Springe nei ynhâld

Stasjon Bussum Súd

Ut Wikipedy
Stasjon Bussum Súd
station Bussum Zuid
Stasjon Bussum Súd yn 1989
Stasjon Bussum Súd yn 1989
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Goaiske Marren
plak Bussum
adres Struikheiweg 5
arsjitektuer
stasjonskoade Bsm
type Trochgongsstasjon
iepening 22 maaie 1966
boujier 1870
arsjitekt Cees Douma
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 2
spoarline Easterspoarwei
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Bussum Súd (Noard-Hollân)
Stasjon Bussum Súd

Stasjon Bussum Súd (Bsm) is in stasjon yn de Nederlânske plak Bussum (gemeente Goaiske Marren) yn de provinsje Noard-Hollân. It stasjon is in Standerttype Sextant en is ien fan de sechstjin stasjons dy 't ea yn fan dit type boud is; in santjinde Sextant wie in busstasjon. Stasjon Bussum Súd is ien fan de fiif stasjons fan dit type dat noch oanwêzich is.

1e fuotgongers brêge stasjon Bussum Súd yn 2006
2e fuotgongers brêge stasjon Bussum Súd yn 2015

It stasjonsgebou kaam yn 1870 ree, fjouwer jier nei't it stasjon op 22 maaie 1966 iepene wie foar treinreizgers. De Sextant fan Bussum Súd is fan de fiif oerbleaune gebouwen fan it standerttype it meast yn de orizjinele steat bewarre en makket dêrom diel út fan de Kolleksje Bysûndere stasjonsgebouwen yn Nederlân. It stasjonsgebou is sadwaande erkend as weardefol ûnderdiel fan de Nederlânske stasjonsarsjitektuer.

Foar de ferbining tusken beide perrons is in ienfâldige fuotgongersbrêge delset. Op it neistlizzende stasjon Hilfertsom Media Park en dat fan Putten komt yn dy perioade in ferlykbere brêge. Yn jannewaris 2015 waard der in nije brêge boud. It bouwurk is foar in grut part fan hout en glês. De nije brêge hat neist treppen ek liften sadat it stasjon tagonklik is foar reizgers mei in rolstoel. Under de treppen is in wachtromte. Goed in heal jier nei de pleatsing fan de nije brêge waard de âlde fuotgongersbrêge fuorthelle.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
5700 Sprinter (NS) Utert-SintraalHilfertsomBussum SúdWeespAmsterdam SúdSkiphol AirportHoofddorp
5800 Sprinter (NS) Amersfoart VathorstSchothorstAmersfoart SintraalHilfertsomBussum SúdWeespAmsterdam SintraalAmsterdam SloterdijkSkiphol AirportHoofddorp Ryd allinnich yn 'e betide moarnsoeren, yn 'e spits en yn it wykein troch fan Amsterdam Sintraal nei Hoofddorp.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: