Springe nei ynhâld

Standerttype Sextant

Ut Wikipedy
Stasjon Delft Súd

It Standerttype Sextant is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren sechstich en santich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1968 boud.

C. Douma wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. De oarspronklike namme wie nei de foarm zeskant, mar dit waard gewoanwei ta Sextant ferbastere. It gebou befette in loket, in tsjinstromte en in wachtromte yn de perioade dat it tsjinst die as stasjonsgebou. Yn totaal waarden der sechstjin sextanten foar de NS boud. In santjinde sexstant waard as busstasjon boud foar Westnederland op it Stasjonsplein yn Delft. De geboukes waarden fan 1968 oant 1979 op in tal plakken yn Nederlân boud, foar in part ta ferfanging fan besteande âlde stasjonsgebouwen en diels as stasjonsgebou by in nij iepene foarstêdsstasjon.

Fan de santjin sextanten binne der fiif bewarre bleaun, dy't allegear in oare funksje krigen hawwe, of bûten gebrûk binne. De ôfbrutsen geboukes ferdwûnen nei't keazen wie foar in ûnbemanne stasjon mei in kaartsjeautomaat, of omdat it tal reizgers sa tanaam dat ferfanging troch in grutter stasjonsgebou needsaaklik achte waard.

Stasjons fan it type Sextant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tal boud: 17, tal noch oanwêzich: 5.

Stasjon boud Opmerkingen
Haren 1968 wachtromte
Rotterdam Alexander 1968 Yn 1983 ôfbrutsen
Utert Overvecht 1968 Yn 1995 ôfbrutsen
Tilburch West 1969
Vlaardingen West 1969 Yn 2006 ôfbrutsen
Voorschoten 1969 Yn 1992 ôfbrutsen
Busstasjon Delft 1970 Yn 2006 ôfbrutsen
Bussum Súd 1970 Yn gebrûk as Kiosk
Delft Súd 1970 Yn 2006 ôfbrutsen
Doardt Súd 1970 Yn 2001 ôfbrutsen
Maassluis West 1970 Yn 2007 ôfbrutsen
Eindhoven Beukenlaan 1971 Yn gebrûk as Snackbar
Beek-Elsloo 1975 Yn gebrûk as ytgelegeheid
Susteren 1975 Yn gebrûk as winkel
Geleen-Lutterade 1976 Yn 2006 ôfbrutsen
Diemen 1978 Yn 2021 ôfbrutsen
Nimwegen Heyendaal 1979 Yn 2000 ôfbrutsen