Stasjon Dieren

Ut Wikipedy
Stasjon Dieren
station Dieren
Stasjon Dieren yn 2012
Stasjon Dieren yn 2012
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Rheden
plak Dieren
adres Stationsplein 5
arsjitektuer
stasjonskoade Dr
iepening 2 febrewaris 1865
boujier 1862 1e stasjonsgebou
1903 Perrongebou
arsjitekt 1862
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1975
C. Douma
2e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 0275/196
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 3
spoarline Steatsline A
Dieren - Apeldoarn
3607 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Dieren (Gelderlân)
Stasjon Dieren

Stasjon Dieren (Dr) is in spoarweistasjon yn it Nederlânske doarp Dieren yn de provinsje Gelderlân. En waard iepene yn 1865 oan de Steatsline A (Arnhim Sintraal - Ljouwert).

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oarspronklike spoarweistasjon fan Dieren wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS fiifde Klasse, boud yn de jierren sechtich fan de 19e iuw, en wie ien fan de achtentritich stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud wie. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode. Yn 1914 krige it middenpart der in ferdjipping by. Mar doe wie it gebou eins al net mear yn gebrûk as stasjonsgebou.

Yn 1887 it Spoar fan Dieren nei Apeldoarn iepene en yn 1902 wie en de Steatspoarwegen by it stasjonsgebou fan de KNLS ynlútsen wie. Dit gebou boud yn 1886 wie in Standertype KNLS 2e klasse. Stie oan de oare kant fan it spoar as it eardere gebou fan de steatsspoarwegen.

Yn 1903 waard it stasjon útwreide mei in perrongebou en in gruttere oerkapping. Yn septimber 1944 binne sawol it eardere stasjonsgebou fan de steatspoarwegen as it stasjonsgebou fan de KNLS ferlern gien by in bombardemint. Sûnt die tiid wurd it perrongebou brûkt as stasjonsgebou.

Yn 2017 krige it stasjon in fuotgongersbrêge dy't in eardere tunnel ferfong en liften sadat it stasjon tagonklik waard foar reizgers mei in rolstoel.

Spoar nei Apeldoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1972 is it spoar fan Dieren nei Apeldoarn slúten. Fan 1975 ôf krige it spoar in nije funkje fan museumspoarline. It trajekt wurdt eksplotearre troch de VSM. Foar dit museumspoar is der oan de noardkant fan it stasjon in ekstra perron.

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
3600 Intercity (NS) RoosendaalBredaTilburgDe BoskNimwegenArnhim SintraalDierenSutfenDimterSwol In healoeretsjinst
7600 Sprinter (NS) WijchenNimwegenArnhim SintraalDierenSutfen In healoeretsjinst ried nei 20:00 en op snein net tusken Wijchen en Nimwegen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: