Springe nei ynhâld

Stasjon Diemen

Ut Wikipedy
Stasjon Diemen
station Diemen
Stasjon Diemen yn 2023
Stasjon Diemen yn 2023
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Diemen
plak Diemen
adres Dr. A.J.J. van Gemertplein 1
arsjitektuer
stasjonskoade Dmn
type Trochgongsstasjon
iepening 1 jannewaris 1882
26 maaie 1974 weriepening
sluting 1 jannewaris 1929
boujier 1978 stasjonsgebou
sloopjier 2021 stasjonsgebou
arsjitekt C. Douma
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Easterspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Diemen (Amsterdam)
Stasjon Diemen
Net te betiizjen mei Stasjon Diemen Súd.

Stasjon Diemen (Dmn) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske plak Diemen yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1882 as halte Kerklaan oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen). It stasjon waard yn 1929 sletten, mar op 26 maaie 1974 fannijs iepene, en krige doe de namme stasjon Diemen.

stasjonsgebou stasjon Diemen yn 2005

De oarspronklike halte Kerklaan hie gjin gebouwen. Hoewol't it de bedoeling is om it fannijs iepene stasjon ûnbemanne te litten, soarge it ûnferwachts hege tal reizgers derfoar dat Diemen yn 1978 dochs noch in stasjonsgebou krige, in stasjonsgebou bekend as Standerttype Sextant fan de hân fan arsjitekt Cees Douma. It stasjonsgebou fan Diemen ferdwûn ein maart 2021 wer om romte te meitsjen foar de werynrjochting fan de stasjonsomjouwing. It stasjon bestiet no allinnich noch út in tal abrys, in iepen fytsestalling mei fytsklûzen en in pear parkearplakken.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
4600 Sprinter (NS) De Haach SintraalLeien SintraalDiemenSkiphol AirportAmsterdam SloterdijkAmsterdam SintraalWeespAlmere SintrumAlmere BûtenLelystêd SintrumSwol Ryd alline yn de jûnsoeren en it wykein ek fan en nei Den Haach Sintraal. Troch de wike is it ein en begjinpunt Leiden Sintraal.
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstSchothorstAmersfoart SintraalHilfertsomWeespDiemenAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: