfertsom Media Park, Hilfertsom, Baarn |
15 maaie 1876 | Amersfoart - Sutfen | Hoevelaken, Apeldoarn, Apeldoarn De Maten, Klarenbeek, Voorst-Empe |
Yn Apeldoarn waard yn 1887 ek in ôftakking oanlein dy't streekrjocht nei Paleis Het Loo rûn; de saneamde Looline (ek wol Paleisspoarline of Keningsline neamd). Fan Sutfen ôf soarge de Nederlandsch-Westfaalsche Spoorweg-Maatschappij foar de oanlis fan de spoarline nei Dútslân. It trajekt nei Winterswyk kaam yn 1878 ree. It spoar nei it Dútske Borken waard úteinlik yn 1880 yn gebrûk naam. Dêrmei hie de âldste spoarweimaatskippij fan Nederlân in eigen spoarweiferbining mei it Dútske Ruhrgebiet. De nije ferbining wie yn it begjin benammen fan belang foar it ferfier fan koalen.
Yn 1874 waard ek de sydtûke fan Hilfertsom nei Utert Maliebaan en Utert Lunetten iepene. Sadwaande krige de HIJSM, njonken de goed 30 jier âldere Rhijnspoarwei, ek in eigen spoarferbining tusken Amsterdam en Utert.
De Easterspoarwei begûn earst yn it tydlike stasjon Amsterdam Oosterdok. Dat stasjon lei eastlik fan de Easterdokstrochgong. Yn 1879 baarnde it stasjon Oosterdok ôf. Dêrnei waard de yn 1878 oanleine ferbiningsbaan tusken de stasjons Oosterdok en stasjon Amsterdam Westerdok, dêr't de HIJSM-treinen nei Haarlim en Saandam harren begjinpunt hiene, ek foar reizgersferfier brûkt en krigen de treinen fan de Easterspoarwei, Amsterdam Westerdok ek as begjin- en einpunt. Tsien jier letter kaam it nije Sintraal Stasjon ree.
Stasjons en gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 17 stasjons: (kursyf: earder stasjon)
Stasjon | Iepene | Hjoeddeistich gebou | |
---|---|---|---|
Amsterdam Sintraal | 1889 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Cuypers | |
Amsterdam Oosterdok | 1874 | Gjin, gebou ferlern gien troch brân yn 1879, stasjon sletten yn 1879 | |
Kattenburgerbrêge | 1882 | Gjin, stasjon sletten yn 1897 | |
Sint Anthoniedijk | 1882 | Gjin, stasjon sletten yn 1896 | |
Amsterdam Muiderpoarte | 1896 | 1939, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling | |
Amsterdam Science Park | 2009 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan KCAP Architects&Planners | |
Diemen | 1882 | Gjin, gebou sloopt yn 2021 | |
Oerwei by de Diemen lâns | 1882 | Gjin, stasjon sletten yn 1914 | |
Weesp | 1874 | 1967, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Douma | |
Keverdijksche Weg | 1874 | Gjin, stasjon sletten yn 1930 | |
Naarden-Bussum | 1874 | 1925, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling | |
Heerenstraat | 1895 | Gjin, stasjon sletten yn 1914 | |
Bussum Súd | 1966 | 1e gebou, standerttype Sextant | |
Grintweg | 1874 | Gjin, stasjon sletten yn 1915 | |
Kraailooschenweg | 1881 | Gjin, stasjon sletten yn 1907 | |
Hilfertsom Media Park | 1974 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Douma | |
Hilfertsom | 1874 | 1992, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Belkum | |
Zwarte Weg | 1874 | Gjin, stasjon sletten yn 1898 | |
Baarn | 1874 | 1e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Gendt. | |
Groote Melmweg | 1892 | Gjin, stasjon sletten yn 1898 | |
Amersfoart Oanslúting | 1889 | Gjin, stasjon sletten yn 1901 | |
Amersfoart Sintraal | 1901 | 1997, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt van Belkum. | |
Lytse Koppel | 1905 | Gjin, stasjon sletten yn 1938 | |
Bloemendaalsche Weg | 1901 | Gjin, stasjon sletten yn 1905 | |
Hoevelaken | 2012 | 1e gebou, unyk ûntwerp | |
Terschuur | 1888 | Gjin, stasjon sletten yn 1931 | |
Barneveld-Voorthuizen | 1876 | Gjin, stasjon sletten yn 1938 | |
Stroe | 1881 | Gjin, gebou sloopt yn 1970, stasjon sletten yn 1937 | |
Kootwijk | 1902 | Gjin, stasjon sletten yn 1934 | |
Assel | 1876 | Gjin, gebou sloopt yn 1972, stasjon sletten yn 1935 | |
Apeldoarn | 1876 | 1e gebou, unyk ûntwerp | |
Apeldoarn De Maten | 2006 | Gjin | |
Klarenbeek | 1882 | Gjin, gebou sloopt yn 1996 | |
Voorst-Empe | 1876 | Gjin, gebou sloopt yn 1946 | |
Hoven | 1882 | Gjin, stasjon sletten yn 1946 | |
Sutfen | 1865 | 1952, 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt Schelling. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|