Stasjon Naarden-Bussum
Stasjon Naarden-Bussum station Naarden-Bussum | ||
Stasjon Naarden-Bussum yn 1981 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Goaiske Marren | |
plak | Bussum | |
adres | Stationsweg 3c | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Ndb | |
iepening | 10 juny 1874 | |
boujier | 1872 1e stasjonsgebou 1925 2e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1914 1e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1872 Arsjitekt ûnbekent 1e stasjonsgebou 1925 H.G.J. Schelling 2e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 2 | |
spoarline | Easterspoarwei | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Naarden-Bussum (Ndb) is in spoarstasjon yn de Nederlânske stêd Bussum, yn de gemeente Goaiske Marren yn de provinsje Noard-Hollân. It waard iepene yn 1874 oan de Easterspoarwei (Amsterdam Sintraal - Sutfen).
Gebou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike spoarstasjon fan Naarden-Bussum wie in grut gebou fan itselde ûntwerp as Weesp. It hege gebou hat in middenpart mei oan beide siden in wat nei foaren steand eingebou. It symmetryske gebou biedt romte oan de ferskate stasjonsfoarsjenningen wêrûnder in grutte restauraasje. Boppedat binne yn it stasjonsgebou mar leafst trije wenningen foar spoarwei-personiel. Oan de kant fan it perron en de rjochter sydgevel komt in perronkape. yn 1883 waard it stasjonsgebiet útwreide mei in tramstasjon foar de Tramwei Bussum - Huizen. It earste stasjonsgebou waard ôfbrutsen yn 1914.
As gefolch fan materiaal krapte troch de Earste Wrâldkriich komt it nije stasjonsgebou pas yn 1925 ree. It nije gebou is fan de hân fan arsjitekt Schelling.
It strakke asymmetryske gebou hat parten yn ferskillende hichten en allinnich platte dakken. Ek de ferskate oanbouwen binne yn deselde styl útfierd. Wylst de lange lege linker fleugel mei fytsestalling tsjin it sydperron oanboud is, is de hegeare rjochterfleugel dy't benammen foar opslach fan fracht yn gebrûk is, om it doetiidske hinne tramstasjon situearre. Hjirtroch hat it gebou in Z-foarmige plattegrûn. It bakstiennen gebou hat allinnich mar rjochte foarmen en gjin inkelde bûgde line. Yn stee fan in healrûn finster dat desennialang de yngongen fan de gruttere stasjonsgebouwen markearret, krige Naarden-Bussum in grut fjouwerkant finster mei 36 fjouwerkante rútsjes. Om ruten en doarren hinne binne ôfwikende mitselferbannen tapast.
Nei it sluten fan 'e tramwei yn 1958 bliuwe yn it stasjonsgebiet de spoaren, perrons en oerkaping bewarre. Yn de simmer fan 2019 is it terrein fan Naarden-Bussum sadanich sanearre dat mar twa spoaren oerbliuwe en it brede eilânperron in gewoan perron wurden is. De haadyngong is nei de westkant fan it middenpart fan it stasjonsgebou ferpleatst sadat alle reizgers gebrûk meitsje fan deselde yngong.[1][2][3]
Treinferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Searje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
4900 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Hilfertsom – Naarden-Bussum – Almere Sintrum | Stoppet net op Hollandsche Rading, Hilfertsom Media Park en Bussum Súd. Rydt yn 'e betide moarn, jûns nei 20:00 en yn it wykein as 14900. |
14900 | Sprinter (NS) | Almere Sintrum – Naarden-Bussum – Hilfertsom – Utert-Sintraal | Rydt allinne jûns en yn it wykein. Stoppet net op Bussum Súd en Hilfertsom Media Park. Wurdt troch de wike oerdeis riden troch searje 4900. |
5700 | Sprinter (NS) | Utert-Sintraal – Hilfertsom – Naarden-Bussum – Weesp – Amsterdam Súd – Skiphol Airport – Hoofddorp | |
5800 | Sprinter (NS) | Amersfoart Vathorst – Schothorst – Amersfoart Sintraal – Hilfertsom – Naarden-Bussum – Weesp – Amsterdam Sintraal – Amsterdam Sloterdijk – Skiphol Airport – Hoofddorp | Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|